De Tsjerne. Jaargang 9(1954)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 193] [p. 193] [Nummer 7] E.B. Folkertsma: Koartom (IV). It bêste birou fan 'e sûnde is blydskip yn God. * * * It antlit fan 'e minske is oanlein op 'e laits. * * * Yn twivel dwêst gâns leafde. * * * Haw my leaf, o myn God, my dy't Jo net leafhawwe kin. * * * It libben is sa skriklike komysk, dat it sûnder hwatte tragyk net to fornearen wêze soe. * * * Panta rei? Alles dounset (skreaun Pinkster 1922). * * * Hwat yn minsken útlake wurdt, is it bern. * * * Hoenear is immen âld wurden? Hwannear't er net mear leafhat. * * * Hwer leit swierder forfeling as oer it forlitten perron fan in stasiontsje op in neare simmerneimiddei? * * * De bêste kristen is dy't bêst mei lytse bern omgean kin. Vorige Volgende