| |
| |
| |
Kaj Munk:
Hearen rjochters.
It paleis fan de hegepreester to Jeruzalim.
(poetst op 'e neilen om, rint nei it finster ta, sjocht nei bûten, poetst wer de neilen op, rint nei it finster, sjocht de tafel ris oer, wer nei it finster):
Stil! Komt er dêr net oan? Klystra, meitsje my it pearelstring' fêst! dat is al wer losgien. Benaja, jow de blommen wetter! dy bigjinne al to hingjen. Kava! Kava! Hwerom hearstou neat? Einlings en to'n lêsten! Ik woe datstou.... nou is 't my troch 't sin gien, hwat ik woe. Hwerom kaemstou ek fuortynienen net? Nou, it kin ek neat skele; fuort mar wer! As ik bigryp....! Einlings! Leafste, dou! Hwat haw ik lang wachtsje moatten!
(komt op):
Fij, dat wie net aerdich fan my.
Mear as fiif tuten krigestou net.
Nim it my net kwea ôf. Mar dit is grif ek de earste kear, dat ik dy wachtsje litten haw?
It let neat om my! It is folle slimmer foar de patrizen. Dy wiene in heal ûre lyn al bret of sean of hoe't it mar hjit. Wiene der gâns ûnnoazele saekjes foar it rjocht?
Eink net. - Ik bin der op slach wer, leave.
(Of.)
(Fr. Esther forleit hwat op 'e tafel en jowt de blommen
nochris wetter. Hja njuntet en dounset sa'n bytsje.)
(komt forklaeid wer op):
Sa, nou bin ik klear.
(Hja biedt him de earm.)
Krij ik nou hielendal gjin tút, ear't wy oan tafel geane?
Wis al! Safolle as it om de patrizen lije kin.
Ei ju! hâld op, ik haw it dy al faker sein, it is sleau, sa'n tuterij sa mar ynienen. It goede sin moat der earst wêze.
(hâldt har op earmslingte fan him ôf):
Leafste! bitsj oenend as altiten.
| |
| |
Bitsjoenend foar alle ivichheit.
Sa is 't genôch. Toe mar, tútsje dan! Sille wy sitten gean?
Mar dou hiest nou ek wolris sjen kinnen dat ik dyn pearelstring omhaw.
Sjen kinnen! Dat seach ik fansels al ear't ik dy seach.
En dou hiest ek wolris de roazen sjen kinnen; dy komme út Gethsémané.
Dy binne seldsume moai, alderleafste.
Trije kear haw ik harren wetter jaen moatten om se fris to hâlden.
Hwat binne dy moai mei de drippen.
Is 't net sa? As bloed en triennen.
Bloed is net moai en triennen likemin.
Sa koart ynienen. Hast earne argewaesje fan hawn?
Absolút net, myn hertsje. En as der hwat west hie, soe ik it kwyt west hawwe by it sjen fan dy moaijens. Hwat silst joun oanha op it feest fan 'e kening?
Ja, sil ik dy ris hwat sizze, ik ha der oer tocht om de blauwe oan to dwaen, dou witst wol, de blauwe, dy't mei ploaikes en goudene pailletten bisiedde is, ik lykje deryn in biwegend firmamint. Dy stiet my bitsjoenend faei.
Seist dat, dat ik sizze sil: Neat stiet dy faei, dan is it hjir mei sein. Hwerom yn 'e goedichheit wolst dy oanha?
Om't dyn broer Chasmon dêr komt, en dy mist alle smaek. ‘Och, hwat in moaije jûpe’, grânzget er dan, ‘ei, hwat sit dy dy kreas.’ En dan stekt er twa fine giele fingers út en moat de stof bifiele.
Né; mar rounút sein, my tinkt fan dou wol.
Ik haw in ôfgrysliken wille, as er dat docht; en dan efkes nei dy loere, hoe'n lijen ast haste om der rêstich en fatsoenlik by to stean; dan kriuwelt it yn my fan wille. Mar harkris, Kajafas, nimst neat fan 'e patrizen? Om't ik dy pleagje?
| |
| |
Ik wie yn 'e prakkesaesjes wei. Fansels moat ik dyn patrizen priuwe. Ha, dit binne jonge hinnen fan de flakte; dat sjoch ik fuortdaliks. Dy sitte to goed yn it fleis om út 'e bergen komme to kinnen.
