As bygelyks de blynberne man syn eagen wasket yn it wetter fan Siloam en foar it earst yn syn libben sjocht, biskriuwt Van Houten syn freugde en oandwaning treflik:
‘O God fan Israël, it wie sa, hy koe sjen. Hy seach oer it spegeljend wetter, nei de dûnkere rotsen, nei de wite huzen fan Jeruzalem, nei de timpel, dy't fan goud en marmer blonk, en nei de blauwe loft, dy't oer alles hinne bôge. Hy dronk alles yn, foarmen en kleuren en sunich neamde er de namme fan al dy dingen, dy't er al lang witten en noch nea sjoen hie; hy tocht oan Adam yn it paradys, dy't de dieren nammen joech.’
Dit is bêst en dit wie genôch. De skriuwer lykwols hâldt net op en brekt de spanning mei der smout oan ta to heakjen:
‘Hwat haw ik hwat mist, tocht er, mar dat wie net goed, sokke g'edachten; it wie ûntankber....’
As de magistraten fan Filippi Paulus en Silas de stêd útbringe, tinke de boargers: as dy Joaden oanstriid krije mochten ta greatskens, dan wiene der altyd dy iepene rêggen noch ‘en dat jûke net’.
Dit populair Frysk idioom falt út de sfear fan it drama.
Slimmer is it kommentaer by de died fan de soldaet, dy't de krusige Hear in spûns mei jittik tastekt op in hysopstâl:
‘Der hie it ek sûnder kinnen, mar hy woe net de kâns rinne, dat dy kruseling, yn syn wanhoop, him yn 'e fingers biet....’
De kunst fan it skrassen, dat wit elke skriuwer, dêr is in minskelibben noch to koart foar om dy folslein to learen, mar sa'n hookstrookse koartsluting yn it styl- en sfearbigryp sjocht men by immen fan Van Houten syn formaet dochs effen forheard fan op.
It sprekt fansels, dat de forteller, by figueren as Kajafas en Judas it net litte kin en jow in foege analyse fan har persoan en motiven. Neffens myn bitinken hat fan Van Houten dy wol hwat al to rjochtlinich hâlden.
Foar dizze inkele biswieren steane lykwols safolle goede eigenskippen oer, dat ik tankber bin foar dit boek. Yn 't algemien wurdt it Evangeelje hjir yn earbiedige en bisiele tael forteld en wit-hoe-faek wit de skriuwer mei in inkele sin in aksint to lizzen en in sfear to skeppen, dy't fan fisionnair talint tsjûgje.
As Jozef de hoeders, dy't oanbidden hawwe, der útlitten hat: