| |
| |
| |
S.J. van der Molen:
Ut 'e skiednis fan it kabaret.
I.
It kabaret - sa seit Wim Kan yn syn nijste boek Corry en ik - stiet yn Nederlân optheden yn 'e bloei. Dat jildt foar Hollân, der't Kan sels, mar ek Sonneveld, Cruys Voorbergh en binammen Toon Hermans dy't mei syn Ballot okkerdeis to Ljouwert foar it earst in folle seale loek, wol de prominenten binne. Mar dat hâldt ek foar Fryslân, dat nei de oarloch mannich kabaretprogramma op 'e planken seach, itsij yn, itsij bûten de fêste selskipkes.
It soe nijsgjirrich wêze en gean ris nei, hwer't dizze Hollânske werberte en dizze Fryske berte oan to tankjen binne. Lit ús dat lykwols foar in oare kear biwarje en nou ris eat forhelje oer de skiednis fan dizze klienkunst, dy't net yn it foarste plak as ‘amusemint’ miend is.
Dy skiednis bislacht al in moai greate rige fan jierren. Dat wit ik ek sûnder stúdzje, hwant it mei my jit heuge as de dei fan juster, dat ik as skoaljonge, doe't wy in jiermennich om utens wennen, alle dagen op syn minst trijeris Het land van Noord-Scharwou en Mens, durf te leven! hearde, heech-útheljend songen fan buorljuwe dochter, dy't har sels (net ienris ûnfortsjinstlik) op 'e piano bigeliedde.
Dat wie lofts. Rjochts hâldde femylje ta fan Henk Stuurop, de bigelieder fan Van Riemsdijk en letter ek fan Jean Louis Pisuisse, en as dy pianist ris by omke en muoike útfanhûze, dan waerd der ek gâns in repertoire ôfarbeide. As ik der dan jit by siz, dat in muoike fan mines sljocht wie om de lietebondels fan Manna de Wijs-Mouton (ik kin jitte krekt biskriuwe hoe't de omkaften der útseagen), dan wurdt it my sa njonkelytsen klear, dat myn hert dêrom sa foar it kabaret slacht om't it winliken in âlde flam jildt.
De jierren der't ik nou oer praet, hie it Hollânske kabaret al in skiednis fan sa'n tweintich jier efter him, mar it Frânske wie dôch jit âlder. It wie in forskil fan mem en dochter. Hwant wy moatte dy mem sykje yn la douce France, yn 't bysûnder yn Parys. Slacht men in wurdboek of Kramers Woordentolk op, dan fynt men foar cabaret soksahwat as: herberge, kroech, artistyk café-chantant. En dan jitte apart: cabaret artistique, artistyk café-chan- | |
| |
tant, der't dichter-sjongers ensfh. nei foaren komme, soarte fan ‘fijner’ café-chantant. En as men dan café-chantant neigiet (de âlderein ken dat wurd better as it jongere slachte), lêst men: great café, der't men sjongen en muzyk hearre kin, wylst men oan taffeltsjes sit, lykas yn in kofjehûs.
Hjir hawwe wy de beide bitsjuttingen al byinoar. Cabaret is kroech, herberge, mar ek plak, der't kunstners op 'e planken komme en it publyk oan taffeltsjes nei harren harket en grif net by in gleske Frico of Chocomel. Dat is net sa slim. Slimmer is, dat wy nei Parys moatte om it ûntstean fan it kabaret nei to gean. Hwant as wy de Halbertsma's en de Dykstramannen as goede Friezen earje, dan moatte wy tagelyk Parys forspije sa fûl as wy mar kinne. Dokter Eeltsje skildert ús al de grytmanssoan, dy't in jier yn it Frânske lân omswabbe hie en dêr flokken leard hie út 'e pinne en mei de fammen op it slot libbe lykas men der to Parys yn it Palais Royal mei libbet. Aldergeloks huldiget Sibbel de Fryske tigens wer mei de wurden: ‘Ik hâld net fan de Frânske swier’. Vox populi! Frânske fordoarnens, Frânske blast en wyn (net it produkt fan de druven!) fjurje de Sytstra's en de Winklers hieltiten wer it pistol fan har moralisme op ôf. En oars nimt men mar it Frysk Wurdboek, der't men lêst: Wy sloegen in Frânskman de mûtse ôf, in utering' fan agressiviteit, dy't jin de ûnûntkombere konsekwinsje taliket fan it boppeneamde. Men soe ommers sizze: dit fordoarne skaei fortsjinnet net better. Lykwols, hjir sit in slim misbigryp, hwant as taljochting stiet der dan jitte by: en dronken en praetten oan fjouwer ûre ta. Nou't dit boppedat in sitaet út 'e Lapekoer bliken docht to wêzen, kinne wy, tinkt my, sûnder gefaer de reis nei de ljochtstêd wol oangean.
Men hoeft net nei Parys ta om kroechjes to sjen. Mar de artistike kroechjes, der't it cabaret út fuortkommen is, dy lykje der allinne mar yn de haedstêd fan Frankryk west to hawwen. Nou hat Parys fansels ieuwenlang in sintrom fan kultuer en kunst west en yn de foarige ieu wie syn skilderskoloanje op Montmartre wiid-forneamd. It leit yn 'e reden, dat dizze bohémiens gauris byelkoar kamen om oer de kunst to praten en in glês wyn of jitte gleoner dranken to konsumearjen. Nou seit de oerlevering, dat hja dat net allinne diene yn in mannich bikende café's, lykas it cabaret
| |
| |
Dinochan en ‘la Californie’, mar dat de earme skilder Rodolphe Salis (dy't nammers fan aedlik komôf wie) syn winkeltsje-anneks-atelier op de Boulevard Rochechouart makke ta in sammelplak fan skilders en dichters, dy't dêr bier krije koene, paradoksen oer de kunst lânsearren en sa njonkelytsen mei in sankje of in fers nei foaren kamen, dat in great sukses waerd. Salis bihong doe syn keboefke mei skilderijen, bylden en antikiteiten, dy't syn kunstbruorren him oandroegen en makke in lokael dat 4 by 7 meter great of leaver lyts wie, ta it sintrom fan jong en kunstleavjend Parys. It ding krige nei in kat dy't gauris as model tsjinne hie, de namme Le chat noir en.... it foarste cabaret artistique der't ek artistike soirée's hâlden waerden, wie berne.
Der kamen op 't lêst jouns safolle minsken dat it lokaeltsje koe de lju net mear hâlde en Salis moast om in oar hinnekommen sykje. Dat waerd foun yn it great hûs yn de Rue de Laval (neffens oare boarnen de Rue de Victor Massé) der't Le chat noir yn 1885 syn yntrek naem. Foar de doar stie it devys: Passant, sois moderne. Ik sil jimme de biskriuwing fan it bûnte ynterieur sparje om der op to wizen, dat yn dizze gelegenheit de greatste Frânske kunstners gearkamen en it cabaret yn syn âldste foarm - dat is de ymprovisaesje - bioefenen. Hwa't mar artyst wie, koe nei foaren komme: sjonger of dichter, sketser of skaedbyldkunstner, mits er mar spontaen syn kunst brocht. Salis praette de ûnderskate nûmers mei in conférence oaninoar en hat sa nei alle gedachten de earste conférencier to wrâld west. Op 'en dûr ûnstie út dit ymprovisearre gehiel in ensemble, dat ûnder deselde namme Le chat noir sels de provinsje bireizge, en mei gâns sukses. Yn 1896 waerd it opdoekt en stoar Salis, wurch fan in bannich en swier libben, op it slot Nintré.
Nei it cabaret fan Salis kamen oare cabarets op: Le cabaret du Chien noir, Le Cabaret du Ciel, L'Enfer, Le Mirliton, ensafuorthinne. Hja binne nea sa forneamd wurden as dat fan de Swarte Kat, al hawwe ek oan dy cabarets wol bikende artisten meiarbeide.
