‘Jo binne dizkear it slachtoffer’, forfolge de man.
‘Mar’, kaem er forheftich, ‘wy litte it der net by sitte - wy foarmje in kontra-komplot. Hja tinke dat hja ús hawwe, mar krekt dêrmei forsinne hja har. Wy witte nou ommers dat wy der by hearre.’
‘Hoesa?’, moast Jelle witte.
‘Us jaske’, sei de oare koart. ‘Sa koe ik Jo ek. Mar wy moatte op ús iepenst wêze. Hja steane nearne foar.’
Skrillich seach er om him hinne, Jelle folge dy loaits en fielde himsels sterker wurden.
‘Forline jier moast ik yn Den Haech wêze’, bigoun de man wer. ‘En hwat hiene hja doe to dwaen? Hja lieten in hynder op my los fan binnenlânske saken.’
‘In Bels’, sei Jelle.
‘Foar in platte wein....’
‘Mei bierfetten. Jo binne grif Frysk-nasionalist?’
‘Dat bin ik’, andere de man. ‘Ik praet g'jin wurd oars as Frysk, ek hjir yn Den Haech net. Ik gean foar neat en nimmen oan kant.’
‘Ik stean nêst Jo’, sei Jelle. ‘Hwat my fan 'e middei oerkaem is....’
‘Fortel it net’, sei de man, ‘ik wit it. It is in komplot.’
‘It is in komplot’, sei Jelle.
Petearjend rounen hja troch. ‘Sjochst dy polysje wol, dy't ús efterop komt?’, frege de man. Jelle hie him sjoen en hja bisleaten krekt to dwaen as wie de polysje der net.
‘Ik haw der lak oan’, sei de man.
Hja praetten lûder as to foaren, hwant lyk as Jelle sei, de lju koene har dochs net forstean en boppedat, de geheime plannen kamen letter. Dan moast der lústere wurde, nou net. De polysjeman mocht harren dan al net forstean, hy makke diel út fan it komplot, en Jelle en syn maet sieten al fêst doe't hy him réalisearre dat er eksamen dwaen moast. ‘Soe ik harren dan dochs noch yn it Hollânsk sizze moatte dat ik foar it eksamen moat?’, sei Jelle mankelyk tsjin syn lotgenoat, mar dy wie der pûr op tsjin. ‘Dêr is 't harren krekt om to rêdden’, sei er, ‘om Jo fan dat eksamen ôf to hâlden.’
Jelle seach dat yn en die fierder gjin war om de mannen hwat yn it forstân to krijen. Mar nammersto mear lei er oer mei Auke, sa hjitte syn nije maet. Hja soene harren neat skine litte en har plannen rémeitsje. Underwilens wie it wachtsjen der op, dat hja njonkenlytsen manmachtiger