fyën fan Fryske skriuwers ensfh. yn it forline. De rige dêr't Van Gorcum en Comp. nei de oarloch mei úteinsette soe, hat it net fierder brocht as it dieltsje fan ds Kalma oer Gerben Colmjon. Der is nou kâns, dat in soartgelikens boekje, fan Sj. van der Schaaf oer Geart Laurens van der Zwaag, destiids ek opnommen yn dy rige, nei forrin fan tiid lykwols, by in oare útjowerij, forskine sil.
Yn ‘Frysk en Frij’ is okkerdeis wiisd op it feit, dat skreaune boarnen dy't mei de stoffe leverje koene foar in biografy fan Pier Pander (nou wer ûnder de oandacht troch it nije museum) óf ûntbrekke, óf net tagonklik binne. De gemeente-architekt fan Ljouwert, ir Ch. C. van der Vlis, liket lykwols fan doel to wêzen, takomme jier in libbensbiskriuwing fan Pander to publisearjen.