gleije keamer yn. Betsje lei oan de hals ta ûnder in dracht tekkens en doe't se oerein komme soe, waerd Anders lilk, dat er raesde. Hy wie ek lilk op my, hwant ús Mem hie komme moatten. Op myn argumint, dat hja siik wie, sei er, dat ik liigde, mar dat hja net mear komme woe: It soe har sûr opbrekke!
- Gean sitten, gean sitten, rôp Betsje, har mûle boppe de tekkens wei, mar Anders hearde it net.
- Sjoch my net sa oan mei dy greate eagen fan jim Mem, sei Anders, - mienste dat ik dy net oan kin? Ik kin dy meitsje en brekke en siz mar tsjin jim Mem, dat ik har ek meitsje en brekke kin.
- Gean sitten, gean sitten, pipe Betsje wer en har skouwe eagen doarmen út 'e eachshoeken nei Anders, - ik bin net bang fan dy, sei se der efter oan, mar doe't Anders in foet nei har ta forsette, sloech se de tekkens oer de holle. Har lea skodden oft se skriemde, mar út en troch kaem it my foar, dat se lake.
Ik wie yn it finsterbank sitten gien, hwant de iennichste stoel, dêr't ús Mem altyd op siet, hie Anders omkeard yn de hoeke set.
Betsje har holle glûpte boppe it tek. - Der is wol in stoel, der is wol in stoel, rôp se. Mar doe brocht Anders de stoel bûtendoar by de houn foar it hounehok en de houn wipte der op.
Betsje sei wylst: - Anders hat hjoed de divel yn, omt jim Mem net by ús komme wol.
- Us Mem is siik, ús Mem wol wol komme, antwurde ik.
- Komt by Anders op itselde del.
- En hwerom moat ús Mem hjir altyd komme? sei ik lilk.
Doe lake Betsje har slop. - Hja moat my helpe omt ik siik bin. Hja skattere sa lûd, dat it falsk as in file troch my hinne gyng.
- Ik bin siik, mar ik wit op 't stuit net iens, hwer't ik siik bin. Ik sil it Anders daelk wol freeg'je.
- Hwer docht it Jo dan sear, Betsje? Dan witte Jo it ommers wol, sei ik.
Wer lake hja sa ûnhuer. - It docht my sear, it docht my sear, nou, hwer't Anders it ha wol en as ik tsjiniggewearje, dan knypt er my earne, dat it bloed der út spat en dat moat jim Mem dan sjen.
- Dat sil ús Mem net witte, sei ik.