De Tsjerne. Jaargang 9
(1954)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 300]
| |
II
De wil ta greatens oan it folk to jaen,
Sloech God oer Fryslân kein de himelbôge.
It folk bigriep it net, it bodde as boer.
En it wie nearzichheit, al dat men skôge.
| |
III
Sjoch 'k foar mysels gjin takomst mear omdat
Foar Fryslân ik gjin ink'le takomst sjoch,
Of is it krekt oarsom? Hwa kringt
Sa djip yn myn healslachtich dûnker troch?
| |
IV
Hja seine: - 't Is in biis; bitrou him net;
Hy is slij nei drank, op oarmans froulju set;
Hy hat in meepske siel'. Mar, hear my, robbers:
Hy stiet foar Fryslân mei syn hiele hert.
| |
V
O, lid fan in greate kongsi
Fan Rome of Moskou to wêzen.
O krús, allinne op 'e planken
Omspane, forlette Fries....
|
|