wie de angel, dy't sûnt yn syn flesk stiek, wol 'k mar sizze. Dêrom wied er stymsk en greatsk, mar dat haw ik letter pas bigrepen. Ik wie amper tsien jier, sa jong moast men doe al bealgje foar twa kwartsjes boppe de kost. De rûge mier sei, dat er De Jong hjitte; hy fortelde, dat hy jierren yn Dútsklân sitten hie, yn de minen, en dat elkenien him dêr wol koe. Mar nou wied er weromkomd, hy woe ris hwat oars, en hjir koene se him der net mear fan, alhoewol't er foarhinne wol in soad yn dizze omkriten tahâlden hie. Smoarch wied er ek, mar dat forwûndere net by in frijfeint, hwant hy sei dat hy gjin foarslachte en gjin neiteam hie, gjin libbene siel famylje yn de hiele wrâld.
Hy gyng nachts net yn 'e skuorre; hy hie in tinte, dêr't er yn sliepte, mar jouns kaem er earst noch by ús en fortelde allegearre nijsgjirrige dingen, dêr't ik nammers alles net fan bigriep, hwant ik wie noch mar amper tsien jier; mar hy koe ek moaije kunsten mei in mes. In grou knyft hied er, dat smiet er yn de hichte en fong it altyd wer goed op. De oaren doarsten dat net, it mocht harren net barre, yn 'e ûngetiid de hannen to bisearjen. Ek lei er de hân op in planke en stiek dan rêd mei de punt fan it mes tusken de fingers, it gyng altyd goed en somliken diene it him nei, mar tige foarsichtich. Letter yn syn tinte song er wémoedige lieten; Dútske lieten, seine se; ienris haw ik it heard, de measte kearen sliepte ik al.
De Jong, hjitte er, nei't er sei; mar wy neamden him de wylde meaner, sa'n ferske wie der ek yn dy tiid, en ik siz jimme dat jimme nea wylder meaner sjoen hawwe. Soms hied er allinne mar in broek mear oan; yn Dútsklân diene se dat allegearre, sei er, mar by ús wie it gjin wenst. De hierren hongen him om 'e kop en syn boarst wie ek rûch biwoechsen mei swart hier, en meane koed er as de bêste, dat hie hy net liigd. Fjouwer wike bleau er, doe wie Merten Sytses troch de greatste drokte hinne; hy gyng fuort mei it boadskip, dat er it oare jier weromkomme koe, mar dat er dan syn eigen seine meinimme moast en soargje der hwat himmelder út to sjen. Lykwols, de wylde meaner sei, dat as hy kaem, hy kaem lyk as hy wie; en as de boer him net ha woe, dan moast er mar in oarenien nimme. Sa lêbbich doarst oars nimmen to wêzen tsjin Merten Sytses, mar dizze De Jong wie frij man en Merten Sytses wied er treast.
De maitiids der op, doe't ik al wer in stik âlder en wizer wie en hast fan doel wie, ús heit to freegjen, my by in oare