Dou moatst fiks tataeste fan al it iten en net sa sitte to prûmkjen. Hoechst net to tinken dat ik sels yn 'e koken west ha. De Phrygyske kok komt alle eare ta, dy is optheden o sa fiks.
Dou bist prûs as jongtroud wyfke.
Wês mar bliid, dat it de earste kear is, dat ik dat bin. De folgjende kearen giet der oan frissens forlern; dou hast it gelok meihawn, myn freon, datstou de earste waerdste.
Der komt gjin folgjende kear. En dou hearst ta de froulju, ta de hiel inkelde, dy't har hiele libben jongtroud wyfke bliuwe; dêr bin ik wis fan.
Moai sein. Dêr drinke wy op. Mar nimst nou ek neat fan 'e kwé-parren? Harkris, bêste freon, hwat wynt dy yn 'e holle om? Hwant der is hwat.
Absolút neat, leau dat fan my.
Kaem it fan Salmi, datst net seachste, dat ik dyn string pearels omhaw? Dan lit ik har mei de swipe oan smots slaen.
Né, dat dochst net, hwant dat soe bloedich ûnrjochtfeardich wêze. En tinkt dy ek net dat it tiid wurdt om ús to forklaeijen?
Nou moat Kajafas syn lyts wyfke fortelle hwat it is dat de hege rjochter pleage hat.
Wolst dat sa graech witte?
Hwat is it dan? Lústerje it my mar ta.
Justerjoun dronk ik hwat ryklik fan dy Cypryske wyn. Dat leit my fan 'e middei hwat swier boppe de rjochtersliep.
Dus dou kinst joun net dounsje?
De hiele nacht as it mei dy is.
Wie der hwat nijsgjirrichs foar it rjocht?
Allegearre fan dat gewoane spul. Der wie in skeel tusken de eigener fan in wynberch en in hoer, dy't lyk oer stekke woe: syn drankslij wiif foar de wynberch; hy hold út, der siet yn beide likefolle wyn; it banale part fan 'e rjochters hie der wille om.
Dan wie der noch in saekje tsjin in timmerman út Galiléa, dy t seit dat er de Messias is.
| |
| |
Hoe sit dat eink, dat in sljochtwei man der ta komme kin himsels de Messias to neamen? Is dat bidragerij of g'odstsjinstwaensin of hwat oars? - My tinkt doch dat ik joun de blauwe jurk mar net oanha moat. Sil ik mar net by de sljochte wite bliuwe, hwat tinkt dy?
Dou bist sa strieljende moai, Esther. Dêrom stiet it sljochte dy it bêste.
(tofreden suchtsjend):
Ja, ik bin moai, dat wit ik bêst. Allinne de neils kin ik net rjocht fatsoen yn krije. Nea. Nuver is dat. Der wurdt grute, dat wy ienris, tiden en tiden forlyn, fan it lân kommen binne. Soe men dat nou noch fornimme kinne? Siz, Kajafas, sa'n - sa'n Messias, hoe sjocht dy derút? Hwat de neils oangiet bygelyks? dy binne grif net forsoarge?
Oft dy it binne - dat wit ik net - ik wit eink net iens hoe't er der útseach. Dat bin ik kwyt rekke, fanwegen de yndruk, dy't er op my makke.
Hokker yndruk makke er dan? Wolbikomme, myn freon. Sil ik joun in orchidé yn it hier dwaen, hwat seist?
Siz my ris - ja, 't is in healwize fraech - siz my, leaustou yn God?
Oft ik.... Harkris - sil 'k dy ris hwat sizze? - soks praetten wy thús wier nea oer. Dou fregest as wiest in godstsjinstlearaer op skoalle. Dêr bin ik to âld foar wurden. Lit my leaver learaer wêze: Kin lytse Kajafas oereinkomme en my sizze: Leaustou yn God?
Dat wit ik net, Esther, dat wit ik wier net.
Fansels leaustou; hwat praet is my dat. Dou bist ommers hegepreester. Hwat is der hjoed mei dy to rêdden? Hwer is er ta foroardiele, dy man fan Galiléa?
Ja, hwer ha wy him ta foroardiele? Jimme heit - nim my net kwea - sette it gesicht dat ik minst fan allegearre fan him forneare kin. En myn broer, dy sloarm....
Nou, nou, nou! It is bêst mooglik, dat Chasmon in sloarm is - mar hy is ek hwat oars.
