treasteleaze liet, it libben yn al inger, sletten, gliidt, rêst, deade-stil, yn 't selde ritme sliepend stjerre sil, dript, stille strjitte, kastanjes, springt bleat, mocht sa, siele útlichems hoalling sjitte, iepenboarste: rigel 7 bliuwt der dus frij fan en praktysk rigel 12 ek, krekt rigels dy't emosioneel tige ûnrêstich binne, resp. fol fan binearing, en healoptein. It fers tilt sadwaende op fan lûd-forbiningen dy't meast wol - hoewol ûnbiwust - de assosiaesje mei it wurd stil fêsthâlde moatte. Dit forheget net allinne de liturgyske sfear - ek de evenredichheit fan it fers. De beide earste rigels is dat lêste hiel klear yn: de lûden fan stille moarn, minst en stim, wurden mei gâns klam, binne oerhearskjend en suggerearje rêst en tagelyk in biheindens; boppedat wurde de dûnkere lûden fan moarn, troch en lâns, dy't noch djipte suggerearje, fan oerhearskjend tinne lûden smoard en stadich útdreaun:
in stille moarn en net it minst biwegen
en net in stim dy troch de dize giet
allinne dript, út beammen lâns de wegen,....
de rêst wurdt àl greater, mar it wurdt net folslein stil: allinne (in kear! ek log'ysk sjoen!) dri-p-t de dize (de p suggerearret dat lûd), en dat soks monotoan harket, blykt út de fjirde rigele:
yn 't giele leaf it treasteleaze liet
(de folge-klammer lea-ea-lea omspand fan de kear iel-lie); de l suggerearret hjir - lykas meast - dampens; de lûden fan leaf en treasteleas lykje it wurd deade-stil al oan to kundigjen. En it libben (noch in ‘kear’ op stil) ebbet de rêst yn (de e's meitsje it proses wol ‘unheimlich’), en it ‘yn al inger rounte sletten’ krijt in neare en suggestyf allitterearjende echo yn ‘it bange bounzjen fan ús herten’.
De ou's, de iennichste dûnkere oäzen yn dit koupiet, jowe tusken in smite tinne lûden yn it ynderlike djippe (it hert) yn binearing treflik oan; de a (bange) suggerearret freze en twivel, en de h (herten) docht tinken oan in eang hymjen. It ritme fan dat bounzjen stiet muzikael ek werjown:
yn 't selde ritme sliepend stjerre sil
en:
yn 't selde ritme sliepend stjerre sil
(suver folslein symmetryske patroanen).