Oant safier de publikaesje fan it Stafburo, dat dan ynienen mear yn kommersiële trant fornjjt, as earste publikaesje sil forskine in stik fan Abe Brouwer: ‘De sânduvel’, ‘skreaun nei de spannende roman ut “Frysk en Frjj”’.
Wy witte dus nou hwa't der dea is, om net to sizzen hwa't dea moatte. Piter Jelles, dy't by myn witten skraech hwat foar it toaniel skreaun hat, de brave Onno, dûmny Lútsen en de greate Canne kinne spitigernôch net wer ta it libben werombrocht wurde om ús oan geef en echt spul to helpen - nou sil Abe it dan nochris fortoane. De ‘moard’ op syn emigranten in jiermennich lyn skynt him frijhwat wreed makke to hawwen en dêrom seit er it mar planút: al dat pielen mei problemen en mei de ‘tiid’ is mar flauwekul. Net allinne de ponge fan de renommearre Fryske stikkenskriuwers hat der ûnder to lijen, mar ús hiele mienskip giet der oan! To wapen; nimmen oars as in Sânduvel - hy kin mar op 50 plakken spile wurde, dan binne de boekjes op, sa wurdt noch fornijd - kin ús út 'e nederklits helpe. De klok moat tobek, is 't dan net oant achttjinhûndert en safolle, yn elk gefal mei de âlde, Snitser tiid.
Greater blamaezje hat in Frysk skriuwer - dit yn alle earnst - himsels noch nea oandien. Dit ûnbisnoeid stikje reklame foar eigen parochy, dizze banale wrok tsjin alles hwat minder groubonkich en in bytsje intelligenter wêze wol of bisiket to wêzen as Abe Brouwer yn 'e macht hat, slacht alles hwat dizze man earder fortoand hat mei stikken. ‘De laitsjende trêdde is gjin Fries’ skriuwt de S.T.A.F. Lit my asjebleaft dy tredde man wêze - men soe der om laitsje, as it net om to gûlen wie.
P.S. Dat it Stafburo net goed Frysk staverje kin mei hinnebruije - der binne sels greate Fryske romanskriuwers dy't dat nea leare sille. Mar in toanielman moast yn elk gefal dochs witte, hoe't men it wurd ‘première’ skriuwt....
F.D.