| |
| |
| |
Tonia Vondeling:
Frijheit, myn okkebyld.
Sânnich is dyn namme my yn 'e mûle. Like wjerstribbich bliuwt de klank derfan my op 'e lippen hingjen as it sân yn 'e mûle fan in bern, as it yn 'e drokte op it strân syn mem kwytrekke is en him g'ûlend foaroer falle litten hat. Mei elke skreau om syn mem komt der aloan mear sân yn dy net to sêdzjen, fortrietige mûle.
Sa liz ik der hjir mar hwat hinne en ûngeduldich to wêzen. Lizze moat ik. Hwat sil ik dwaen? Printsjebisjen, de godgânske dei printsjebisjen, rêste, neatdwaen? Hwat sil ik oars as roppe om dy, Martsen? Bin ik net as in bern dat him iensum fielt en him grouwélich forfeelt? Dou tinkst dat ik dy pleagje, dat ik mei sin sa lestich bin om dy to narjen. Wie 't mar sa, mar ik ha my fêstbiten yn dy en nou wol de klank fan dyn namme net wer by my wei. As sân is er, Martsen, as sân.
Witst noch, hoe't wy dy alderearste kear al oer frijheit praetten? Nei dat ûngemak ha 'k my nea wer alhiel fit field. 'k Wie miskien to bang om âld to wurden, om âld to wêzen, bang foar it forliezen fan myn frijheit. Hwant dy siet ús heech, ús, âld-jeugdbiwegers. Dou ornearrest, dat bigryp wie sa hearlik bitreklik, dat ik miende al it einlings by dy fine to sillen.
Joasyn en ik hiene der altyd wakker oer redendield en striden. Mar doe't wy einlings offisieel by-inoar wei wiene, joech my dat net iens mear it gefoel dat ik nou myn frijheit werom krige hie. As ik by dy oer ‘frij’ praette, swijdestou altyd. Dou glimkeste allinne hwat en ik praette en praette mar. Dyn eagen foaral hiene my yn 'e bisnijing. It wiene net dy foar my al to bikende kleare, earlike, dy't sa bitrousum nei jin opsjen kinne. Hja wiene waerm, tocht my, en dyn hier fielde sa sêft ast it foar my losdieste. Dyn eag'en seach ik dan net mear, hwant nettsjinsteande it meilydsume ljocht fan 'e skimerlampe, makket loshingjend hier in frou, dêr't it jongste ôf is, altyd âldsk, Martsen. It makket de trekkens skerper en doe't ik ienkear dy delhingjende tear om dyn mûle sjoen hie, skroefde ik tonei hastich de lampe los, bang my to barnen. Bang my to barnen, Martsen, hwant tink ris ta, nea haw ik sels de spjelden út dyn wronge
| |
| |
helle, bang my to barnen, bang, datst myn holle nei dy ta helje soeste en lit him fordwale yn dyn swietrokich bosk.
Fordwale! Martsen, ik bin al fordwaeld. Jow my ‘Der Weg Zurück’, ik wol werom. Hwer bliuwt dat boek nou? Hwerom hast it my noch net brocht? Ik haw dy dochs sein datst it foar my opskarrelje moaste? Frege? Hjitten, Martsen, hjitten!
O, is 't wer sa, is 't wer net goed foar my? Bin ik wer to swak? Hâld dan dyn foto-album ek mar. Dêr, dêr hast it nei de kop, dyn kop mei it sêfte hier. Medusa! Slange! Och heden, nou is der in fotoke lossketten. Lit lizze, dat is mines, ik kin der noch krekt by.
Bist ta de keamer útgien? Moaisa, tank-je-wol, hear, tank-je-wol. Dou tinkst fêst dat ik sa it bêste bidarje. Ik ha my al bidarre. It hat dochs g'jin sin. Ik bin ynein, dea-ynein. Fuort mar, fuort mar, fuort mar! Lit my bileaven ris in skoft allinne mei mysels en lit my myn prakkesaesjes oer doe! Dou bist goed foar my, Martsen, binearjende goed, sânnich goed, dat ik bin op 't lêst wiis mei myn lilke opstigings en narderich doch ik war se oan to fjurjen, hwant dan giestou eintsjebislút de keamer út.
Nou sjochstou net, hè, hoe't ik mei dy foto yn 'e hannen sit en der op om tútsje, Martsen, der op om tútsje, en 't is net iens om dy to hunen. Dêr sitte wy tusken de bûnt ynleine moarmeren balústers mei ús fuotten yn it forline to bingeljen, Joasyn en ik. Jawis, doe wer Joasyn. Hwat wie se bliid dat 'k dat healwize ûngemak yn 'e bergen oerlibbe hie. Hja wie apart hommels nei Itaelje kommen, om my myn frijheit werom to jaen, like 't wol. Kammeraet Joasyn! Doe wer Joasyntsje, dêr yn dat stille kleasterhôf, dêr't yn in hoeke in fontein oan ien wei stie to núnderjen en to reauntsjen. De koelens fan it wetter hie it moarmer dêr blanker litten, lyk as it deunbywêzen fan 'e dea Joasyn wer ta Joasyntsje makke hie. Ik hie 't gefoel, dat ik mei de fuotten al oer de drompel west hie, mar dat der in stien of sa lein hie, dêr't ik oer stroffele wie en dat 'k sa wer werom yn it libben fallen wie.