Wie it cabaret as in soarte fan bûnt artistyk programma al hwat nijs, binammen hat it tige bydroegen ta it ûntstean en de bloei fan in nij slach liet, it chanson, it libbensliet. Nou koene se yn Frankryk al ieuwenlang chansons. It wurd waerd byg. ek brûkt foar de âld-Frânske heltelieten dy't yn de 11te ieu ûntstiene, lyk as byg. la Chanson de Roland,
| |
| |
dat tige bikend wurden is. Yn de midsieuwen leveren trouvères en troubadours wurden en muzyk ta de ûnderskate genres der't ek de chansons sottes ta hearden, parodyen op earnstige lieten. Fansels binne der ek to uzes wol parodyen út it forline bikend, mar it seit doch grif wol hwat dat dit soarte wurk sa ier al by de Frânsken yn 'e bloei stie. It folkskarakter hat dêr sûnder mis in rol by spile. Troch alle ieuwen hinne ha der yn Frankryk chansonniers west en gauris hiene har lieten in politike en dus aktuéle ynslach. It hat gjin doel en gean hjir de skiednis dêr fan nei, mar al is it fan bilang der op to wizen, dat it kafé-konsert mar binammen it cabaret litteraire yn de 80-er jierren nije eleminten yn it chanson brocht en ek in nije foarm: dy fan koupletten mei in refrein, sûnt al tige ynboargere. It âlde folksliet hie dy foarm net; ek it Frysk Lieteboek hat hwat it 19de-ieuske en âldere mateariael oanbilanget, gjin sangen mei kouplet en refrein. As ik myn âlde Oosthoek opslach, lês ik dêr, dat ien fan de nijste genres yn it chanson dat fan de chansons rosses is, der't synysk en ûnmeilydsum de forkearde dingen en eigenskippen fan de hjoeddeiske minske yn oer de hikel helle wurde. Yn it algemien hat sûnt it opkommen fan it moderne kabaret yn Nederlân en Dútsklân ‘chanson’ de bitsjutting krige fan kabaretliet, libbensliet. Dizze namme ‘levenslied’ hjit ôfkomstich to wêzen fan Pisuisse. Doe't hy mei Blokzijl as ‘journalisten-chansonniers’ troch Ynje reizge, waerd der frege hwerom't hja eigentlik it Frânske wurd chanson brûkten (lyk as men sjocht: ek hjirre waerd mei de saek de frjemde namme oernommen!) en doe bitochten hja in Nederlânske oantsjutting. Earst: het beschrijvende lied, doe: Het lied van het leven en
op 't lêst: Levenslied.
In lange rige nammen fan sjongers en tekstskriuwerskomponisten is oan de Swarte kat en de Swarte houn forboun. Dêr wie Emile Goudeau, de rjochterhân fan Salis, in literator fan namme en kwaliteit, dy't nei't men oannimt winliken de literaire ynslach oan Montmartre joech. Hy skreau ûnder oaren Poèmes ironiques, in titel, dy't typysk is foar it genre, dat it jonge kabaret ûnder it folk brocht. Dêr wie de spoarman Victor Meusy, dy't yn 1895 it Cabaret du Chien noir oprjochte; Mimy Pinson, dy't yn de Rue Lipic har romances song; de arbeider Aristide Bruant, it type fan de Montmartre-sjonger mei syn lange hierren, flewielen broek, greate hoed en reade halsdoek. Hy hat as foarbyld
| |
| |
tsjinne foar de omslachtekening op Cabaret der plaatsvervangers, roman fan Siegfried E. van Praag (A'dam 1950), en der bistiet ek in affiche fan him mei syn artistyk stal en de oankundiging Tous les soirs Bruant au Mirliton - Bock 13 sous, tekene fan de forneamde Toulouse-Lautrec. Hy stie gauris op 'e tafel to sjongen en to praten (syn conférence wie de krûdige kant neist en hy slingere syn publyk it iene skeldwurd foar en it oare nei om 'e holle) en song frâl fan de dieven en de huorren, der't er as revolusionnair minske manmoedich de offisiële fetsoenlikens mei hjitfolge. Bruant, freon fan Toulouse en Steinlen, wie in dichter, hwaens bondels Dans la rue en Sur la route ta it moaiste hearre, dat it âlde Parizer kabaret neilitten hat.
