| |
| |
| |
S.J. van der Molen:
Ut 'e skiednis fan it kabaret.
II. (It lêste.)
De oare kears binne wy ophâlden mei it Dútske kabaret oan 'e ein fan de earste wrâldkriich, in tiid, der't wy hwat it ‘Ueberbrettl’ oanbilanget net sa'n heap fan ôfwitte. Dêrom bin ik bliid it omtinken freegje to kinnen foar in nije útjefte, dy't dizze tiid efkes yn it ljocht set en in karsamling jowt fan itjinge der om 1920 hinne yn Dútske kabarets oer de fuotljochten brocht waerd. Ik doel hjir op it seldsum nijsgjirrige ‘Bänkelbuch’, yn 1953 fan Erich Singer foar de twade reis útjown en wol by Kiepenheuer & Witsch to Keulen-Berlyn.
Dit Bänkelbuch hat in skiednis. It kaem yn 1920 yn Weenen út en joech wurk (gauris fan de kladde) fan greaten lykas Hermann Hesse, Alfred Kerr, Klabund, René Schickele, Frank Wedekind en Kurt Tucholsky. It foel der sa't it liket goed yn, hwant út en troch kaem der in nije printinge fan oant Hitler ta Eastenryk yn teach en it boekje (der wiene doe 27000 fan printe) mei de útjower en de biwurker weiwaerd. It duorre oant forline jier, ear't Singer - nou to Londen - op forsiik fan Erich Kästnier in nije printinge (folsleiner nou) bisoarge, dy't, forsjoen fan biografysk-bibliografyske oantekens, in útjefte wurden is, dy't men eltse freon fan it kabaret oanrekommandearje moat.
De titel kin jin hwat op 'e doele bringe. Ommers, in Bänkel is alfolle in moralisearjend merkeliet, dat in moart, in ramp, in misdied of in oare sensaesje bisjongt, in genre, der't to uzes alearen immen lykas Albert Bakker tige sterk yn wie. De samler wit soks ek skoan (hy hat dêrom as ûndertitel ‘Deutsche Chansons’ keazen), mar hy wol der dôch op út, itjinge dizze elkoar gâns ûntrinnende fersen mandelich is, dat is de ‘Bänkelton’, dy't er fynt yn teksten, der't it âlde folksliet yn neiklinkt; fersen, ûnaktueel lykas in leelje yn it fjild; ûnwittenskiplik, lykas eltse libbensfleur; ûnyntellektueel, lyk in moai en float sigeunerfanke, sa't er skriuwt.
De dichter fan dit soarte fan poëzije fynt Singer de ivige swalker yn wer, dy't wit, dat alle hearrewegen ta itselde
| |
| |
doel liede; de poète maudit fan de troch ende wer troch forgiftige greate stêd; de komplisearre ynkarnaesje fan Don Juan, dy't him oan syn lêste siken ta aloan op 'e nij fan de iene ôffaller nei de oare driuwe lit; fan de iennichste ‘echte’, forgoed forlerne soan, dy't syn kostber libben mei opsetsin yn de earmen fan lichte froulju fordreamt, fortard fan langst nei hûs, mar dôch net ré om foar de priis fan it legendaryske gebradentsje it femyljefeest fan de forjowing en de formoedsoening as dimmene sûnder mei to meitsjen.
Sawntjin auteurs is hjir wurk fan gearbrocht en men is bliid njonken de nammen fan safolle al forstoarnen ek Erich Kästner to finen, dy't nei de lêste oarloch yn it Dútske (westlike) kabaret like warber west hat as Bert Brecht yn dat fan de eastlike helte.
Der is gjin romte foar folle sitaten, mar it prachtige fers ‘Park Monceau’, fan Tucholsky (mei oare chansons fan dizze greate kunstner fan de klienkunst nammers ek to finen yn de okkerjiers forskynde karlêzing Ro-ro-Tucholsky) moàt hjir in plakje hawwe:
Hier ist es hübsch. Hier kann ich ruhig träumen.
Hier bin ich Mensch - und nicht nur Zivilist.
Hier darf ich links gehn. Unter grünen Bäumen
Sagt keine Tafel, was verboten ist.
Ein dicker Kullerball liegt auf dem Rasen.
