efter dy toanbank stean gyng? Bist wol wizer. Dêr haw ik wol in mantsje foar. Fakmanskip is to keap, jong’.
‘Hast fan it steatseksamen ôfsjoen?’
‘Ik bin lokkich wizer wurden. Ik moat gjin sylbeage en gjin systeem. Ik sil op myn eigen manear ta de boarnen fan de wittenskip trochkringe....’
Mei in rûzige holle roun ik dy jouns nei de trein. Altyd hienen wy sein dat Hearke in bytsje gek wie en oan syn praet fan dizze joun soe 'k sizze dat er it in soad wie en dochs, dochs, syn hûs wie hwat oars as in keamer mei in gong. In ynrjochting en oanklaeijing' om der stil fan to wurden. Hy wie in útjowerij bigoun en hie in winkelhûs hierd. Soenen wy him faeks altyd forkeard bioardiele ha? As ik myn eigen boargerlik baentsje neist it ûndernimmen fan sines sette, moast ik my skamje.
Mooglik wie it ek allegear net wier. Dêr treastge ik my oan, om net alhiel by Hearke wei to fallen.
Der gyng in fearnsjier foarby, doe krig'e ik in mânske kaert (mei de hân skept papier), it wie in útnoeging om de iepening by to wenjen fan de boekhannel: ‘De atoombom’. Dat wie dat. In deimannich letter waerd yn de advertinsjerubryk fan in tydskrift oankundige: ‘Utkommen: It riedsel fan de siel, fan Harry Appelman. Utjowerij Socrates’. Ek dat noch. In skoft siet ik mei dat krantsje foar my en tocht oan it riedsel dat Hearke wie. Wy moasten ús alleg'ear op him forsjoen ha.
Op 'en ûnforwachtst roun ik tsjin Hearke oan, dy't út in folksweintsje stapte ‘....drok jong, drok. By nacht en by dei bin 'k yn 't spier. Ik sit it hiele lân troch’.
‘Hoe giet it mei 't boek?’
‘Goed, ja forsafier der yn dizze forrotte mienskip noch hwat goed gean kin. Dû moatst ek net miene dat it in foardrachteboekje is. Hjir moatte tinkers oer gear.’ ‘Ik haw der noch net in skôging fan sjoen yn in krante of ding.’ Hy glimke lyk as yndertiid tsjin de learaers. ‘Dêr silst ek nea hwat fan sjen. Hjir doare hja net tsjin oan. Noch helte minder doare hja it hjir mei iens to wêzen, dan binne hja sels wei. Ik sil dy in eksimplaer stjûre. Nou moat ik fuort, ik wurd fan alle kanten dreaun.’
Dêr gounze er hinne yn it platte grize weintsje. Hearke. Fan alle kanten dreaun, hwa wit hwat greate dingen men noch fan him forwachtsje koe.
It earste birjocht dat ik wer fan him lies wie twa moanne