Chasmon is allinne mar in sloarm. Hy miende
| |
| |
dat it in botte grap lije koe en sei, dat it lân de hausse fan de lêste jierren yn Messiassen net forneare koe en dat er dêrom de deastraf útstelde.
Nou, en hwat soe dat? Leave tiid! Dou seist ommers dat it mar in sljochtwei boeremantsje út Galiléa wie. Hy hat dus gjin sibben, dy't har op dy wreke kinne. Hwerom nimst it dy dan sa nei? Hat er de iene of de oare oanhing efter him?
Dy is suver om derom to laitsjen. In stel hystearyske froulju, in hantsjefol mânlju, dy't yn 'e stêd net witte hoe't se har hâlde en drage moatte, mei wrede hannen, dy't stjonke nei fisk en swit, en dy't der in tael útslagge, dat it alderkomykst is. Sa g'au't se de polysje seagen, naeiden se út en lieten har lieder sitte; ien draeide noch in skoft om ús hinne, mar doe't wy him ynienen opnamen, spile er fan ruten, krekt as de oaren en swarde dat er by dit en by dat dy keardel net koe.
(klapt yn 'e hannen):
Soks dochst wier kostelik. Dou koest yn Rome wol op 'e planken.
Ja, dat wie om to laitsjen, as - as mar net -
Hy stie sa iensum, Esther, ik haw nea in minske sa iensum sjoen, nea leauwe kinnen, dat ien sa iensum wurde koe. It wie, as stiene alle filosofyske stelsels, alle wetten fan it rjocht, alle politike systemen en bûtendat alle minskesielen fan 'e hiele wrâld oan 'e iene kant en as stie hy allinne oan 'e oare, as stie hy allinne oan 'e oare kant en hie hy gelyk.
Ja - Hweryn? Hoe dan? Wit ik dat sels wol? Slacht ien dy op it lofter wang, kear him dan it rjochter ta - sa hat er leard.
Né, mar dat is dochs - dan soe ik dus, as dy lytse fodze fan in Salmi.... sa'n fyn ynleine útfynst haw ik noch nea fan heard!
Dat is wier - dat soe it wêze as ien fan uzes op it idé kommen wie om dat to sizzen. Mar sa't hy dêr yn 'e Rie foar ús forskynde, wie it my, as stie er der mei syn hiele wêzen boarch foar....
Hat in boereman út Galiléa ek al in eigen wêzen?
Ik siz dy, Esther, ik wit wier net hwa't er is.
| |
| |
It is dwaesheit, hwat er forkundiget, mar kin ek de wysheit fan it libben sels gjin dwaesheit wêze? Hy seit, dat er.. Dêrom frege ik dy oftstou yn God leauste.
Hwerom stoarrest my sa oan?
My tinkt, dou bist sa nuver. Moat ik om dy laitsje - of dy forachtsje?
Esther, ik woe sa stomme graech, datstou....
(komt op):
De hegepreester Annas.
(komt op):
Mar myn bêste bern. Noch net forklaeid foar it feest?
Jawol, heit, ik al hast, ik hoech allinne mar in oare jûpe oan to strûpen.
Ik bin op slach klear. Nim yntiid in slok, heit.
(Of.)
Mei ik it Jo klear meitsje?
Graech, bern! Sokke moaije pearels om sa'n moaije hals! Bist noch altiten lokkich, fanke?
Hoe soe dat oars kinne? In man dy't my kostlike pearels jowt, en in heit dy't hwat foar my yn 'e hân hat?
Froulju flamje op sier en pronk lyk as it skaed it sulverguod folget. Jow my de lytse finger ris.
In Eg'yptyske keninginne hat him droegen.
Dan moat it wol hiel hwat slims wêze, dêr't Jo my foar brûke moatte.
It hat neat to bitsjutten, leave. Allinnich mar foar hwat fleurich praet en douns en laits. Dêr libbet dyn âld heit op en dyn wurge man faeks ek.
Hat Kajafas syn namme net set ûnder it deafounis?
Soa, hat er dêr al mei dy oer praet. Né, hy hat syn namme net set ûnder it forsiik oer it deafounis oan 'e steedhâlder. Mar hy sil it dwaen ear't wy nei it feest fan 'e kening geane. Ik sil it fan him easkje en hy sil wegerje. Mar dou silst it him freegje, en hy sil it dwaen.
