De Tsjerne. Jaargang 9
(1954)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 225]
| |
It park.
Oer skimergouden skaden skuijele de ûleflecht,
by elke wining giene paden stil har wegen,
dat it roek nei wylde roazen,
hwant oan it wetter siet in kleare sinneblink,
fluitspylster
njonken de fynsjongende fioelen
fan it twiljocht
om 'e reidwâl hinne, -
dan kamen der út tsjust're stegen
fan it jounsrea
ek noch in pear flinters del
en foelen, dûzelich fan minne,
wite orchidéen om 'e hals, -
hja hiene wol to djip yn 'e tsjelk sjoen,
dizze dronken skildersgesellen.
| |
Flitsen.
Der hat gjin sûnde west,
dy't ik net die,
mar sont ik tanaem yn de kennis,
waerd myn witten lytser, -
de geast, dy't ienris iepen stie
foar 't fynst biwegen
en geheime tekens,
hat Jo ál mear forlern yn it hielal, -
dochs lit ik stil-oerstriele
myn antennes
achtjaen op it wurd
fan siele' stjerrenachten,
om net foarby to libjen
oan it bêste.
| |
[pagina 226]
| |
Liet.
Ik bin de dream, ik bin de died,
en fan de earmoed foun,
doe siedde hja, in hânfol sied,
my út oer dizze groun,
nou bliedt it blêdte en it stiet
tognjidde yn 'e joun,
sa wit in elts, dy't lâns my giet,
hwat ik haw lit en woun.
| |
Japanske fiskers.
| |
Pierewaeijer.
Pûrneaken
sprong it ljocht út 'e dizen,
en roun de fjilden yn,
glânzjend as de jonge dei
by it lemierjen.
Doe saeide de sinne it wetter oer,
dat in hynder allyk, in blinkend reau,
strûsden de weagen der fan op 'e kletter, -
tsjin ruten en roeven
spatten de glinsters
it fjûr
fan de hoeven, -
der lei brûs yn 'e wâl.
In keardel dy prott'le:
- Hwa ha wy dêr? -
en it flikk're mar mâl by de finsters,
hwant soks wie gjin sede
yn dizze kontreijen....
Ja, de fint bigoun al to flokken,
spoensk en breinroer, -
in tongerbui,
ratt'le in rûch rablemint oer de greiden:
- Hui, hui, moot dat sa?
Hwer komstou fandinne, dou heiden?
Hwat hast hjir fanneden, stik ûnfatsoen?
| |
[pagina 227]
| |
Fij, út myn eagen, la la! -
en hy joech him wer del,
sleau en slûch.
Lykwols, der barden gjin ûngelokken,
mar de skriezen dy skrillen: - Gryt, o Gryt!
Tink om 'e wyn en jan pierewyt! -
Dat in krudige faem,
mei wangen as reade beijen
en de rook fan it hea
yn it geurige hier,
al ierebitiid op 'e tsjillen,
waerd suver mar kjel
foar dy wylde rebel, sa'n healwizen, -
hja hold skruten de hân op 'e rokken....
Hy wist him gjin rie
en foun it mar foech fan de fûgels, -
de loften dy kleuren har efter de reakken,
hja krigen in kaem
by de kweade geroften, -
de himelen hongen in strieljende kouwe.
Mar dêr't er it meast syn niget oan hie,
in wite non,
stilbloeijende hagedoarn,
dy't earne kein by in brechje stie,
bleau woltomoede, foar en nei,
en eange har net;
hja seine him myld
mei har tover, -
in libben gebet.
Dochs makken de lju noch jacht op him,
oant it joune oer de lansdouwe,
as hied er it hert fan in rover,
mar de nacht hat him hoede
en fortsjusteremoanne.
Oare moarn
wied er der wer,
tagelyk mei de hoanne.
| |
[pagina 228]
| |
Dream.
Forsille yn it fjild
karbouwen,
en dêr't de kampongs koere,
hawwe douwen wol har wêzen, -
dwêrs troch de reiden,
't wylde bamboe,
giet de sinne om,
en hoeden trêddet
it linige biwegen fan de wyn, -
of rinne ûnder 't spegeljen
fan fear en blêd
soms wrede tigerprinten op ús ta?
Lykwols, wy lizze feilich yn de frede
fan in grienbiskûle kreek, Sarina,
dêr't men de tiid forjit
by it geniet fan dyn bikoarlikheden, -
de joun wol dy syn moaiste sarong weve,
har siere mei de djipste gloeden.
It donker hier,
dat oer dyn skouders wierket,
hat it aroma yn fan de tjampaka-blom, -
de flinters dounsje dronken
út it ljochtsjen fan de bergen wei
en wjokje suuer op dy del, -
hja bringe dy de hulde
fan har lytse flammen.
Dyn boarsten binne jonge klapperdoppen,
sjongt de dichter,
ek seit Javaenske poëzije,
dat de pisangskyl dyn wangen kleure
en dyn teare hûd trochgeure hat, -
in stille blidens
sûzelt út 'e himel wer har blossems
nei de ierde.
Fielst wol hoe't mylde glânzen
har foreale oer dyn holle bûge?
Hearstou it swijen fan de fûgelfluiten
om ús hinne?
Mar kom, geweltich greate weagen,
steane de fulkanen yn it gea,
sterk floeijend wurdt it aloan tsjuster
| |
[pagina 229]
| |
lâns de dining fan de hichten, -
in blauwe dize,
nimt de nacht de kleare kimen mei.
Wylst libbet it fan fonken
yn de delten, -
fjûrmiggen,
sweve dêr wol stjerreswarmen roun, -
de Juny-moanne lit har sichte
oer de sawahs blinke, -
wis sil hja foar dyn folk de padi snije.
Of is it dochs in dream,
dy't yn de prauwen toevet,
sa't iepen tsjilken
driuwe op in lotosfiver,
en hat de tover fan dyn eagen
it my oandien,
hjir by de igge fan de mar?
Hwant sjoch, nou wit ik my allinne
noch de mimerjende tûke fan in wylgebeam, -
inkeld de wetterslach dy bounzet tsjin it boat,
as wie 't myn eigen hert....
|
|