E.B. Folkertsma:
Leed en lok fan 'e Fryske skriuwer.
II
Hwat de Fryske skriuwer ek net mei hat, is syn folk. Hwant oer it algemien hat dat folk gjin greate literaire bilangstelling, en likemin in bisûnder literaire oanliz. Dêrmei is net yn striid, dat it hiel hwat ôflêst, navenant mear as forskate oare folken. It komt der mar op oan, hwàt der lêzen wurdt, en hoe. En dan moatte wy fêststelle, dat gâns in diel fan itjinge Friezen lêze ûntwikkelingslektuer is: reisforhalen, biskriuwingen fan lannen en folken, biskriuwingen fan útfiningen en ûntdekkingen op allerhanne terrein, libbensbiskriuwingen, histoaryske wurken, yn 't algemien min of mear popularisearre en romantisearre wittenskip. Allikemin moatte wy ûnderskatte, hoefolle ús folk, foaral yn rjochtse formiddens, net oan stichtlike lektuer lêst: godstsjinstige boeken, sedekundige wurken, kristlike forhalen mei in learende, in warskôgjende of in tsjûgjende strekking, yn 't algemien min of mear popularisearre en romantisearre dogmatyk, ethyk of mystyk.
By sokke lektuer, sawol de stichtlike as de ûntwikkeljende, kin fansels wurk wêze, en is ek wurk, dat oan ridlike literaire easken foldocht, yn sa'n graed sels, dat it mei reden en rjocht ta de bellettristyske literatuer rekkene wurdt. Lykwols, it iene sa min as it oare lêst de greate macht om syn literaire kwaliteiten mooglik. Binne dy der net by, de mannichte fan 'e lêzers hat der gjin lêst fan; is it oarsom, hja leaut it wol. Mei soksoarte wurk is it de Friezen oer 't generael net to rêdden om literatuer, mar óf om ûntwikkeling óf om stichting.
Hwant sterk is de driuw ta ûntwikkeling yn Fryslân. Us folk hat greate honger en toarst nei kennis - net allinne forsafier 't it dêrtroch foarútkomme kin yn 'e wrâld en opgong meitsje yn 'e maetskippij, mar likegoed om 'e kennis sels of einliken om har foarming. Hwat wy typysk learen neame, stiet to uzes heech oanskreaun, likefolle of't it op skoalle of al lêzende bart. Learen en lêzen steane foar ús bigryp yn nau forbân. Ut boeken wolle wy wizer wurde, dat wol yn 'e mûle fan it folk sizze: kennis, wittenskip opdwaen. Dat in boek de lêzer dwazer of dommer meitsje kinne soe, en mei dat al dochs moai wêze, is gjin Frysk