Frysk en Frjemd:
De nije Reiddomprige.
De redaksje fan de Reiddomprige, bisteande út Marten Sikkema, Anne Wadman en ûnderskreaune, hat foar de nije jiergong fan de Reiddomprige, dy't by de Utjowerij Laverman foar de fyfte kear mei in seary boekjes komme sil, it neikommende útjefteprogram op priemmen set:
In samling fan njoggen koarte forhalen fan Marten Sikkema, ûnder de titel ‘De slach forlern’ sil de rige iepenje. Foar dit boekje, dat meastepart earder publisearre wurk bifettet, hat Joh. Koopmans de omslachtekening makke. - Nûmer twa wurdt it debút fan Tsjits Peanstra; har earste bundel, in lytse kar út har fersewurk, sil de titel ‘Underweis’ drage. - Nûmer trije is de novelle ‘Sûnder sûker’ fan Jo Smit, dêr't wy de foarige kear yn dizze rubryk al oer skreauwen. - de lêste jefte wurdt in oersetting dy't G.N. Visser makke hat fan in ier-sechtjinde-ieusk Portugeesk dokumint, in journael oer de ûntdekking fan Vera Cruz, útbrocht oan de kening. De titel is ‘Pindorama’ (‘Lân fan de palmen’); de skriuwer de Portugees Pero Vaz de Caminha. De oersetter sil in koarte ynlieding oan it eigentlike manuskript, dat earder al yn inkelde moderne talen oerset waerd, foarôfgean litte.