Wy moatte ek jit neame de spoarman Théodore Botrel, hwaens lietebondel Les chansons de chez nous fan de Académie Française in priis krige; de amoureuze advokaet Xavier Privas, dy't yn 1892 as chansonnier de Montmartre op 'e planken kaem en dy't ek yn Skeveningen songen hat (syn Chanson des heures is in skoallefoarbyld fan it Frânske kabaretliet); de chansonnière Yvette Guilbert, berne yn 1869 to Parys en earst winkeljuffer. Hja hawwe allegearre fan greate ynfloed west op it Dútske sa goed as it Hollânske kabaret, dat om de ieuwiksel hinne ûntstie.
De earste Hollânske dichter-sjonger, dy't it Frânske foarbyld folge, wie grif Eduard Jacobs. Al yn 1896 stie hy yn in kroech yn de Quellijnstrjitte to Amsterdam oersettingen to sjongen fan Bruant, Xanrof en Yvette Guilbert, fan himsels makke of fan Martin Liket, better bikend as Sam Trip. Nei de moade fan dy dagen gyng er sels mei it sintebakje by syn (troch de bank ryk) auditorium lâns en wé dejinge, dy't der neffens him net genôch yn die: dy krige it bakje nei de holle! Dat er tige ûnder de ynfloed fan Bruant stie, die net allinne bliken út syn repertoire, mar ek út syn wenst om it publyk út to kafferjen, dat soks fan him wol op koe. Skerp, bitend en bretael wie syn kunst, dy't er yn Amsterdamske en Haechske sealen bioefene ont er op 't lêst op it Konsertgeboupodium to lânne kaem. Oars as oaren, hat er syn rom net oerlibbe: yn 1914 is Jacobs stoarn, doe't syn wurk jit tige wurdearre waerd. Nammers, njonken lietsjes fan Dirk Witte wurde der yn it Hollânske kabaret ek hjoed de dei jitte gauris teksten fan Eduard Jacobs songen. It binne de earste lûden fan in eigen kabaret to uzes.
Al binne wy stadichoan fan Frankryk yn Hollân
| |
| |
tolânne kommen, it is dôch to bytiid om nou al de skiednis fan it Hollânske kabaret nei to gean. Hwant de woartels derfan lizze net inkeld yn Parys, hja lizze ek yn Dútsklân. Pisuisse joech it earne sels ta: ‘Speenhoff en Jacobs zijn voor mij de eersten geweest, die de mensen hebben opgevoed tot het chanson, tegelijk met de twee Duitse “Ueberbrettls”, die we hier in de 90-er jaren voor 't eerst hadden.’
Dizze forwizing nei it Dútske kabaret fan om 1900 hinne is wol fan bilang, om't de werberte fan it moderne Hollânske kabaret net to tinken is sûnder de foarbylden fan it Dútske emigrantekabaret út de tritiger jierren, Der Blaue Vogel (winliken fan Russysk komôf) en binammen Erika Mann har Pfeffermühle, der't de Sonnevelds, de Kans en de Hermans' direkt of yndirekt gâns fan opstutsen hawwe.
Nou is it spitich, dat der oer dit Ueberbrettl sa'n bytsje bikend is. Edmond Visser, hwaens Het Nederlandsche Cabaret (1920) lang it iennichste boek oer it Hollânske kabaret west hat, neamt mar ien wurk: Das Cabaret, dat doe al útforkoft wie. Skriuwer wie Hans Heinz Ewers, (letter yn de tritiger jierren) in forneamd nazi-auteur. Ik haw it spitigernôch, likemin as Visser, net bisette kind. Lykwols binne der in mennich publikaesjes, der't men alteast de sfear út priuwe kin fan it Dútske kabaret, der't ûnder Ueberbrettl de Brockhaus moai krekt as definysje fan opjowt: Kleinkunst-Bühnen die ohne groszen dekorativen Aufwand ihre Besucher in meist heiterer Form unterhalten.
