De Tsjerne. Jaargang 9
(1954)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 310]
| |
[pagina 311]
| |
simmer
de goaden rinne fan de olympus ôf
nei de goadinnen yn parys
grien en wyt en blau stean
venus en athene foar it moadehûs
alle wite bloeses binne transparant
en de eifeltuorren gapje nei de boarsten
de sinne smyt syn junydei
krekt noch by de huzen lâns
de hiele stêd wurdt tûzendielich
in tûzendielich swimpak
alle wite bloeses binne transparant
en de eifeltuorren gapje nei de boarsten
|
|