Heit, der komt in healwize fraech by my op. Leauwe Jo yn God?
Yn myn amt binne der net folle dy't dat dogge, leave, mar ik leau.
| |
| |
En hwat leauwe Jo dan sahwat fan dy God, dêr't Jo yn leauwe?
Hwat ik leau? Bygelyks dat Him tinkt, dat lytse famkes ophâlde moatte nei dingen to gripen, dy't se net rikke kinne.
Is de man, dy't Jo út 'e wei hawwe wolle, ûnskuldich?
Unskuldich? Dat wit ik net. Dêr haw ik my nea om bikroade as ik in biklage founisje moast. Unskuldich? Hoe soe ik dat witte kinne? Ik ken de noarm net foar skuld en ûnskuld. Ik bin ek mar in minske. Skuldich of ûnskuldich? Dat is my likefolle. Mar hy is in gefaer. En dêrmei út.
Hy is in gefaer foar myn God. Hy hat in betteren ien. Mar ús lytse lju mei it net barre, him to forsmiten dy't wy nou ienkear ha.
Fortel my ris hwat fan ús God en fan sines. Nou liket it spannend wurde to sillen. en mei oaren oer bern, mar mei net ien oer goaden. It
Mei guon froulju moat men prate oer pronkerije forsiik fan 'e Hege Rie moatte de hegepreesters har namme ûnder sette. Myn namme stiet hjirre. Dy fan Kajafas moat der noch by.
En as ik nouris net helpe wol om him dêr ta to krijen, wolle Jo dan de ring werom ha?
Alderearst, omdatst fan dyn âld heit hâldste.
Ik hâld ek fan myn man. Faeks bin ik it wol sêd, him altiten as Jou.... feintsje to sjen. Is it - dat kinne Jo my alteast wol sizze - is it nedich dat dy lestig'e Galiléer út 'e wei rekket?
Bygelyks omdat Kajafas it net wol. It is de earste kear dat er my yn it iepenbier stien hat. It is myn taek derfoar to soargjen dat it ek de lêste kear is.
Jo neame in reden dy't it foar my tige slim makket om Jo to helpen. As Jo gjin oare en bettere hawwe, dan doch ik it net.
| |
| |
Ik háw oare en bettere. It amt fan hegepreester is net mear in amt foar it libben. Lit ik Kajafas ôfsette, dan bistou net langer de earste frou yn it lân.
Dat bin ik nou dochs ek net?
De frou fan 'e steedhâlder is in frjemd, en dy fan 'e kening komt út Eduméa.
Jo kinne Kajafas net ôfsette.
En al koene Jo it, dan diene Jo it noch net om't er mei Jins dochter troud is.
Is it Jo tinken? Soene Jo sa min wêze kinne? Of is it neat as taktyk?
Prebearje it mar, leave, prebearje it mar, ast doarste. Dan kinst it oan 'e weet komme.
As Kajafas net langer hegepreester is....
Dan iepenet de steedhâlder it dounsfeest mei in oaren as mei dy.
Jo seine dochs earst, dat ik fan Jo hold.
En nou hatest my. Sa moat it ek wêze. De sinnen fan in frou moatte hurd foroarje. Moarn silst dus wer fan my hâlde.
Dit is om der fan to wearzgjen. As Jo my yndied driigje yn 'e forwachting', dat ik myn man yn 'e rêch oanfalle sil, hannelje Jo net as heit en net as hegepreester. Mar doch mar sa't Jo wolle, ik sil Jo sjen litte, dat ik my net bang meitsje lit. Ik wol net ienris tinke oan gefolgen of forantwurdlikheit. Ik biswar allinne ditte: nou sil ik Kajafas fuortsterkje yn syn foarnimmen om it tsjin Jo yn 'e kant to setten.
Dêr is Kajafas. Ik wol neat mei de saek to meitsjen hawwe. Jo moatte der sels mar mei rêdde.
(Of.)
Hja woe Jo net helpe, heit. O, God yn 'e himel, hwat hat dat my sterk makke. Hja hâldt meast fan my. Ik wie bang dat ik it net oprêdde soe. Mar nou rêd ik it op.
Hja hâldt meast fan dy, seiste?
As it folk heart fan dyn hâlding yn 'e saek tsjin - hoe hjit er ek al wer? - dan sil dat kwea bloed sette. It kim wêze dat ik se ek net yn 'e stokken hâlde kin. Dan kin it dy dyn amt kostje.
| |
| |
Leaver in earlik man mei neat as hegepreester en in smjunt.
