oan to nimmen, dat ‘de werkelikheit’ in mâlgûlende, fjûrspijende draek is, dy't har tjirget as in wyld yn teannen en earleltsjes fan de kunstner. ‘De werkelikheit’ bringt gjin kanûnen tsjin mosken yn 't fjild. Dat show-nûmerkbliuwt reservearre foar hearen rhetoaren, dy't mei de tael op 'e rin slane. Es sind nur wir Menschen, die schieszen und läuten. As ‘de werklikheit’ ús as sitroenen útknypt, en forsutere, alhiel út model, op 'e greate bult smyt, dan docht hja dat efficiënt. Sûnder lûd to jaen. En krekt dat is it binearjende fan it hiele affearen.
Binearjend is bitiden ek dat men ‘de werklikheit’ net mei in theory forswetse kin. As redakteur fan De Tsjerne docht it my deugd dat ek de redaksje fan Quatrebras wit: ‘dat de kunstner yn syn kreaesje net oars kin en net oars docht as posysje kieze’. De ‘oankommende’ skriuwers yn it Frysk dog'ge dat ek, hja kieze meastepart foar in puérile romantyk, nei 't bliken docht út hwat der fan harren wurk yn Tsjerne, Golle en Quatrebras opnaem is. En hja skriuwe hast allegearre min.
Mar om de fikty fan ‘ús’ litteratuer ophâlde to kinnen, moat der op syn tiid in nije generaesje foar it ljocht komme, sille ‘ús’ litteratuer-historici nou ‘gematigd optimistisch’ bliuwe kinne, en letter net mei in lakune komme to sitten. Dat lêste soe in earmoedigen yndruk meitsje op 'e bûtewacht; foar ‘litterair Hollân’ oer wiene wy yn dat gefal nergens. Dy't de kontinuïteit fan ‘ús’ litteratuer rêdde wol, stiet, hic et nunc, foar de paradoksale opjefte ‘de werklikheit’, dy't har net forswetse lit, to intimidearjen.
Op dit stuit is der yn Fryslân, hwat de jongste litteratuer oanbilanget, neat as de theory, dy't troch Jo, achte hear opsteller fan it ‘Snipper-program’, sa biroerd foardroegen wurdt. Miskien is dat better as neat: in tige smelle basis foar takomstforwachting. Yn elts gefal is it, sels yn dizze bihyplike situaesje, net ûnaerdich dat Jo, blynseach en mei it folle fjûr fan Jou stûrtske rhetoryk, in imaginair aestheticisme op 'e hûd springe.