E.B. Folkertsma:
Leed en lok fan 'e Fryske skriuwer.
Skriuwen is gjin rjocht; wol foarrjocht. Ek foar him dy't de Fryske tael to baet nimt? Dy dochs falt it net ta, it to winnen; safolle biswieren en swierrichheden bringt it binammen foar him mei.
Hy kin der fuort al net fan bistean, al soe er ek in foech bibliotheek byinoar skriuwe. Syn artikels, boeken of bondels krije gjin genôch bileanning om der himsels, lit stean dan in húshâlding, fan to ûnderhâlden. Dêrfoar wurde hja net genôch forkocht. Relatyf, yn forhâlding ta de sleet fan literatuer yn oare talen, wol, mar dat is in meagere treast. De absolute sifers, dy't by einsluten de rekken meitsje, litte de Fryske skriuwer net ta, allinne fan 'e pin to libjen. Fan need moat hy der hwat by dwaen, en de measte of sels de bêste ûren oan hwat oars bistelle. Bihalven skriuwen, earder as skriuwen kin er buorkje, bakke, op kantoar sitte, yn skoalle stean, de streek op to hanneljen, oan kranten meiwurkje, hwat dan ek mar. Of hy moat fan himsels jild hawwe, mar hoefolle binne dat?
Dy needsaek nimt lykwols net allinne gâns tiid, mar ek in hiel stik konsintraesje. Us skriuwers hawwe en krije to min gelegenheit om it fak goed to learen, om har idéen sette en rypje to litten ta foarm, om har oan har literatuer to jaen. Hja moatte der aloan wer by wei, dat wol sizze hieltyd út, en dei oan dei de holle by oare dingen hawwe. Sa hâlde hja in bytsje tiid ta lêzen en stúdzje en nauwerneed rêst ta bisinning, en moatte it gâns fan ‘forlerne’, flechtige ûren hawwe of it nuodlikernôch op stuiten oankomme litte - hwat Friezen krekt yn 'e regel min ôfgiet. De kweade ynfloed dêrfan is dan ek suver by elkenien to fornimmen. Sawol fan foarm as fan ynhâld is in binearjend great diel fan 'e Fryske literatuer ûnryp, foarbarich of op en moaisten foarriedich wurk. It hat gjin tiid hawn om tiid to krijen, gjin rêst om stân en sté to winnen. Hwa't dat faeks net oan wol, lit dy op in distânsje, inkele jierren werom, mar ris jiergongen fan tydskriften neilêze: fan Frisia bygelyks, Tsjûgenis, de Holder en de Tsjerne.
Dat docht nammers net allinne de needsaek fan it materiële bistean. It komt ek fan 'e striid. Der wurdt elk Frysk