De Tsjerne. Jaargang 9
(1954)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd
[pagina 205]
| |||||||||||||||||||||||||
Persoanen:
| |||||||||||||||||||||||||
Earste toaniel.
(In haedling; Sygrep en Foppa, syn feinten.)
HAEDLING:
Dus, goed forstien, jim hâlde hjir de wacht
Salang't de stoet út Dokkum net werom is.
Elk oan in kant fan dizze hillige saed.
Sygrep, dêr is dyn plak. Dou, Foppa, dêrre.
Jim hawwe it heard?
FOPPA:
Jawòl....
SYGREP:
Jawòl, hear haedling.
HAEDLING:
Sa. En gjin kluchten, gjin gehantsjebak
Mei kwea omstrunend folk dat wetter winsket
Gjin swolch, gjin drip. Hwant hjoed de fyfte Juny
Hat dizze saed, bineamd nei Bonifaes,
Dy't hjir foar fyftel ieu sa grousum stoar,
Opnij de wijing krige. Net forgees
Hat niis, by 't earste kraeijen fan de hoanne,
| |||||||||||||||||||||||||
[pagina 206]
| |||||||||||||||||||||||||
Siardus, abt fan 't hege kleaster Klearkamp,
Mei spreuk op spreuk dit wetter hillich sprutsen.
Stean nimmen ta om mei ûnreine mûle
Dit focht to drinken foardat strak de preester
Mei eigen hân de earste krûk opdipt.
Dat wyk gjin stap. Ik haw de noed. En jimme.
Dus jitris, goed forstien, aenst as de staesje
Ut Dokkum wei mei psalmsang komt werom
Rint jimme taek, dit sté foar ûnk to hoedzjen
Ta 'n ein. Net earder.
SYGREP:
Hear haedling, bou op ús.
HAEDLING:
Dan gean ik hastich nou nei stêd werom.
Faeks sjoch ik jit in skyn fan 't relikwy
Dat hjoed it folk fortoand wurdt foar it alter.
Syn, Bonifatius', mantel en syn stêf
Mei bloed bismodze, fruchtber martlersbloed,
Sied ek fan Dokkum's tsjerke. Of lichtwol
Mei 'k rûke oan it brea, dat fan Gods boade
Troch wûnderkrêft yn stien foroare waerd.
Ik gean. Oant strak. Hâld wacht by dizze saed.
(Giet ôf.)
FOPPA:
Sei, Sygrep, hast yn al dy jierren tsjinst
Us breahear, haedling fan 't ynbannich Dokkum,
Ea sa yn roerje sjoen? It is neat liker
As stie de stêd yn brân, sa hastich falt er.
SYGREP:
Forjit net, Foppa, sa'n prosesjedei
Mei strjitten swart fan woelge beafeartgong'ers
Moat hy as haedling foar de oarder riede.
Maet, meitsje steat, it skiere muontsefolk
Hat it ús hear fêst tige hurd oplein
Dat gjin leproas, gjin swalkjend hantwurksman
Noch hok oansteande mem dit wetter swolget
Ear't hjà it strak úttaepje ûnder 't folk....
Hwer sjochstou nei?
FOPPA:
Komt dêr de Wâldkant út
Gjin espel folk op ús Wâldpoarte ta?
Binn' 't beafeartgongers, hja binn' letternôch.
SYGREP:
Ik sjoch gjin folk.
FOPPA:
Né, 'k leau, hja waerden wei
Efter dat beamguod dêr. Hawar, hja treffe
Moai sinnich waer.
SYGREP:
Dit sierlik beafeartwaer
Rôp wer gâns folk by lodde en tsjerne wei.
| |||||||||||||||||||||||||
[pagina 207]
| |||||||||||||||||||||||||
Hwat in foarsimmer! Sjoch dy mieden dêr.
Ien tekken grien, it gers sjit yn de raei.
Skielk leit de seine it òm ta rûkend hea.
Ik wik dy, Foppa, 't wurdt in fruchtber jier.
