De Tsjerne. Jaargang 9(1954)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 259] [p. 259] E.B. Folkertsma: Koartom. (V.) O dat in dichter yn it stjerren nochris sjonge mocht. *** Us is great wollen en lyts meijen jown. *** It greatste ûngelok is, hast, né amper lokkich to wêzen. *** De tiid is bêst, as wy mar bêst binne. *** Is der in hege en swide kultuer kommende weis? Né, hwant hja witte nou al fiersten to goed, dat en hoe't hja komme sil. *** Wy kristenen fan 'e tweintichste ieu leauwe noch wol oan it wûnder, mar it wûnder leaut net mear oan ús. *** Earen hiet de wierheit leagen; nou hjit hja ûnfatsoenlik. *** Dûmny's en froulju moat men op in distânsje sjen. *** Ik woe wol, dat it gjin tiid wie. *** Friezen hawwe in stiif sin, mar in swakke wil. *** Forwûnderlikst op ierde is in him forwûnderjend minske. *** Hjoed de dei binne nedich in soun hert en in great hert. *** Sa't immen is jin syn frou, sa is er ek jin God. *** Yn it ryk fan 'e wierheit binne trije sfearen: de logyske, de paradoksale, en dy fan it leauwe. *** Der is de lêste tiden to folle leafde en to min hertstocht yn Fryslân. Vorige Volgende