Bikend is ek, dat de literator Ernst von Wolzogen yn 1901 to München it earste Ueberbrettl stifte, letter folge fan kabarets to Berlyn, Leipzig, Hamburg en oare stêdden. Von Wolzogen, berne yn 1855, skreau literair wurk, dat yn de hânboeken priizge wurdt as fris, koartswilich, float, licht fan styl en mei in goede typearring; allegearre eigenskippen, dy't foar it chanson tige gaedlik en lokkich binne. Dat hy de sfear fan it echte kabaretliet treflik oanfielde en dat er it genre oankoe, kin bygelyks bliken dwaen út syn navrant liet Das Laufmädel, dat foarkomt yn in aldernijsgjirrichst boekje, titele Deutsche Chansons (Brettl-Lieder), dat yn 1912 by de Insel-Verlag syn safolleste printinge bilibbe (63ste ont 75ste tûzental!). It skilderet it bistean fan it famke, dat foar it moadehûs de pakjes fuortbringe moat:
| |
| |
Platschepitsch - Spagatelregen -
Schokolad auf allen Wegen.
Stiefelt tapfer durch die Brüh.
Mädel, kleines Mädel, laufe -
Aus dem Regen in die Traufe!
Trippeltrab treppauf und ab,
Stöckelstiefel klippeklapp -
Morgen kommt ein Herr Baron
Yn de folgjende koupletten nimt de winskdream earst it stal oan fan in greve, dan fan in prins, wylst it lêste yn syn klimaks rou ûnthjit:
Bald ein End hat alle Not -
Frühling wirds - dann kommt der Tod!
Dat Von Wolzogen, alhoewol ‘Freiherr’, fan it rjochte Brettelhout snien wie, biwiist ek syn kostlike satire: Das Philisterparadies. Dat stiet wer yn in oare samling, nammentlik Die zehnte Muse, Dichtungen vom Brettl und fürs Brettl, sammele fan Maximilian Bern en al publisearre yn 1901. Myn eksemplaer is ien fan it 115de tûzental, dat yn 1914 útkaem en sjen lit, dat der doe yn Dútsklân jit wol bilangstelling bistie foar it kabaret. In pear priuwkes:
Hei! Im Philisterparadies
gibt 's gerade Wege mit gelbem Kies,
Unkraut wird nicht darin gelitten,
die Hecken sind alle fein beschnitten....
Am Eingang grüsst, statt Versgeschwafel,
eine bildsaubere Warnungstafel,
worauf Verordnungen und Strafen
zu lesen in deutlichen Paragraphen....
Die vorschriftsmässige Sittichkeit
erheischt nach Einbruch der Dunkelheit
reinliche Trennung der Geschlechter
durch den zuständigen Herrn Nachtwächter.
| |
| |
Verschlossen ist streng das Paradies
für Malcontente und Genies,
doch steht es off en für jedermann,
der seinen Stumpfsinn beweisen kann.
Gâns in rige fan dichters, skriuwers en journalisten hat it âlde Dútske kabaret fan teksten forsjoen. Lieten fan Otto Julius Bierbaum (bondel Irrgarten der Liebe, 1906), Rudolf Presber, Frank Wedekind, Richard Dehmel, Joachim Ring'elnatz en oaren wiene foar it jonge Hollânske kabaret wolkom as oanfolling fan it alfolle Frânsk-ynstelde repertoire en hearre ek nou jitte ta it moaiste, dat de âlde Brettlbiweging opsmiten hat.
Wy meije wol oannimme, dat it Dútske kabaret yn de oare oarloch op 'e rêch lein hat en dat pas de revolúsje fan '18 nije bloei brochte. As Visser om 1920 hinne Ada Sorel interviewt, to uzes oankundige as Deutschland's erste Kabaretkünstlerin, tarre se dêr foar in part jit op âlde nammen lykas de 11 Scharfrichter (fan Wedekind, Bierbaum en Von Wolzogen) en komme der mar inkelde nije nei foaren (bygelyks Rudolf Nelson, dy't dôch neffens ús bitinken mear nei it amusemint útskaeide, al hiet syn kabaret ek Le chat noir). Dat komt dan moai goed oerien mei de tastân yn ús lân, der't Pisuisse ek de moedfearren hing'je liet en forklearre: ‘Het Nederlandse publiek blijkt niets te voelen voor zo hoog mogelijk opgevoerde amusementskunst (Pisuisse brûkte dit wurd net yn de hjoeddeiske bitsjutting: sûnder kunst) in een intiem kroegje, want dat is toch eigenlijk 't kabaret. En in 't buitenland is op het ogenblik dezelfde misère’. Dat wie fuort nei de earste wrâldoarloch.
(It lêste sil folgje.)
|
|