FOPPA:
Siz, justerjoun hast doe de boukant út
Dat beanebloeisel rûkt? De stêd fan Dokkum,
Oars faek nei poartesluten fol kwea-rook,
Like hast foroare yn in roazetún.
SYGREP:
Sa'n simmermoarn wie 't, sei ús beppe altyd,
Doe't pake jierren lyn to krúsfeart teach....
FOPPA:
To krúsfeart?
SYGREP:
Ja, as tsjinstbre fan syn hear.
't Ald sloof forhelle 't my as boaike faek.
Hy kearde nea, kaem òm yn 't frjemde lân,
Liifeigene fan de dea.
FOPPA:
Liifeigene as wy;
My lûkt it neat, sok reizgjen op 'e rûs.
De wrâld om Dokkum is my widernôch.
SYGREP:
My net Sa'n fiere tocht nei 't Hillich Grêf....
Sjoch, Foppa jong, ik rekkenje wol faken....
FOPPA:
Ja, rekkenje, jawis, dou rekkenst sa:
As ik to krúsfeart teach, ik waerd frij man.
Gjin haedling' neitiid dy't my stjûre koe
En brûk my en myn neiteam mear ta slaef.
Mar Sygrep-maet, kaem der sa'n tocht opnij
En dou teachst mei, great kâns datst lyk jim pake
Nea wer de miede om Dokkum bloeijen seachst.
(sjongend frouljuslûd fierôf)
Mar ik hear sjongen. Hwa, seist, komt der oan?
SYGREP:
't Is in jongfaem.
FOPPA:
't Is Tetta Gilbertsdochter,
Dy fan de Westerdwinger.
SYGREP:
Dy't as weesbern
Dêr by har beppe wennet?
FOPPA:
Ja, just, dy.
Hja komt mei jûk en amers hjir op ta.
SYGREP:
Stil, Foppa, stil. In grap. Wy krûpe wei.
Licht komt hja wol om wetter út 'e welle;
Wy litte har bitsjen oant safier ta
En jei dan sleauke-muoi de skrik op 't liif.
FOPPA:
Ja, mar ús wacht?
SYGREP:
Dy hâlde wy. Fuort, fuort!
(geane oan wjerskanten biskûl)
| |||||||||||||||||||||||||
[pagina 208]
| |||||||||||||||||||||||||
Twadde toaniel.
(De oaren; Tetta Gilbertsdochter.)
(Hja komt fan etteren mei jûk en amers op, wylst hja sjongt):
‘Nei Eastlân sille wy ride,
Nei Eastlân sille wy gean,
Dêr wachtsje ús better tiden,
Fier oer de heide,
Dêr wachtet ús better lean.’
(Lieteboek, bis, 59.)
(Hja set jûk en amers del, bûcht oer rânne fan saed; bisjocht har eigen spegelbyld; skikt har hier, laket, knikt; ropt yn saed, wylst in wjerlûd (frouljusstim) efter har wurden oangalmet.)
TETTA:
Leaf spegelbyld, ei, laitsje my ris oan....
WJERLUD:
....ris oan....
TETTA:
Kom, wjerlûd, siz dyn Tetta ris goemoarn....
WJERLUD:
....moarn, moarn....
TETTA:
Hwat seistou yn 'e takomst Tetta ta....?
....ta, ta....
TETTA:
Sil hja in rike man ta bysliep ha....?
WJERLUD:
....ha, ha....
TETTA:
Is 't immen út 'e stêd, fan greide of bou....?
WJERLUD:
....nou, nou....
TETTA:
Siz, hoenear wurde wy dan man en frou....?
WJERLUD:
....gau, gau....
TETTA:
Sille wy lizze op strie of swannefear....?
WJERLUD:
....sear, sear....
TETTA:
En berntsjes krije, fjouwer, fiif of mear....?
SYGREP EN FOPPA
(mei leech mânljuslûd):
Mear!!
Mear....!!