Hwer troude myn dochter eink mei, tochtste, mei it amt of mei dy?
Hwat wol hja wêze: frou fan Kajafas of frou fan 'e hegepreester?
Jo wolle har faeks fan my skiede litte, en dan trouwe litte mei myn opfolger. Hwa hawwe Jo winliken op it each foar dit amt nei my? Der is ommers net in oar.
Dêr haw ik net oer neitocht. En it sil ek hielendal net nedich wêze, der oer nei to tinken.
Mar as ik in namme neame moast, men soe it bisykje kinne mei Chasmon.
Chasmon? Myn broer? Dat stik ûngelok?
Esther hat nea net oer Chasmon oardiele lyk as dou, wol?
Jo krije my nea sa fier, dat ik in ûnskuldich man ta de dea foroardielje. Nea. Dêr, nou witte Jo it.
Unskuldich? Hwat witstou dêrfan? Skoansoan - dou hast it oant nou ta noch net weage op Soendei yn to gean yn it alderhillichste.
Fan alle libbenen op 'e ierde is der net ien, dy't dat weage hat, bihalven ik.
En hwat seagen Jo dêr dan?
Neat, ik seach neat en ik hearde neat. Hwant der is ommers neat. Dat is om sa mar to sizzen de kearn fan ús godstsjinst.
Wiene Jo hielendal allinne?
Krekt as - krekt as wiene Jo hielendal allinne yn hokker oare keamer ek?
(sjocht Kajafas fornuvere oan).
Jow my dan dochs andert. Ik bin hjir net oer bigoun.
In keamer. Bistou in spotter! It alderhillichste! Dêr't allinne de hegepreester mar komme mei. En mar ienkear jiers. It plak, dêr't er - krekt as Mozes op 'e berch - allinne is mei de God fan Israël.
| |
| |
Mar doe - op 'e berch - doe spriek Israëls God.
En hy soe nou net sprekke? Ik wit dat er sprekt. Mar myn earen binne to swak om Him hearre to kinnen. Soe er Syn antlit net ús kant út keare? Ik wit, dat Er it myn kant út keart. Mar myn eagen binne to swak, om Him to sjen. Al myn sintugen binne fan de ierde; dy kinne ivichheit en geast net forstean. Bigrypstou nou, dat eangstme my trochhuvert en dat de bonken my ta wetter wurde yn it flesk?
En as Jo der út komme, witte Jo neat mear fan Him, as doe't Jo deryn gyngen?
Ik wit, dat Hy de God fan Israël is, lyk as ik de hegepreester fan Israël bin. Ik wit dat Hy it lot fan syn folk my op 'e skouders lein hat en my de krêft jown hat om dat to dragen. Hwant witstou, hwerom de God fan Israël bistiet, hwerom Er himsels skepen hat en hwerom Er winske hat to libjen oant nou ta en yn alle ivichheit?
En ik. God en de preester witte dat. Dat is, dat der ien folk op ierde wêze sil, dat de geast ken. Israëls God bistiet, dat Israël bistean sil. Sadwaende is it de taek fan my, hegepreester, to soargjen, dat dit Israël bistean kin. Hwat Israël fan nut is, moat er leafhawwe en fuortsterkje, hwat Israël skea docht, moat er bisykje út to roegjen. Hy moat sûnder ophâlden syn folk foarhâlde: Dou silst dysels leafhawwe oan de himel ta, en dyn fijannen silst haetsje oan de dea ta en noch fierder.
Der kaem my niis hwat yn 't sin, Annas, doe't it hier my rjocht oerein op 'e holle stean gyng by Jins forhael oer de iensumens fan 'e hegepreester. De jongkearel, dy't wy hjoed foroardielen, syn iensumens, ja, dat wie it krekt, nou hawwe Jo my holpen om dy útdrukking to finen - dy wie sa iensum, dat er wol yn syn alderhillichste west hawwe moat - as hegepreester op Soendei stien hawwe moat foar de God fan dizze ierde. Sa wie it, dat fielde ik.
