Krityk yn 't koart:
Losser fan it prosede.
Geart Jonkman: LI FU EN OARE FORHALEN.
Drukkerij Laverman N.V., Drachten 1954.
Geart Jonkman bisjocht it libben al sa leaf net fan de sinnichste kant, hwat foar in dynamysk persoan lyk as hy oars faeks wol hwat bjusterbaerlik hjitte mei. Of is dy hiele dynamyk oars neat as in flecht foar réaliteiten, dy't er fierders yn syn fersen en proaza fan him ôfskriuwt? De ynhâld fan de fiif forhalen, dy't er ûnder boppesteande titel as nûmer trije fan de Reiddomp-rige 1953 publisearre hat, komt hjir op del: in gefal fan selsmoard, twa bychten fan finzenen, in gefal fan sabeare-waensin en in forhael oer in skyndeade dy't meihelpt fortsjustering fan kasjild út to bringen.
Geefst is it titelforhael Li Fu. It giet oer de forhâldingen fan trije manlju ta ien frouminske, dy't harsels troch de siele-yntriges dêr't se yn wei rekket, to koart docht. Bihindich om 'e hoeke wurdt hjir in situaesje mear oantsjut as djip útarbeide, mar dat oantsjutten is genôch om de hiele trageedzje foar de lêzer op to roppen. Allinne de hwat melodramatyske einrigels binne neat to goed slagge.
Yn twa gefallen, nammentlik yn 'e forhalen Stopjern en De Trijehoek is de tognidzjende wurking biskreaun dy't in forkearde skoalmaster op in learling hawwe kin. Hja geane beide fan in jowne situaesje út - de haedpersoan sit yn it tichthús en eidet syn libben oer -, en komme jin foar in fortelling oan as de gearstalde en forwrongen kant neist, binammen Stopjern. Dêr is to folle materiael forarbeide, dat it forhael wurdt fan gefolgen hwat kopswier en it majeur-thema (in Dostojewski-eftige bifrijing fan in maetskiplik wrakstik troch de leafde fan in frou) rekket dêrtroch yn 'e knipe. It oertsjûget net, om't it thema by alle somberens sa hwat sydlingswei to witten dien wurdt.
It prosédé, útgean fan in biskate situaesje dêr't de haedpersoanen yn forkeare en dan fierderop útlizze hoe't hja yn dat labaret rekke binne, komt men gauris yn dizze forhalen tsjin. Sadwaende is dat einliks gjin fortellen sasear, mar earder in soarte fan tobekskôgjen en soks keart de spontanens, dy't nei myn sin it skaeimerk heart to wêzen fan in goed forhael, min ofte mear op. En dochs wit Jonkman dêr bytiden wol in spesiael effekt mei to birikken, lyk as yn It is mar 'n Stap, dêr't mei in soarte grimmitige humor yn biskreaun wurdt hoe't immen troch al to ryklik brûken fan in sliepmiddel amperoan yn Frjentsjer tolânne komt.
De Dea fan 'e Kassier forhellet fan in man dy't, mei't er him oerwrotten hat, yn de tastân fan skyndea rekke is en yn dizze steat meimakket dat de kassier fan in boerelienbank de kas rûpelet. It is spannend biskreaun en op it lêst wurdt de kweadogger noch justjes snipt.
Jonkman liket graech oer dramatyske effekten to meijen. Hwatte ynbannigens fan ditoangeande soe syn wurk forfêst op heger plan bringe kinne. Yn dizze bundel hat er ommers it biwiis levere, dat er wol hwat yn 'e marse hat. Hy soe ek alle war dwaen mei syn koart forhael boppe it statysk karakter, dêr't it genre yn it Frysk