TETTA
(sjocht eangstich om har hinne; nimt jûk en amers op):
Hwat hear ik dêr? It wjerlûd andret óárs!
'k Bin bang'. Ik gean.
SYGREP
(komt mei Foppa foar it ljocht):
Hou, fanke, hou, bliuw stean!
Hwat hiestou dêr to preuvljen by de welle?
Woest wetter sline faeks? Ja, 'k haw dy troch:
Foartiid in gong fan 't hillich wetter gnobje
En strak kwânskwiis mei de prosesje oprinne
As hiest it fan de preester sels ûntfongen.
| |||||||||||||||||||||||||
[pagina 209]
| |||||||||||||||||||||||||
FOPPA:
As wy hjir wurk fan meitsje by ús haedling
Dan hingest.
SYGREP:
Dan bist ryp foar 't hounegat.
TETTA:
Jim? Jim bigekje my. Sjoch yn myn amers
It moarnsmiel fan ús beppe' beide kij,
Dy't ik niis op 'e mienskar molken haw....
Jim mei jim ôfwaeid praet oer wetter sline.
FOPPA:
Hast molke, fryster?
SYGREP:
Jow ús beide in swolch.
TETTA:
Ik wie wol sljocht, as ik twa slije hânzen
Dy't har bigerzje faek yn haedlings koken
Oan swietmolktsizen en oan sûpenbrij
Fan beppe' earmoed mar frij priuwe liet.
Hâld my net op, hwant beppe.... O ja, beppe....
My sjit yn 't sin, hja woe mei de prosesje
En ik soe komme en helpe har yn 't brat....
O, mater, help! Myn tiid.... Lit my der troch!
FOPPA:
Earst molke.
TETTA:
Né.
SYGREP:
Dan easkje wy in patsje.
Sa'n keine koffe as dou dy't sûnder frijbrief
Us haven binnensylt moat tol bitelje.
Wolst net?
TETTA:
Né, né!
FOPPA:
Ja, leave, rjocht is rjocht,
Wy meije 't easkje. Tink om 't hounegat.
TETTA:
Fuort! Beppe wachtet my. Hwer is jim frijbrief
In faem to kearen mei sleau eamelpraet?
Jim binne strafber, hwant de wacht wurdt hâlden
- Jawis, ik wit it wol! - deun by de saed.
Hwa giet nou frijút? Moat ik aenst yn Dokkum
Rounstruije dat jim rounen fan jim sté?
Grif soe de haedling hjoed of moarn it hearre,
Net myn, mar jim plak waerd it hounegat.
Toe, sûlen, toe....
(kjel)
O, dêr is beppe....! | |||||||||||||||||||||||||
[pagina 210]
| |||||||||||||||||||||||||
Tredde toaniel.
(De oaren; Tetta har beppe.)
BEPPE:
Einlings.
Einlings moat, Tetta, beppe dy hjir fine
Op Bonifatiusdei deun by de boarne
Gysgobjende mei geklik mânljusfolk?
Skamje dy hwat.
TETTA:
Mar beppe....
BEPPE:
Skamje moatst dy!
Hwa soe har âlde beppe fuort nei melken
Helpe by 't oantsjen fan 't prosesjeklaed?
Hie buorfrou ta g'elok my net skewiele
Grif hie ik fan de stoet gjin krúske sjoen.
Hwer bleaust? Earst haw ik socht mank 't beafeartsfolk.
Hwant, tocht ik, licht is 't fanke dêr forsille,
Mei jûk en amers ûnder fuotten rekke
Of slimmer jit. Kwea-tekens wiisden 't my.
Doe bin 'k, myn rie to'n ein, dit paed opstuitre
Foar de prosesje út. - Gean, jow dy ôf!
En bid, hwannearstou thús de miellen molke
Foarsichtich lege hast yn 't skjinne aed,
Sawn paternosters foar dyn sieleheil!
(Tetta ôf.)
O, tsjustre tekens! O, hwer moat it hinne
Mei dizze wrâld.
