De Tsjerne. Jaargang 9
(1954)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 265]
| |
Vachel Lindsay:
| |
[pagina 266]
| |
In âljend epos gie ûntbounGa naar margenoot+
Fan 'e moun fan 'e Kongo
Ta de moannebergen roun.
Dea is in Oaljefant,Ga naar margenoot+
Eachfjurkjend, skrikkelik,
Bilskomjend, akelik,
Bûm, stel de lytsen,
Bûm, deadzje readen,
Bûm, deadzje wyt-lju,
Hoeh, hoeh, hoeh.Ga naar margenoot+
Leopold syn geast dy wit him gjin rie
Om't er in finzene de hân ôfsnie.
Hear hoe't de divel gobbet sa grel:
Snijt him de hân ôf, yn 'e Hel.
Harkje nei de njûre proklamaesje,
Bliesd troch de hoalen fan 't boskenaesje,
Bliesd dêrt de wyt-miammel giet,
Bliesd oer it fean dêrt it miggeguod sit:
Wêz hoeden yn dyn dwaen,
Of Mombo-Jombo, god fan 'e Kongo,Ga naar margenoot+
En ek eltse oare
God tan 'e Kongo,
Mombo-Jombo sil hoe-doe-dij,
Mombo-Jombo sil hoe-doe-dij,
Mombo-Jombo sil hoe-doe-dij’.Ga naar margenoot+
| |
[pagina 267]
| |
II. Har net to underdrukken fleurichheit.
Grou-jildmakkers, mei geraes en ge-âl,
Douns'n de juba en dien'n wakker mâl,Ga naar margenoot+
En skodlaken sa: elts skodde mei.
Hja narren polysjes en hanen har nei
Mei har bûmla, bûmla, bûmla, BUM.
DOE SEACH IK HIM KRUPEN,Ga naar margenoot+
DE KONGO, TROCH IT SKAED,
BREKKEN TROCH DE BOSKEN
AS IN GOUDEN' PAED.
In neger-mearkelân wie net mear fierGa naar margenoot+
In skalde' boarne
Hwer dream wurdt wier.
De gittene state stie tsjin 'e loft,
Boppe soeijende, bloeijende beammekloft.
It ynlein finster mei dammen blonk
Fan goud, fan ivoor en fan oaljefantsbonk'.
En de ploech pûrswarten dy lake 'm slop
Om it hûswar-feintsje mei syn apekop
En it liet ek fan 't papegaei-muzyk
Dat klonk yn 'e strûken fan dat toverryk.
Doe seagen tsjoenders 't hear wer oer,
Kamen troch de doar yn har klean as fjûr -Ga naar margenoot+
Ja - lang-sturt jassen fol gouden lof
En huodden bidutsen mei ealstienstof.
En it folk op it hiem, mei gerop en jûchhei
Die doe de juba wer foar en nei,
mar de tsjoenders eingen dwers it geniet
Mei in strang kâld each en in strang kâld liet:Ga naar margenoot+
‘Mombo-Jombo sil hoe-doe dij.....’
Krekt kamen de doar út, fet as in slak,
Party cake-walkkenings yn lang read jak,
Stôk yn 'e hân, mei forlakke gloed'
En glêd' heech-huodden sa read as bloed.
En hja gien' mei froulju as flinters kwier,Ga naar margenoot+
Pikswarte fammen mei pearels yn 't hier,
Rok-seam toaid mei de bloei fan jasmyn
| |
[pagina 268]
| |
En mei oan kar ankels en fuotsjes kelyn.
En de pearkes smeulden op 't grym gegei
En hja laken tsjoen en eangstme wei.
(O, tige wie de wille dyt elts'nien hie
En sels dy toveners glimkjen die).
De cake-walk staesje sabeare kwels -
Roun doe om in koeke sa great as hjasels
Op de wize ‘Bûmla, bûmla, BUM’,
Wylst de tsjoenders taken, in tsjustere laits,
En songen doe driigjend, mank rju formeits:
‘Rin mei sin, rin mei sin,
Of Mombo-Jombo, god fan 'e KongoGa naar margenoot+
En ek eltse oare
God fan 'e Kongo,
Mombo-Jombo sil hoe-doe-dij.
Untrin, ûntrin, gean mei sin
Bûmla, bûmla, bûmla, BUM,
Bûmla, bûmla, bûmla, BUM,
Bûmla, bûmla, bûmla, BUM,
Bûmla, bûmla, bûmla
BUM’
O, tige wie de wille dy't elts' nien hieGa naar margenoot+
En sels dy toveners glimkjen die.
| |
[pagina 269]
| |
III. De hope fan har godstsjinst.
In goed âld neger nei de gloppen forfearnGa naar margenoot+
Moanne in suster om har siden klean,
Kriet om 'e bruorren har nearne om jaen,
Har loaikjen, sleaukjen, tiid fordwaen.
Sloech op 'e bibel oant er net mear koe,
Hoalle fan 't jubelnije libben doe.
Guont hien' gesichten, op 'e stoel to skrep,
Bisongen Jakob, en de gouden trep,
Elkom hie birou, folle net to min,
Om har sûnde, forkeardens en har dwerse sin,
En sloech mei it psalmboek; alles trille dûm
Fan ‘gloary, gloary, gloary’.
En ‘Bûm, bûm, BUM’.
DOE SEACH IK DE KONGO,Ga naar margenoot+
KRUPEN TROCH IT SKAED,
BREKKEN TROCH DE BOSKEN
AS IN GOUDEN' PAED.
En de loft skuorod' iepen, lyk as fyn batist
En sjoch: de Apostels mei in harnas rist -
Yn gril wyt stiel sieten hja yn 't boun
Mei har fjûrloaits dêr hwer't de Kongo roun,
En de tolv' Apostels fan har hege troan
Skodden de bosken mei har himelske droan:Ga naar margenoot+
‘Mombo-Jombo giet dea yn 'e bosken;
Nea op 'e nij sil er hoe-doe-dij,
Nea op 'e nij sil er hoe-doe-dij’.
Doe, bylâns it wetter, wol tûzen myl,
De heech' beam-bosk foel sûnder byl'.
Ingels dy koe men paedmeitsjen sjenGa naar margenoot+
Foar in kongo paradys, foar 't boartsjend bern,
Foar hil'ge stêdden en foar timpels rein,
Fuort wien' de tsjoenders, fier en hein.
| |
[pagina 270]
| |
Yn 't earder groulik boskgod biwâldGa naar margenoot+
Dêr sylden Ingels nou tûzenfâld,
Yn sulv'ren skippen mei blauwe draem
En siden' wimpels dêr't it ljocht troch kaem.
't Wie folslein foroare, 't wie in nije ierde.
Sjonge die de wyn dy't de negers liede
En sa, troch de bosk fleach 't boadskip nij: -
‘Mombo-Jombo is dea yn 'e bosken.
Nea op 'e nij sil er hoe-doe-dij
Nea op 'e nij sil er hoe-doe-dij’.Ga naar margenoot+
Forlost wie de bosk en de minsk' en it fé,
Allinne de gier dy doarst op 'e sté
Iensum, fier, by moannepôlle-top
To kriten de âlde, de Kongo-rop:
‘Mombo-Jombo sil hoe-doe-dij,Ga naar margenoot+
‘Mombo-Jombo sil hoe-doe-dij,
Mombo.... Jombo.... sil.... hoe.... doe.... dij’.
(Oersetting Jo Smit.) |
|