'k Hie in hiel set as in bern om Joasyntsje lein to roppen en to gûlen. De Mem-Oerste fan 't sikehûs fortelde ús letter hoe'n muoite it koste hie der efter to kommen hwa't ik dochs miende. Hja hiene myn dwylforhalen en de nammen dy't se op 'e brieven en dingen yn myn portefeuille foun hiene trochinoar hinne grienmanke, krekt as 't mozayk
| |
| |
hjirre, dat yn in dûbelde kronkel om 'e kliene balústers omheech draeit, glânzgjend as de pauwefearren dêr't de ingelen har wjokken ornaris mei forsiere. En dy wetterlute dêrsa spilet mar troch. Har ienlûdich poenen bitsjoent opnij myn earen. Troch de gleone sinne, dêr't wy yn it kleasterhôf de wyk foar spile hiene, gloeiden de sinia's en de fioelieren sa waerm en mei sa'n oerdiedigen kleurerykdom, dat de warberste frouljushannen hiene net yn steat west sa'n pronk en pracht mei to jaen oan de plechtichste hillig'e misse, dy't ea troch louter biskoppen en kardinalen opdroegen is. Gjin frouljusbeuzigens kin dy kleuren.... Martsen, Martsen, kom hjir, kom op slach hjir. Nim dyn wurk mei. Op slach komme, Martsen. Gean wer nêst my sitten. Borduerje, breidzje of naei, mar kom nêst my to sitten. Hwant dyn hannen, Martsen, dyn warbere hannen, dyn feardichheit, Martsen, om út neat eat to meitsjen, dy hawwe 't my ek dien. 't Wie in lust út to rêsten by dyn genifel, Martsen, hwannear't ik skjinynein en alhiel útmolken by dy thúskaem.
Feitlik wiene Joasyn en ik al lang by inoar wei. Har foarse aktiviteit, ik koe der net mear oer. En altyd hie se wer nije forhalen, nije plannen. Hat se ek noch net jierren foar de klasse stien, sels doe't wy Béa al hiene? Nou ja, 't moast yn 't earstoan wol, oars hiene wy der net komme kinnen. Mar hja die it dochs mar, ek doe't it winlik net mear hoegde.
Letter, doe 'k der einlings wíé en 'k foar de saek faek op reis moast, kaem ik noch mar komselden thús. Hwat my earst sa yn har oanlutsen hie, joech my op in dûr frijhwat argewaesje. Ik krige by har faek it gefoel as libbe ik yn in kouwe. Miskien hiene wy ek tofolle fan inoar, Joasyn en ik. Hja wie, tinkt my, to earlik, to folle jeugdbiweging, to idéalistysk en forpofte it de frou to wêzen dêr't elke man him sa graech troch bidonderje lit. Hja woe sa sterk de earlike kammeraet wêze, dat se op 't lêst it 'k-wit-net-hwat, dat de man bikoart, foargoed forlern hie.
O né, dou net, Martsen, dou wier net. Mar dou witst tò goed datst it yn dy hast en it brûke moatst, wolstou in man bine en by dy hâlde.
Dat ik, man, doe net bigrepen hawn ha, hwat it kletsende wetter dêr yn dat kleasterhôf oan Joasyn to fortellen hie, sadat hja stil bilytse en Joasyntsje waerd. Dat ik net de ûnwennigens preaun ha yn 'e thé, dy't se dêr yn 't lân fan 'e
| |
| |
kofje- en wyndrinkers foar my delsette. Doe haw ik allinne mar de goedmienende kammeraetskip yn har lûd heard en net de klank fan de âlder wurdende frou, dy't der nei longeret tog'earre ris útrêste to kinnen, dy't de gefoelens út ús och sa griene jeugdleafde, jeugdbiwegingsleafde, projektearre op in like sereen foarstelde âlderdom fan minsken, fan hwa't de hertstochten noch sliepten doe't se inoar metten. En dy't, útwoeksen en útinoarskuord yn in drok libben, dòchs op inoar wachtsje soene as it libben de hoeke omsloech.
'k Ha it net bigrepen hawn, Martsen. 't Soe dy net oerkommen wêze. 't Hie dy glêdder ôfgien my dat yn 't forstân to krijen, mar dou bist ek gjin kammeraet, mar in frou. Dou redenearrest net, mar wachtest en sjochst en.... slachst ta. Sa bistou, Martsen.