SYGREP:
Hwat praet dy âlde dochs
Fan tekens?
FOPPA:
'k Wit it net. Freegje harsels.
SYGREP:
Ien frage, Tetta-moar. Jo praetten nyskes
Oant twaris ta fan tekens. Wankt der ûnk?
It jildt dochs net jou tsjeppe beppesizzer?
FOPPA:
Dat 's ek in teken, mar fan molke en bloed.
SYGREP:
Né, Foppa, nou gjin tûle. 'k Mien hwat 'k siz.
BEPPE:
Ik wik it jim, der stiet hwat greats to barren.
Heil kin it wêze, mar ek ûnheil teffens.
Ik sit yn noed.
FOPPA:
Mar as it heil is, beppe,
Hwerom dan noed to hawwen yn 't foarút?
De sinne skynt. Hiel Dokkum tilt fan fleur.
BEPPE:
Hiel Dokkum liket sjende blyn to wêzen.
't Hat gjin bisleur oer hwat de tekens wize.
SYGREP:
Hwat binn' dy tekens, frou, ei, siz it ús.
| |||||||||||||||||||||||||
[pagina 211]
| |||||||||||||||||||||||||
BEPPE:
Jim ha wol leard, as by in Moandeismoanne
It molken yn de tsjerne wetterich bliuwt,
Dat it net suorje en ek net skiftsje wol,
Dan wachtsje lân en folk greate foroarings. -
Sa wie it, doe't nou fyftich simmers lyn
Myn man syn krúshear folge nei it Eastlân.
God wol it! fleach as rop oer lân en stêd.
Mar wie 't Gods wollen ek, dat hy dêr stoar?
SYGREP:
Lyk as ús pake.
BEPPE:
Sa 's jim pake, Sygrep.
Har biente rêst yn fiere en frjemde groun.
Gjin krúspeal stiet foar har op Dokkum's hôf.
My heucht, it wie doe ek in Moandeismoanne
En alle molken waerd dy wyks ta waei
Sûnder ien grissel bûter op to bringen.
Sa wie 't earjuster wer. In folle moanne
Op Moandei en de bûtertsjerne leevre
Oars net as kliemsk, ûnytber weinsmoar op.
FOPPA:
Sa wie 't by jo faeks, mar by oaren?
BEPPE:
Freegje
It boerefolk oeral om Dokkum nei,
Rounom fortryble it skoandere gemaek.
Dit wiist earne op. En juster, hawwe jim doe
Dy frjemde skynsels sjoen oan d' Easterloft?
Neat liker as in krús, great, wyt en blinkend
Dat skoude, Noard nei Súd, it loftrom lâns.
Dat binn' de tekens dêr't ik sliep om brek.
Ik sit yn noed.
SYGREP:
Ik ek.
FOPPA:
Jawis, ik ek,
Mar mear om hwat dêr wankt de Wâldkant út.
Hwat soe de frjemde ruter dy't dêr oankomt
Hjir sykje? 'k Bin binijd.
| |||||||||||||||||||||||||
[pagina 212]
| |||||||||||||||||||||||||
Fjirde toaniel.
(De oaren; boade op it hynder.)
BOADE
(stiicht ôf):
Goe-lju, wês groete.
Ut namme fan myn master, hwaens foarboade
Ik bin yn Friezene lân, stean my in fraech ta.
SYGREP:
Freegjen is frij yn Fryslân.
FOPPA:
Lyk as 't weegrjen.
BOADE:
Myn hear bireizget dizze fruchtbre goaën
En hat my stjûrd foarút om to fornimmen
Nei 't sté dêr't ieuwen lyn in grize biskop
Fan bline heidens wreed formoarde waerd.
Kinn' jim my sizze hwer't ik sykje moat?
SYGREP:
Hjir is dat sté.
BOADE:
Godlof.
BEPPE:
Jo miene, frjemdling.
Grif Bonifaes, de man en martler Gods?