Ik ek, jonge, ik ek. Dwylsinnige tinzen kamen yn my op en bieten harren fêst yn myn siele. Dy man woe de minsken op ierde leafde leare. Leafde, hwat is leafde! Forgif, forg'if, forgif foar ús allegearre, dy't
| |
| |
haet fanneden hawwe. Hwat is ús folk, de Joaden, hwat binne wy wurdich as wy de haet ek mar in ûre slûpe litte? Sûnder ús hate binne wy ta de dea foroardiele. En de Romeinen oer ús, dy libje en bliuwe jong en sterk troch de haet fan al de ûnderdrukten. Oeral dêr't it libben tiere sil, moat de hate dongje. En nou komt der in minske dy't de hate bistriidt op libben en dea. Hy wol de leafde. Men bigjint fuortynienen to skatterjen. Leafde. Der is foar soarge, dat it sa fier net komt. Dan sjocht men nei him, en dan - jawol, hy is net goed by de holle, mar hy is mear as dat. Hy is boade fan in macht, dy't in gefaer is foar de haet. Gods soan neamt er him, en krêften strielje fan him ôf as fan in godssoan.
Ja, Annas, ja, hy is de soan fan in God, dy't greater is as uzes.
Dêrom dei ik him. Ik rop Rome's help yn; foar ien kear binne Rome en ik it iéns; hwant wy wurde beide bidrige. Ik wit hwat ik de riedseleftige forskuldige bin, foar hwaens ûnsichtber antlit ik beve haw as in espeblêd. En dou, Kajafas, sa wier astou de Joaden in hegepreester bist, dou moast ek witte hwatst him forskuldige bist foar hwaens ûnsichtber antlit dou ienris beevje silst.
(Smyt him it dokumint ta; hastich ôf.)
(nimt it mei triljende hannen):
Myn God, myn God, myn God!
(op, yn feestlike jounsjûpe):
Hast dyn namme noch net set, myn freon? Hwerom drigest? Dou witst wol, datst it dochste.
Ja ja, mar nou moatte wy nei it feest ta. En der wurde ommers safolle ûnskuldigen deid. En de skuldigen meije yn libben bliuwe. Sa giet it nou ienris op 'e wrâld. En hwa is ûnskuldich en hwa net? Wy steane allegearre skuldich, is 't net sa? En as heit it nou ienkear sa wol. En heit seit dat er skuldich is. Dan is de forantwurdlikheit eink foar heit.
Ik miende, datstou mei my stiest.
Dat doch ik ek. Mar nou bin ik yn 'e pronk En wy kinne de kening' dochs net wachtsje litte. En lit ús earlik wêze: dou noch ikke binne lju om it tsjin heit yn 'e kant to setten.
Ik haw to faek foar dyn heit bilies jown. Dizze kear doar ik it net.
| |
| |
Dou bist fiersto goed fan dysels.
It kin wêze datst dêr gelyk oan haste, dat ik goed bin, mar krekt om't it kweade altyd sa'n macht hat, is der gjin greater misdie as goedens dy't swak is.
Set it mei dyn wurk op in sêfter sin, myn freon. Set dyn namme dêr't it moat. Oars nimme se der in minderen ien foar.
Hwat seiste, in minderen ien? Him! Né, dan leaver my! Mar ik foroardielje it lok ta de dea, myn eigen, dat fan ús folk, dat fan 'e hiele wrâld.
(op):
De draechstuollen binne ré.
Dan gean ik mar. Bliuw dou thús mei dyn prakkesaesjes. It is mar goed dat Chasmon joun komt, dan hoech ik my net to forfelen.
Litstou my sitte, Esther?
(tragysk):
Litstou my sitte, Kajafas?
Ik sil ivich ûngelokkich wêze, as ik myn ein slûpe lit.
Ivich ûngelokkich! Mei my?
Esther, ik wol dy net op 't sear komme.
Mar dat dieste. In boer út Galiléa setstou boppe it lok mei my.
Praet net sa tsjin my, ik haw dy noch nea sa húnsk tsjin my heard.
(hâdldt de earms wiid iepen):
Omdatst my nea tsjin dy praten heard haste, sûnder dat ik dy leaf hie.
Esther! Myn wiif! Myn hearlik wiif!
Alle dounsen binne joun foar dy, myn freon, bihalven de earste, dy is foar de steedhâlder.
(mei de holle om 'e doar):
Komme jimme, bêste bern? De draechstuollen wachtsje.
Wy komme daliks, heit, Kajafas moat noch éfkes syn namme sette.
(Oersetting A. Brouwer-Prakke.)
|
|