Grauwerige, snauwerige, bazige Joasyn. Hat dat flamjen op dyn selsstannichheit dochs in protesthâlding west, omdatst hiel djip yn dysels eins leaver earlik in frou wêze woest as in earlike kammeraet?
O Joasyntsje, nou bigryp ik pas dat skitterjen yn dyn eagen, en dy tút, doe't ik dy sa mar ris in bûntjas presint joech, omdatst mei dyn dochter harres mei gefallichheit oan 't passen wieste.
Martsen, ik wit dat ik dy argewaesje jow en dêrom mei ik graech opswetse oer oare froulju. Ik hâld fan froulju, Martsen, en ik haetsje se. Yn myn wanhopig'e leafde fan net âld wurde wolle bigoun de stilte, dy't 'k by dy foun to sjongen as de fontein hjir op 'e foto. ‘Us’ wie in gefjocht tsjin de tiid, Martsen, in gefljocht tsjin de stroffelstien dêrt ik ienris oer fallen wie, de forkearde kant oer, werom it libben yn, werom yn 'e ûnrêst, werom yn 'e ûnfrijheit.
Dêrom, Martsen, wol ik net bisykje dy op myn kant to krijen, mei dy to redendielen, lyk as ik it foarhinne mei Joasyntsje die en mei de oaren. Dat wie dom, krekt sa dom as om dy 't foto-album nei de kop to smiten. Dou hast der nota bene sels dy foto's ynplakt. Fordomd leaf fan dy. Ja, krij 't nou mar op. Né, dy is lossketten, dy krigest net, dy hâld ik. Myn Joasyntsje. Ik sil net wer by dy werom komme kinne. Dou hoechst der wier net oer yn to sitten, Martsen, al libje ik noch wol in hoartsje fuort, ik sil net wer skiede, safolle ha 'k net mear om by to setten.
Dou stomme kleasterfontein, nou wit ik it pas, nou pas, fan in printsje moast ik it leare. Nou pas wit ik ek, hoe fyn
| |
| |
ynlein dou biste, Martsen, hoe frou. Noch hear ik it wettergeklets yn myn earen, mar al stoareagjende forglydt it byld yn 'e ljochtflikkeringen dy't de sinne oer de rivier hinne smyt. Hjir, bergje dy foto dochs mar op. Dou hast ús hûs wol goed útsocht. 't Altyd trochrinnende wetter soe de ûnrêst fan immen dy't troch syn wurk eftersitten wurdt wol meinimme, tocht dy. Hwant sterker as alles is de bân mei myn wurk, Martsen, dat hastou goed ret. In frou wie foar my altyd ûntspanning, gjin spanning, grif gjin doel, gjin rêstpunt, gjin efterg'roun, gjin sin, gjin gesin. Heilgymnastyk en massaezje, Martsen, mear net. Kom ik dy nou tige op 't sear? Dou silst 't my fêst net sizze, omdatst de kunst forstiest in man to boeijen, to binen. Ja bine, Martsen, hwant myn frijheit, dy't ik tsjin Joasyn sa wanhopich fordigene, dêr't ik it bistean fan biwize woe mei en troch al dy oaren, dy ha 'k by dy, Martsen, foargoed forlern. Ynienen wiestou gjin ûntspanning mear, mar in hûs, in frou, in oarehelte. In oarehelte, Martsen, soe men jin net forropje fan 't laitsjen? 't Waerd in echt houlik. O, Joasyntsje, myn kammeraet. Ik bin troud!
Mar as it heal kin, dan wurd ik wer better. As ik it efkes yn 'e macht krij, bigjin ik wer. Dou skodhollest soarchsum, Martsen, dou hiest nei dy earste attaque sa graech wollen, dat ik nou einlings ris egoïst wurde soe, en net mear oan 'e saek tinke, allinne mar oan mysels. Ik bin egoïst, Martsen, hwant de saek dat bin ik, Martsen, en it wie wûndermoai by dy wei to rinnen.
Mar foar de twadde kear stroffele ik en wer de forkearde kant oer. Ik bin sa vitael, sizze de dokters.
Dêr liz ik nou mei de mûle fol sân om myn memke to roppen. Kom hjir, Martsen, jow my in hân. O Joasyntsje, hoe great moat myn eangst foar de iensumheit west hawwe, dat ik dy alwer net bigriep, doest my fregest: ‘Moat ik dy nou lokwinskje?’ En 'k hie der noch sá op stien it dysels to fortellen, dat fan Martsen en my, Joasyn. Nou meist my hast lokwinskje, Joasyntsje, hast. Hwant ik bin wurch, Joasyn, deaynein. Martsen!!
|
|