Ein Vogel zupft an einem hellen Blatt.
Ein kleiner Junge gräbt sich in der Nasen
Und freut sich, wenn er was gefunden hat.
Es prüfen vier Amerikanerinnen,
Ob Cook auch recht hat und hier Bäume stehn.
Paris von auszen und Paris von innen:
Sie sehen nichts und müssen alles sehn.
Die Kinder lärmen auf den bunten Steinen.
Die Sonne scheint und glitzert auf ein Haus.
Ich sitze still und lasse mich bescheinen
Und ruh von meinem Vaterlande aus.
Mei't dizze nije útjefte fan it Bänkelbuch net stean bliuwt by de jierren om '20 hinne, mar ek it nei-oarlochske lûd
| |
| |
trochjowt, hat it ek wearde as brêge ta it Dútske kabaret fan de lettere tiid. Ien priuwke fan Erich Kästner: de lêste fjouwer coupletten fan Kennst du das Land (foar 1939 skreaun?):
Kennst Du das Land? Es könnte glücklich sein.
Es könnte glücklich sein und glücklich machen!
Dort gibt es Aecker, Kohle, Stahl und Stein
Und Fleisz und Kraft und andre schöne Sachen.
Selbst Geist und Güte gibt's dort dann und wann!
Und wahres Heldentum. Doch nicht bei vielen.
Dort steekt ein Kind in jedem zweiten Mann.
Das will mit Bleisoldaten spielen.
Dort reift die Freiheit nicht. Dort bleibt sie grün.
Was man auch baut - es werden stets Kasernen.
Kennst Du das Land, wo die Kanonen blühn?
Du kennst es nicht? Du wirst es kennenlernen!
It wurdt wilens tiid fan Dútsklân ôf to stappen. Nederlân, of leaver Hollân, wachtet, dat fan Frankryk en Dútsklân beide leard hat. Ik neamde yn it foarste artikel al Eduard Jacobs, dy't yn de lêste jierren fan de 19de ieu yn Amsterdam Frânske lietsjes song en selsmakke Hollânske, der't gjin wurd Frânsk by wie, lykas Alex de Haas it okkerwyks yn in koarte biografy sei (Minstreel van de mesthoop, yn Het Parool, 9 July '54). De Haas hat sa'n foech tachtich lietsjes fan Jacobs sammele en twa grammofoanplaten; dat hat in toer west, mar de greatste toer blykt to wêzen it fandeljen fan ‘De lellen’ (‘het rauwste en meest ontstellend-realistische lied, dat ooit in Nederland publiekelijk ten gehore gebracht werd’). De Haas ken trije tige achtbre Amsterdammers, dy't it fan bûten kenne, mar hja kinne der net oer gear komme en skriuw it op....
As men soks lêst, muoit it jin hieltyd wer, dat der fan it Hollânske kabaretliet (likegoed nammers as it útlânske) sa'n bytsje mear to finen is. De meastepart is nea bondele en as der al bondels binne, moat men by de antiquair wêze om (komselden!) ris in hael to dwaen.
Ek de Speenhoffbondels wurde krap, sa njonkelytsen. Hwa't oer Hollânsk kabaret skriuwt, kin de figuer fan de
| |
| |
sjonger mei it burd en de gitaer net oerslaen. Berne yn 1869, kaem de jonge Speenhoff efkes nei 1900 suver tafallich yn Rotterdam op 'e planken en hy krige mei syn sankjes fuort de lof fan kritisi lykas Johan de Meester, Henri, Dekking en M. Brusse. Hy waerd tige populair, grif ek om't er minder rau die as Jacobs. Syn lietsjes binne gefoelich, ek wol ris sentiminteel, òf ironysk en sarkastysk. Hwa't syn produksje trochblêddet, fynt gâns forâldere spul Nammers, hy skreau ek tofolle: yn 1912 hie hy al sawn bondels mei 217 teksten publisearre. Mar in pear lieten sille de jierren dôch treast wêze: keazen C.J. Kelk en Halbo Kool foar har samling ‘Moderne Lyriek’ it forneamde ‘Broekie van Jantje’, jow ús mar de hearlike humor fan dat jonkje, dat nei de (âlderwetske) bioskoop west hat:
En toen kwam er weer 'n jongen,
Die z'n hond was doodgegaan,
Maar toen keek-tie naar de hemel
En daar zag ie 'm weer staan.
