folk, dat minder doel en mear wille hie, mar men wit der neat fan, en inkeld in frijmoedige fantasije kin dêr in byld fan tekenje dat krekt of net krekt, min of mear bifredigjend wurdt.
Douwe Kalma hat it folk litten foar hwat it wie en it by de kening'en socht. It twadde diel fan syn ‘Keningen fan Fryslân, fiif toanielstikken yn fersen’ (Fa. J. Kamminga, Dokkum) set hjiryn de tradysje fan it earste diel troch. It earste stik draecht de namme fan Leafwyn, it twadde dat fan Redbad, mar it is de lêste, hwaens greate figuer alles oerskadet.
It is net tafallich, dat Kalma him sa ynmoedich op dizze greate nammen smiten hat. Hjir wie it mooglik, de hearsker en de strider op syn hichte to hâlden, him los to sjen fan it lytsminsklike en folksaerdige.
Kalma hat yn dit stik de folle mjitte jown net inkeld oan Redbad, mar ek oan syn tsjinstanners. Troch dizze toanielen rint it bisef fan in tragyk, dy't jimmer wer filosofysk forantwurde en formulearre wurdt, folle mear as dat er har dramatysk útbyldet.
Alles giet foarby, stelsels en goaden; foar Foste hawwe der oare goaden west, frjemd en wyld, en foar harren hearsken inkeld de Nornen; en nei Foste sil mooglik Kristus komme; it laech, dat nou de goadebylden brekt, sil miskien ienkear oanskôgje hoe't in letter laech de krúsbylden togruzelet. Mar ‘it folk’ oerlibbet dat allegearre, en dêrom is trou, trou oan it folk, it heechste dêr't in kening foar en út libje kin.
It wol my min oan, dat de histoaryske Redbad sa'n filosofysk relativist west hat. Dizze stikken sykhelje, nettsjinsteande har heidensk dékor, yn in loft fan moderne biskaving, swier fan gâns litteratuer en filosofy. Men soe sizze kinne dat hja dit dan mien hawwe mei de stikken fan Shakespeare; mar Shakespeare lit de dingen mear fan siden sizze en wit yn syn byfig'ueren rûger eftergrounen to jaen, sadat de foarmen fan de spylders better ôftekene komme to stean. In King Lear, in Macbeth en syn lady, it binne minsken, primityf en elemintair, en krekt dêryn oanslutend by de minske fan nou, dy't it protokol fan de âlde keningen forgetten is, mar har earsucht en har wredens bikent as syn eigen.
Kalma syn keningen binne alderearst symboalen, fortsjinwurdigers fan in bigjinsel of in idé, ientoanich fan gevens, nytgjend fan humaniteit.