De Tsjerne. Jaargang 9(1954)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 289] [p. 289] [Nummer 10] Marten Sikkema: It unfolslein forline. Foar Paulus Folkertsma. Hwa't reizget fan de stêdden nei de stêdden, Op alle hoeken hat er twiivlich stien: Yn parken groeide 't grien en foelen blêdden, Hy seach de minsken en hy seach net ien. Mar op in nacht, as lytse stjerren skine Oer jonkheits pleinen, fynt yn wide fal Fan skaed en ljocht it ûnfolslein forline Ungrypber, ûnforsteanber, doch jit stal. *** Yn blauwe moarntiid leit de mar to blinken, In hege reager fart fan lân ta lân, Dou hâldst it roer mei rêstich-wisse hân, Mar 'k sjoch de ûnrêst yn dyn eagen winken. Ik haw de riemen helle, oant allinken Us boat yn ljochte hoarizon fordwoun. Doe einlings hawwe wy inoarren foun En spoun de dei ús yn mei klokkeklinken. *** Dan spielt de simmersinne oer de hagen, De blommen stoarje slûgjend nei it ljocht. Us mûle hat gjin inkeld wurd mear socht: Nou slomje alle tinzen, alle fragen. [pagina 290] [p. 290] Sa rêste wy, dêrt sels gjin fûgels roppe Oer in forglêze wrâld, en dêr't de tiid Forglydt yn romten, like blau en wiid, Krekt oft gjin bloed mear troch dit swijen kloppe. *** Mank huzerigen, fan 'e dei forlitten, Sizet in flearmûs, longerjend op bút. De skimer wiske 't leaflik lânskip út. Sa swalkje wy wer del yn kleau fan strjitten. Op echopleinen falle ûnbiskamme Us trêdden hjoed noch gear, mar 'k wit foargoed Dy stille freon, en net fan fleis en bloed, Wer njonken ús - en twivel is syn namme. *** It tsjuster hat de hiele stêd oerroun, Mar yn it lampljocht sitt' wy, tear as bern, To harkjen: fier fan ús flewielen hern Is 't frjemd gedraef fan treinen wer bigoun. It liet fan luten troch de stille joun Lûkt spoaren om ús holle, wylst men tinkt Oan hiel âld boartersguod, in hân dyt winkt, In dierber brief, forlern en nea mear foun. *** [pagina 291] [p. 291] De rop fan bisten ûnder leaden loften Draecht oer it nachtfjild, wûnderlike klear. Ik hear dyn sike brekken oan myn ear, Stil oer de stilte fan de nachtgeroften. Sa lizze wy dêr iensum, koele kannen, Forfrjemde fan 'e dream, oer koele lea. Sa reizgje wy nei 't libben of de dea By rop fan bisten oer de lije lannen. *** De neinacht hoedet tryst syn lampen, De wyn bliest drôvich op 'e hoarn. De wrâld forstjert yn feale dampen, It minskdom is al lang forstoarn. Mar nou sil sinne kim ûntwine En bringt in nije ierde yn toai. Slim ûnfolslein bliuwt elk forline Mar lokjend-frjemd is 't hjoed - en moai! [pagina 292] [p. 292] Met amorfose. Nei nachtlike eskaders, doe't it dage, Forskyndest rank en sprankijend bûtendoar - En fan de hege driging bleau gjin spoar - To glimkjen omt gjin skaed ús mear bilage. En stadich, stadich waerden lûden wei, De skreau fan sleinen en de fal fan dakken, It knisterjen fan fjûrwurk oer barakken; En sels de swiere stream fan stienguod swei Djip foar dyn fuottjen: wûnderlik fortoan, Sa waerd de straf ynienen ta genede, Hwant yn de stilte fan de nije frede Kaemst as in blanke profetes my oan. De fûgels dreaune wiid, de blommen flammen, Wy fregen nei gjin juster mear of hjoed. - Doe hommels sloech it lok ús troch it bloed En joegen wy inoarren nije nammen. Vorige Volgende