De lêste hoefslach fan syn stjerrend hynder
Liet hjir in fuotprint yn de weake klaei
En sûnttiid wâllet dêr in kleare welle.
't Is dizze saed, neamd mei syn hege namme.
BOADE:
Godlof. Ik kear myn hynder. Blider tynge
Koe ik myn hear nea bringe. Mar stean ta
Dat 'k earst myn tonge kuolje mei in swolch-twa,
De reis wie fier, de sinne glandich hjoed.
SYGREP:
Us opdracht is, gjin toarstge to skewielen
Salang't de preester aenst nei de prosesje
De earste krûk net follet.
BEPPE:
't Wetter is wijd.
BOADE:
Forjow myn fraech. Myn master leart ús earbied
Foar sede en lânsgebrûk by spize en drank.
Ik gean, mar kom werom. Oant sjen. Haw tank.
(Stiicht op hynder en giet ôf.)
| |||||||||||||||||||||||||
[pagina 213]
| |||||||||||||||||||||||||
Fyfte toaniel.
(Sygrep; Foppa; beppe; de haedling.)
HAEDLING
(komt op):
Hwa wie de ruter dy't dêr hinne rydt?
SYGREP:
In frjemdling, hear, stjûrd fan in frjemde master,
Socht om it plak dêr't Bonifatius stoar.
FOPPA:
Hy freg'e om wetter, hear.
HAEDLING:
En jimme?
SYGREP:
Wy diene
Lyk as ús hjitten wie, wy weegren 't him.
HAEDLING:
Dat wie goed wurk. Mar hie him wachtsje litten,
't Prosesjefolk is dêrmei hjir oan ta.
Hy hie dan drinke kind nei hertsbigear.
SYGREP:
Hy komt werom, hear haedling, wie syn sizzen.
Meldt nou it nijs syn hear, de frjemde man,
Dy't dizze saed as lêste reisdoel keas.
HAEDLING:
Dat 's frjemd, dat 's tige frjemd.
BEPPE:
Mar frjemder
Binne de tekens, 't foarspoek dat ik seach.
HAEDLING:
Hwat moat dizze âlde frou?
SYGREP:
Hja docht gjin kwea.
FOPPA:
Hja sprekt hwat dwylpraet oer in Moandeismoanne,
Oer in mistryble tsjernt en oer lofttekens.
HAEDLING:
Lofttekens? Dêr ha 'k mear fan grútsjen heard.
BEPPE:
De jonkheit praet neidat hja wiis is, haedling.
Ik wachtsje hjir de stoet dy't stiet to kommen.
Mar, by it krúsge lichem fan Us Hear,
It leit my by, der is hwat greats op til.
Ik sit yn noed, mar skik my nei Gods wil.
| |||||||||||||||||||||||||
[pagina 214]
| |||||||||||||||||||||||||
Sechste toaniel.
(De oaren; Olivier fan Keulen; de boade; lyts gefolch.)
BOADE
(tsjin O.):
Hjir wie it, master. Dizze skeamle saed
Haw my dy mannen wiisd as 't hillich sté.
OLIVIER:
De Hear wês mei jim.
HAEDLING:
Frjemdeling, wês groete.
Kom neijer, as Gods gunst Jins g'ongen stjûrt.
Siz my, sljocht haedling oer de stêd fan Dokkum,
Hwat fierde Jo hjirhinne, frede of striid?
OLIVIER:
Frede èn striid, hear haedling.
HAEDLING:
Mei ik witte,
Hwa binne Jo?
OLIVIER:
In slaef.
HAEDLING:
In slaef?
OLIVIER:
Jo sizze it,
Frijkochte slaef bin ik troch Kristus' bloed.
Syn boade, om yn 't jier fan Syn genede,
Tolf-hûndert-fjirtjin, Fryslân oan to sizzen
Dat it syn skelen sljochtet, wapens delleit,
Ofsjocht fan bruorremoard en deilisskippen,
Mar ûnderwylst him rist ta greater striid.
