har Memmen. Mar dy oare bern hawwe ús der nea mei pleage.
Us Mem die alles yn 'e hûs: hja paste op ús, forsoarge de lytsten, kuijere mei ús, lies ús foar, holp ús Heit - hwerfor wit ik net, mar hja holp him. Wy hiene gjin faem en gjin naeister en ek net in arbeidster. Us Heit die it tún. Us tún wie mar lyts, mar wy founen it great: der wie in sânbak, en blommen, in fiverke mei in stek fan hinnegaes der om hinne en twa goudfisken deryn. Der wie in apelbeam, dy't altyd bloeide en bakken fol apels levere en in parrebeam, dêr't nea hwat oan siet, al bloeide er dat it sahwat die, elk jier opnij.
Miskien wiene wy wol smoarryk, mar wy libben as earme minsken: wy gongen nea op reis; wy libben as hiel earme minsken: wy gongen nea útfanhûs. Allinne ús Mem gong mei fakânsje - yn Juny, stéfêst, de earst wike yn Juny en juffer Jel die dan de húshâlding. Yn it lêst fan Maeije biseach ús Mem greate papieren oer frjemde lannen, frege papieren oan, stjûrde papieren fuort en spraette greate papieren út op 'e keamerstafel en soms oer 'e flier. Hja lei der dan op 'e knibbels by, en makke oantekens yn in great boek. Hja telefonearre rounom en waerd rounom wei opbelle. Dan pakte hja har koffers yn, greate grize koffers, mei slotten en kaeijen derop. Hja kocht nije klean en gong nei de kapper.
De ien en tritichste Maeije naem hja ôfskied fan ús, brocht ús op bêd en frege oft wy leaf wêze soene, leaf foar Heit, leaf foar elkoar, net tsiere - de âldsten moasten de wiisten wêze - leaf foar juffer Jel. De oare moarns wie hja fuort - dan siet juffer Jel by de tafel op Memme plak, dan wie ús Mem op reis en bleau in wike fuort.
Us Mem stjûrde ús nea in ansichtkaert, mar ús Heit krige soms moarns in brief. Dan die er ús de groetenis, joech ús allegearre in tútsje-op-'e-foarholle-fan-Mem, en sei dat it bêst mei har wie.
En ús Mem, die ien en tritichste Maeije teach hja mei koffers, tassen en al nei boppen ta, de trije treppens op, nei har keammerke: har hotel. Fan it tôgjen kaem hja biswit en wurch oan - as hie hja in lange reis makke. Hja naem in bad, en kroep dan op har dounzen bêd.
Dy oare moarns bigoun hja to skriuwen by it blanke taffeltsje en hja skreau oer 'e fiere lannen - dreamerich sil hja sjoen hawwe troch it greate glês, seach de blauwe