De Tsjerne. Jaargang 9(1954)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 257] [p. 257] [Nummer 9] Fedde Schurer: Lyts recital foar ús utjower Kamminga by syn sawntichste jierdei. Printer is men of men is it net En dizze waerd printer berne It printsjen bleau him in saek tan syn hert Oars stie dit net biskreaun yn 'e Tsjerne. En sawntjin of sawntich, hwat makket it út Der bin safolle prachtige dingen Al wurdt men fitere fan rap en rút En al spant jin de wrâld yn syn stringen Hjoed tsjocht in rige bylden foarby Yn kleuren al djipper en folder Hjoed wurde âlde nammen wer nij Ta de Moarn - Heinrich Heine - De Holder - Ja, dit hjoed is mar wif en de takomst faek swart De dichters faek dom en parmantich En de kunst is sa lang en it libben sa koart En ear't men it wit is men sawntich. De dichters dy sjonge oan ien tried wei En dy't printer berne waerd printet It útskot dat nimt wol de jiskeman mei Allinnich it bêste dat wint it. Hwa is wol net hoopfol nei Dokkum gien, Hoe mannich talint is hjir rêdden Hwant hwat Kamminga koe, dat koe net ien Yn ús atve romrofte stêdden. De foldwaning it greatst en de opbringst it lytst Siz, hat it sa altyd net west? Mar de krusing fan sakeman en artyst Is de útjower dochs op syn bêst [pagina 258] [p. 258] Ek as hy himsels ris skjin útjown hie Dat koe dochs syn wille net skeine - Lit it roazen dan hjoed lâns de Dokkumer 1e En anjelieren reine Lit Fryslâns poëten nou kundigje yn koar Dat der nea sa'n twadden bistien hat Hwant gekheit is gekheit, mar neam my ien oar Dyt syn wurk sa mei leafde dien hat. Vorige Volgende