Als u dood bent, lieve Tante,
Weet u wat ik dan maar hoop,
Dat ik ook naar u kan kijken
Speenhoff stie al in mennich jierren op 'e planken, doe't de man opkaem, dy't - mei it foarbyld fan Parys foar de eagen - it Hollânske kabaret út de bigjintiid opstjitte woe ta ynternasionael peil: Jean Louis Pisuisse. Yn 1908 foarme (nei syn oargeldraeijersswalkerijen) in tourné troch Nederlân it bigjin fan syn aparte karrière. Hy song Frânske, Dútske en Hollânske lietsjes en bireizge om 1911 hinne it Easten. Yn Ynje song er ek Fryske sankjes, dy't er to Snits by in rektor fan it gymnasium (teffens kritelid, as it my net skimert) opdien hie en dy't foar him, mei syn taleknobbel, gjin swierrichheden joegen. Yn Nederlân foarme Pisuisse syn eigen kabaret, it ‘Intiem Theater’, dêr't er song en as conférencier nei foaren kaem. Syn rom wie great, binammen, doe't de sakeman Dirk Witte, fan Saendaem, Hollânske chansons foar him skreau (in jiermennich forlyn binne aldergeloks in mennich fan de bêste by Basart to Amsterdam wer ris bondele). Ik hoech allinne mar to neamen Witte syn ‘Mens, durf te leven’, fan Pisuisse foarbrocht mei gloede en hertstocht en ûnder it gejûchhei fan in pu- | |
| |
blyk, dat - lykas Edmond Visser net ûnaerdich skreau - net libje doar of, as it àl doarre soe, net libje kin.
Jean-Louis syn ideael wie om yn in lyts, smûk formidden foar in publyk fan goede ûntwikkeling moaije, teare kunst to bringen, fyntsjeswei. Dêrom wie hy, oars as Speenhoff, by de gewoane man ek nea sa bot yn tel. Syn ideael hat er lang tsjinne; it hat him yn it earstoan gjin wynaeijen lein. Mar hy hat it op 't lêst farre litte moatten, om't it publyk frege, nei de oarloch fan '14-'18, hwat oars. It Hollânske kabaret wie foar de dea fan de Monmartre-sjonger yn de flewielene broek en de blauwe trui (yn '27) al yn it neigean rekke, al naem immen as Louis Davids as persoan-allinne (bygelyks yn it Kurhauskabaret) of as ‘Einlage’ yn revue's nei Pisuisse syn dea lang in eigen, iensum plak yn. It publyk sil syn ‘Kleine man’, om't it himsels yn dit lietsje weromfynt, fuort net forjitte, mar ‘kostlike pearels lykas it chanson ‘De zesdaagse’ forsilje en wurde wei:
Dat is de zesdaagse van 't leven,
de tredmolen van het bestaan.
Des Zondags dan rust je heel even
en dan weer van voren af aan. In de baan! In de baan!
Aldergeloks biwarret His Masters Voice gâns in repertoire fan ‘de kleine man’ op 'e plaet en skreauwen Luger en Van den Aardweg in lêsber boekje oer syn libben, der't men ek inkelde teksten en conférences yn fynt. (Engelhard, Van Embden & Co., Amsterdam, 1949).
Dit artikel wol eat forhelje út 'e skiednis fan it kabaret. Nei Pisuisse en Louis Davids komme wy sa njonkelytsen yn in tiidrek, dat mear noutiid as forline is. Dêrom sille wy hwat koarter krieme oer it jongste Hollânske kabaret, dat fan Wim Kan, Wim Sonneveld, Toon Hermans, Cruys Voorbergh, Wim Ibo en Chiel de Boer (om de radio der ek efkes by to neamen) fortsjinwurdige wurdt. Bûtendat is de literatuer oer dizze matearje tige krap. Wim Kan komt mei twa boeken (100 dagen uit en thuis en Corrie en ik) der jit it bêste foar wei, wylst mr Elias oer Toon Hermans skreau en Toon sels wilens ek mei in bûnte bondel tekeningen, skôgingen, eintsjes fan lietsjes en conférences foar it ljocht kommen is. Mar spitich bliuwt it, dat Kan sa op syn teksten sit en allinne yn ‘100 dagen’ hwat lietsjes ôfprintet, dy't wol typearjend binne foar de man sels, mar
| |
| |
hwat it ûnderwerp en de tiid oanbilanget doch tofolle nei krantenijs fan tsien, fyftjin jier âld rûken. Sa net, in tekst lykas de ‘Ballade van twee mensen, die de wereld trachtten te ontvluchten’ (fan 1942) hat ek anno 1954 jit neat fan syn aktualiteit forspile:
Zeg nooit: ‘de wereld kan verrekken!’