HAEDLING:
Jo sprekke tsjustre tael.
BEPPE:
My is it klear.
De tekens wiisden 't út, hja komme nei.
Hark, hark, dat sjongen!
(Ut 'e fierte komt plechtich sjongen tichterby.)
HAEDLING
(tsjin O.):
Dat is ús prosesje,
't Is Bonifatiusdei.
OLIVIER:
Wis, dat wie my bikend
HAEDLING:
Mei Jins wolnimmen, hear, ik moat der hinne,
It paed frijhâlde nou't de staesje komt.
(Giet efkes ôf.)
OLIVIER:
Haedling, ik wachtsje hjir, doch Jo jins plicht.
| |||||||||||||||||||||||||
[pagina 215]
| |||||||||||||||||||||||||
Sawnde toaniel.
(De oaren; abt Siardus; Dokkumer prosesjefolk.)
SIARDUS:
Yn namme fan de Heit, de Soan, de Geast,
Bitinke wy, gearkomd út West en East,
De dea fan him, dy't stoar by dizze boarne.
Hjoed, dizze fyfte deis fan Simmermoanne
Bitinke wy, hoe't hjir, o wûnder Gods,
In welle ûntsprong, lyk earen út de rots.
Dêr, hwer't syn suver bloed oer de ierde floeide,
Ut heidendom Gods Memmetsjerke bloeide.
Bitinke wy, hoe't hy ús foarfaers brocht
It boadskip fan genede, frede en ljocht,
Dat fiere heidenen dat ljocht fornamen,
Nou en yn aller ieuwen ivichheden....
IT FOLK
(sprekkoar):
Amen.
OLIVIER:
Sa mei it wêze op alle tiid en sté.
SIARDUS:
Hwa binne Jo?
OLIVIER:
Hear abt, nim my net kwea.
SIARDUS:
Bin Jo de reizger der't hja my fan sprieken?
OLIVIER:
Sa is 't, hear abt. Myn namme is Olivier,
Skolastikus fan Keulen oan de Ryn,
Dêr't ek d' aertsbiskop fan de Friezen wennet.
Ik haw de reis nei 't fiere Fryslân makke
Mei 'n boadskip, dat fan Bonifaes net wanlyk.
SIARDUS:
In freon fan frede dus, Hear Olivier?
OLIVIER:
Fan frede, wis, mar striid sit ek bimongen
Yn 't boadskip dat my oplein is to bringen.
SIARDUS:
Striid ek?
OLIVIER:
Striid ek. Stean op dit plak my ta
Myn boadskip foar it hiele folk to sizzen.
SIARDUS:
Magister Olivier, sprek frij en siz
It wurd fan frede en striid dat Jowes is.
It is Jo tastien.
OLIVIER:
Tank. Hear my dan oan.
BEPPE:
Nou sille wy grif greate dingen hearre.
't Is my foarséín, de tekens lige nea.
HAEDLING:
Frou, harkje en swij stil.
IT FOLK:
Swij stil! Swij stil!
OLIVIER:
Friezen fan Dokkum, folk fan goa en gea.
Jim hawwe niis út abt Siardus' mûle
In tsjûgnis heard oer Bonifatius' dea.
My, needrich tsjinner fan Gods Evangeelje
| |||||||||||||||||||||||||
[pagina 216]
| |||||||||||||||||||||||||
Wiene dy wurden balsem foar de siel. -
Paus Innocentius Trije, dy't yn Rome
De Stoel fan Petrus en de Tsjerke warret,
Liet him koartlyn oer dizze selde martler
Tsjin my mei like pryslik oardiel út.
GUON UT IT FOLK:
Hark! Hark! De Paus! Hy spriek de Hillige Heit!
OLIVIER:
Och waerden, spriek de Paus, de wijde plakken
Dêr't Kristendom opbloeide út bloed en smert
Oeral sa achteneard as dêr yn 't Noarden....
