Oantekeningen.
It is faeks net ûngaedlik by de oersetting fan ‘The Congo’ fan Vachel Lindsay in pear oantekeningen to meitsjen.
‘The Congo’ is it titelfers fan in bondel dy't yn 1914 forskynde, ûntstien út waerme sympathy foar de neg'er en in djip ynlibjen yn har mentaliteit. It fers is in forbyld fan hwat Lindsay him foarstelde dat poëzy wêze moast: ‘Rhyme, Religion and Rag Time’. Yn in stampend rhythme jowt The Congo in rige forbyldingen út 'e skiednis fan de neger dy't earst troch it Kristendom folslein fan syn barbaersk forline forlost wurdt.
By it oersetten is bisocht sawol de ynhâld as de foarm fan it gedicht ta syn rjocht komme to litten. Om dy foarm neamt Simon Vestdijk it yn syn boek ‘De Glanzende Kiemcel’ as foarbyld fan de ‘muzikale’ dichtmjitte. Hy seit (side 60 en 61): ‘....The Congo, dat yn in soarte fan negerjazzrythme skreaun is, folslein natuerlik en as fansels, sûnder dat de lêzer fan to foaren ynljochte hoecht to wêzen om it hearre to kinnen. Dit is in tige fascinearjend gedicht, - wierliken wurdmuzyk yn de goede bitsjutting, - dat fan de dichter op syn tourné's troch Amearika op treffende wize foardroegen waerd, nei't derfan sein waerd.’
Fierder skriuwt Vestdijk noch ‘neffens it “muzikale” metrum hawwe wy hjir to meitsjen mei in 4/4 mjitte, - yn it tempo fan in mars, of fan in gavotte, - sadat eltse mjitteienheit ien fersrigel omfiemet, wylst de ôfsûnderlike wurdlidden de iene kear troch achtste maten, dan wer troch sechtjinden fortsjinwurdige wurde, en in inkelde kear ek troch kwarten.’
It liket my ta, dat it net perfoarst nedich is it metrum fan ‘The Congo’ as muzikael metrum to biskôgjen; men kin der ek in foarm fan it Germaenske heffing'sfers yn sjen. Ek kin ik it net iens wêze mei Vestdijk syn miening: ‘it mars- of jazzrythme forwetteret fierderop, wurdt minder frenetyk klopjend, - alhoewol sûnder in neidielige ynfloed to hawwen op de oare kwaliteiten fan dit heechst opmerklike gedicht’. Neffens my is der gjin sprake fan dat it rhythme nei de ein ta forwetteret, krekt oarsom, oant yn 'e lêste rigels is it der folslein. Wol gean ik akkoart mei de miening dat it gedicht noch oare kwaliteiten hat. Ien dêrfan is it lûd, dat yn 'e oersetting fansels wol oars is, mar dochs