Dat heeft die wereld nooit gekund.
De mens kan zich aan niets onttrekken,
Want hij is zelf - strategisch punt!
Yn 1936 sette it ABC-kabaret mei Wim Kan en Corrie Vonk útein en yn 1954 libbet it jitte as in hart. Foar in great part sit him dat grif yn de persoan fan syn lieder, dy't net inkeld omtrint alle programma-nûmers sels skriuwt, mar ek in folslein aparte styl fan conférence hat. Hoewol it publyk to uzes al folle nei in kabaret giet om wille to hawwen, yn alle gefallen om fordivedearre to wurden, doar Kan it geregeldwei oan en triuw de lju mei de noas op dy problematyk, dêr't it bûten it Leidsepleintheater leafst foar út 'e wei giet. Yn dit stik fan saken bliuwt Salto Mortale (in jier of seis forlyn útbrocht) jit altiten foar ús gefoel en neffens ús ûnthâld in hichtepunt. It wie de skriuwer dêr teffens by slagge it programma, sûnder dat it ‘opsetsin’ wie, to halden yn it ramt fan ien motyf: dat fan it ‘variété des levens’. Yn 1950 rêdde er dat ek op by it kostlike ‘spoar-programma’ ABC Expres.
Wim Sonneveld (Kan hat ris sein: alle Hollânske cabaretiers hjitte fan Wim) hat nea dat fêste ensemble en ek nea dy fêste tried yn syn programma's hawn. Alles hinget frijhwat los oan inoar en de titel is net forbinend. Yn 1943 stifte Sonneveld, dy't ek by Davids arbeide hat, in eigen selskip, dat der sûnt hieltiten wer oars útseach. Teksten skriuwt er in bytsje; dy kriget er fan Annie M.G. Schmidt, Willy van Hemert, Ina Philippo, Hella Haasse, Martie Verdenius. De conférence is lykwols fan himsels en hy sjongt jerne Frânske chansons en Ingelske songs. Alde nûmers fan prominenten krije ûnder syn kunstnerskip in nije glâns.
Toon Hermans, gûchelder mei wurden, gûchelt ek mei idéen. Syn lêste tinzen binne dy oer in forbining fan kabaret mei ballet, show, pantomime, hwerby't er de wurkelikens bytiden yn symbolyk oergean lit. Ballot, neamde er syn foarst
| |
| |
‘koldercabaret’ (mar it wie gâns mear as inkeld kolder), Zaza hjit it twade, dat er - mei men hoopje - ek wol wer nei Ljouwert bringe sil, der't er mei Ballot in folle Harmonyseale foar him hie. Kan is fan bitinken, dit bisykjen wiist op in foarm fan klienkunst, sa nij, dat de âlde cabaretiers der gjin aen fan hawwe koene. Mar dôch draecht ek hjir wer in sintrale feguer it gehiel: Toon, oars as de beide Wimmen, mar ek ‘unyk’. En ien, dy't skriuwe kin!
Ja, hoe lang sille wy de rige yn dit koarte oersjoch meitsje? Cruys Voorbergh stifte yn 1952 syn heech-mikkend Arabesque en hy koe dêrby kieze út ynternasionael repertoire, Gjin spul dus foar ‘de gewoane man’. Né, dan Uut en Ber Hulsing, dy't nei de oarloch yn it G.G. kabaret fan Jan Musch foar de VARA en letter op arbeidersgearkomsten mei in earlik, rjochtút en striidber liet de tradysje fan Montmartre wer opnamen. Har parody op de Hawai-song bliuwt ûnforjitlik. Hwer binne hja keard?
|
|