SIARDUS:
It is ús gréát, hear, dat de Apostelstoel
Sa'n lof en rom fan 't Fryske Dokkum sprekt.
OLIVIER:
Lykwols, in wolk oerskade 't pauslik wêzen
Doe't hy my spriek oer 't âld Jeruzalem. -
Dêr fiert nou Saladin, de foarst fan Syrië,
Mei heidensk-wreed gewelt syn Baälsfeesten.
Dêr wurdt Us Hear opnij bispein en gysle,
De krúsberch Golgotha waerd woast en leech.
De basilyk, boud oer it Hillich Grêf,
Dêr't mannich fromme pylger kaem to bidden,
Wurdt brûkt ta stâl en karavaen-serai.
Is dat Gods wil?
IT FOLK:
't Is skande, skoof en skande!
OLIVIER:
Ik freegje, folk, moat dan ús kristlik krús
Bûge yn it stof foar dat forflokte teken:
De heale moanne? Moat dy, lyk in sichte
Ommeane yn Gods koarn en skeaven ynje
Dy't Kristus troch Syn krúsdea siedde hat?
IT FOLK:
Né! Né!
OLIVIER:
Sil 't Saraseenske koekútsjong
It nêst forsteure fan Gods frededouwen?
Sil Salem wurde in heidenske offerhichte
En Jozefs Hôf in hûs fan keapmanskip?
IT FOLK:
Né! Né! Dat nea!
OLIVIER:
Harkje dan, folk fan Fryslân.
Paus Innocentius hat my stjûrd ta jim.
Ik kundgje jim yn syn, né, yn Gods namme
In nije krústocht oan nei 't Hillich Lân. -
Set yn jim feilge tsjerken offerblokken
En lit de geve munt dy't Dokkum slacht
In grounslach wêze foar dizze ûndernimming.
Ris dan in float fan farbre skippen ré,
Bimanne mei de striidbersten fan jimme.
| |||||||||||||||||||||||||
[pagina 217]
| |||||||||||||||||||||||||
Forlos it lân, dêr't Kristus libbe en stoar.
Liifeig'ne en frije sil der wol by farre.
Jim lean is great, jim skatten bûten roai,
Untskuor de Saraseen syn dierbre proai.
SIARDUS:
Is dit Gods finger, folk?
IT FOLK:
Dit is Gods finger!
SIARDUS
(tsjin O.):
Bitink, Magister, wy hawwe ôflear hawn:
Hûnderten bin by âlds op krústocht fallen;
Har sibben wenje hjoed jit ûnder ús.
OLIVIER:
Tûzenen tsjogge op! Yn Grinslân's goaën
Spjeldet it folk it krús him op it boarst.
Bloedwraek en fete reitsje yn 't forjitten,
Krúsfrede huzet nou yn stins en klint.
Sa wie 't yn Bedum, sa yn Suderhuzum.
Folk, wifkje net! God wol it!
IT FOLK:
Ja, God wol it!
OLIVIER:
Hwat hawwe jimme jit biwiis fanneden?
God skreau Syn tekens oan de simmerloft,
In wyt en blinkend krús!
BEPPE
(yn ekstase):
Ik haw it sjoen,
It skoude, Noard nei Súd it loftrom lâns,
In wyt en blinkend krús!
IT FOLK:
It krús! It krús!
It wyt en blinkend krús!
(In fel wyt ljocht skynt yn krúsfoarm fan boppen op it folk del; allegearre knibbelje mei de hannen biddend opheve; de eagen nei it ljocht; in ûnsichtber koar bigjint wilens to sjongen op de wize ‘Onward Christian Soldiers’):
‘War jim, Kristenstriders,
Ure en tiid is fol.
Heech de krúsbanieren,
Wit, dat God it wol.
Reizgje yn Syn hoede,
Op nei 't Hillich Lân,
Christus Triumfator
Liedt jim oan Syn hân.
War jim, Kristenstriders,
Ure en tiid is fol.
Christus Triumfator.
Wit, dat God it wol!’
EIN. |
|