Mar hja is mear. As soldaet mank de soldaten libjend, hawwe de greatste swankebasten fan de midsieuwen in folsleine earbied foar har. Nimmen weaget it yn har bywêzigens to flokken of in ûnhuer wurd to sizzen. Op har wyt findel steane de wurden: Jezus, Maria. Hja boarst yn triennen út, as hja de Ingelsken, de poor goddams, blieden sjocht. Hja ûntflechtet de hulde fan de mannichte, om yn tsjerke to bidden. Hja easket net allinne Frankryk foar de Frânsken, mar ek de Frânsken en har kening foar God op. Hja is geny en hillige.
Yn har naïvens bigrypt hja net, dat gjin tiid sokke frjemden fordraecht, dat alles hwat namme, prestiizje, adat en tradysje op to hâlden hat, har frezet en hatet. As hja nei de brânsteapel giet, stekt nimmen in hân út om har to helpen. Kening Karel, dy't hja kroane hat en de kameraten, dy't hja fan oerwinning nei oerwinning laette, fiele it as in bifrijing, dat hja har kwyt binne.
Har rjochters wiene net in ploech rankuneuze dogeneaten, mar yn 't algemien rjochtskepen minsken, dy't har neffens eare en gewisse birjochten. Hja soene har rêdden hawwe, as hja net to fier boppe harren bigryp stien, as hja net in geny en in hillige west hie. Har wei wie dy fan de greate iensumen út de skiednis: hja rêdt har folk en kriget de deastraf as bileanning.
Sa set Shaw it libben en de ûndergong fan de Faem yn it ramt fan in universeel drama. Mar sa stelt er ek oan de spylders de heechste easken en ferget binammen de haedfiguer op in bigenedige kunstnerskip.
De krêften, dy't de Nederlandse Comedie op 'e planken bringt, binne fan in formaet, greaternôch om to jaen hwat de auteur bidoeld hat. As men bliid en foldien, mar dochs net yn alle opsichten optein is oer dizze opfiering, leit dat grif mear oan de Ingelske regisseur Seale as oan de spylders. De dékors wiene net allegear suggestyf, de útrissing fan party figueren koe wolris in bihindering west hawwe, om har los en frjj to spyljen. Generael La Trémouille (Paul Huf) is in bolder jende izerfretter en hie nou krekt gjin thémûtse op 'e holle hawwe moatten. De master-boal wie oars net as ien bonk mantel en mûtse, en allinne om't der lûd út dy doeken kaem, wist men, dat der in minske ûnder dit karnavalsmasker siet. De aertsbiskop fan Reims (Philippe la Chapelle) like wol hwat op in Sinteklaes. Gilles de Rais, Blauburd, hie in burd, sa blau as rogge blommen. Dit meije kleinichheden lykje, mar krekt yn dit stik, dêr't de greate psycholooch Shaw gjin statyske typen, mar minsken fan fleis en bloed skept, dy't dynamysk bihelle binne yn in binearjend drama, binne it wichtige faktoaren.
It earste bidriuw, grif ûnder in to strakke ynfloed fan de regissear, skaeide soms de klowneske kant hwat út. John Gobau as Robert de Baudricourt âlle to lûd en sloech to drok mei de fûst op 'e tafel.
Han Bentz van den Berg as generael Dunois oertsjûge daliks en Han Rigters as de slûchslimme Ingelske politikus Warwick wie treflik. It fjirde bidriuw, yn in Ingelske legertinte, dêr't Warwick, biskop Cauchon (Ton Lutz) en kapelaen De Stoqumber (Joan Remmelts) it komplot tsjin de Faem smeije, krige de spanning en de sfear, dy't dit drama easket. De flitsende, flymjende dialogen fan Shaw krigen hjir de dynamyk en it dramatysk aksint, dy't jin