De Tsjerne. Jaargang 9(1954)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 194] [p. 194] Tsjits Peanstra: De wyn en de Bjirk. Wyn: Hwat bistou moai yn 'e maitiid! Dyn stal blank as sûpe mei ljochtgriene wale-jûpe dy't ik amper streakje doar. Hwat bistou moai! Hwat bistou moai yn 'e hjerst! As dyn foarmen sa har folsleine skientme foun ha, fûleindich sjong 'k dy dan ta: Hwat bistou moai! Bjirk: En elke nije dei hastou my wekke, fan elke nije maitiid hast' my songen. Dou kinst my, ik kin dy neat forbergje, Ik ha dy leaf! Mar ynliker, blider, lokkiger leavje 'k dy yn 'e hjerst, as dyn sûzjen by my, as dyn kûzjen om my, as dyn rûzjen yn my is. [pagina 195] [p. 195] Nammeleas. In blom soe 'k wêze plôke fan dyn hân, De sé soe 'k wêze boartsjend oan dyn strân, De wyn soe 'k wêze noege ta in pea, It ljocht soe 'k wêze taestend oer dyn lea - It ljocht, de wyn, de sé, in blom, Ja, alles soe ik wêze. Mar, 't lot foroaret der net om en lit him net bilêze. Albumbled. Lit my de ûre wêze as tear de stilte groeit. Lit my de stilte wêze as klear dyn tinken bloeit. Lit my it tinken wêze as djip dyn leafde tynt. Lit my de leafde wêze dy't dy oan 't libben bynt. [pagina 196] [p. 196] Trijesprong. Dage. De wyn wint oan, ús fiere tocht bigjint. Wy farre dryst de frjemde takomst yn. De seilen spanne en it lot is blyn. It is de sinne dy't ús wachten rint. Farwol it lân, dat om syn lytsheit stint En 't antlit spegelt yn de griene skyn Fan minderweardichheit. It lân dat blyn Ienkear op eigen kust to pletter rint. Wy rize mei de weagen op it sté. De bolle seilen skuorre oan de mêst De sinne wurdt yn 't feale wetter dwêst. Bisile wy de djipten fan 'e sé? Hwer earne fine dryste skippers rêst Hwer fynt ús soarte swalkers ea in ré? [pagina 197] [p. 197] Dei. Hie ea de dei in waermer, blider ljocht? Sjoch, hoe't in glâns oer alle mieden rint En út 'e knoppen nije bloei bigjint. Hwat is it, dat myn herte triljen docht? 'k Wol sat in fûgel ûnbironge en sljocht Fan freugde sjongt en de natûr bimint It libben troch. Hwant wit, it lok bigjint Earst, as men ek de lytse wearden sjocht. 'k Patsje it blomt, dat yn 'e sinneglâns Sa wûnder moai ta in bilofte tynt. 'k Rin as yn dream bikende paden lâns. En 'k wit, dat hjir myn hert de frede fynt, Hwat joech it libben ea oan blider glâns As dizze dei, dy't wol foar ivich skynt? [pagina 198] [p. 198] Nacht It liet is út, nou't dizze neare nacht 't Forgiene libben 't strange fonnis skriuwt En alle dieden ta forflokking driuwt En 't terge hert al mêdder, mêdder slacht. It liet is út nou't dizze bange klacht De lêste bit en mei de tonge priuwt En kraletellend ús 't farwol tawiuwt En 'n boarsten hoarn de ein blaest fan 'e jacht. Nimt hjir in liet de heaze klanken wei, Is der in sinne dy't it skaed biskynt, Is der in skreau dy't ferget, dy't ús bynt, Werom to roeijen tsjin 'e sterke stream Om aenst fannijs wer út in moaije dream Forslein to stean nei in to ljochte dei? Vorige Volgende