| |
| |
| |
Nico Ytsma:
Ofskie fan Lea.
(It lêste.)
Sa hie dizze hiele episoade as in ûnbinullichheitsje foarby gean kinnen. As ik nei Bandung oerpleatst wie, wie soks moai wis bard. Hie ik faeks yn in forfeelsum momintsje ris oan Léa tocht, sa op soartgelikense manear as ik noch wolris oan dy âlde papajabeam tink, dêr't wy, op stuiten dat wy gjin wei foar ús surplus oan energy hiene, mei de bajonetten op smieten. Soms gong it ding der oan it hânsel ta yn.
‘Hwat soe weaker wêze, papajahout of minskefleis?’, sei Pyt.
‘'t Is my gjin meditaesje wurdich’, sei Frederik by syn lange noas lâns. Lykwols haw ik der faeks dochs oer meditearre. Is papajahout yn it oantinken faeks dochs sterker as papajahout? Feitliks haw ik oan Sina en Béa dochs net safolle oantinken hâlden, en lykwols hawwe it plezierige en ûnbisoarge jounen west. Bandung' is trouwens moai. Deis de bergen, dy't klear tsjin de loft ôfstekke. Jouns út Lembang wer op 'e ljochten delsjen. Ik kin my net folle petearen mei Béa mear foarstelle, wy flinteren sahwat fan it iene op it oare. Hja ornearre dat ik goed stjûre koe, hoewol't ik altyd in wreden ien foar de weinen west haw. Sina wie sahwat krekt sa. Hja wiene beide wol leaf en as hja der doe net west hiene, hie alles gâns biroerder en fealder west yn dy tiid. Nammers, ik hie doe ek al problemen, of doe krekt, dat wit ik net sa lyk mear. Dit kâlde lân mei syn neakene fiergesichten liket my gâns wisser fan myn saken makke to hawwen as ik doedestiids faek wie. En dochs is hwat fan dy ûnrêst yn my hingjen bleaun. Soms skout ynienen de sinne de mistgerdinen oan kant en rize mânsk en dreech de âlde Preanger-fulkanen op. Oergetten fan ljocht. Hwerom soe in minske ek gjin forlet fan soks ha? Sykje ik dêr hwat? Wol ik der wer hinne? Ik prakkesearje wolris oer soks. It is wol nijsgjirrich. ‘Dou fielst dy in nul yn 'e maetskippij,’ sei Frederik okkerdeis tsjin my. ‘Dêrom bist wol nijsgjirrich. Mar dat moatst in bytsje temperje. Der bin wol helte midsmjtitiger lju as dou,
| |
| |
dy't it fierder skoppe, omt se greater bek hawwe’, sei er. Frederik is by de krante. Hwat er krekt docht, wit ik net, mar it liket frijhwat bilangryk. Hy is tige tofreden. Allinnich syn forloofde sinnicht my net. As dat nou dat ideael is! Faeks himsels ek net, mar wit dat ris by Frederik.
Fan Léa seach ik nei dy biwuste joun net folle mear. Noch ien of twa kear wipte hja by ús oan en hja naem net to folle notysje fan my, of ik net fan har. Frederik wie altyd tige korrekt tsjin har. Wolris hwat spotsk, mar dan altyd foarsichtich.
‘Dy wiven, dy't hjir kaem binne om hwat foar de greate saek to dwaen’, sei Frederik tsjin my. Hy loek syn lange noas op.
‘Nou, hwatte?’, frege ik. Ik wie sa fier hinne, dat ik my ergere oan altyd itselde forhael.
‘Dyn harsens droegje ek út, fader’, sei ik, ‘hwa is dy greate saek? Bistou dat? Nou, de saek is der to goed foar, nou?’
‘Wie Léa hwat aerdich tsjin dy?’, sei er, ‘'t Is oars krekt hwat foar dy, heal mem, heal fampier, en dêrby net stom en net ûnhimmel. Se rekket net gau op dy útsjoen, hwant se hat dy net hielendal troch.’
Dizze iene kear haw ik wier in hekel oan Frederik hawn. Ik koe dy útdrukking op syn gesicht net útstean. It wie of't it him alhiel yn 'e bisnijing hie, dat it in soarte hertstocht fan him wie oer Léa to praten. Hy praette as in primityf munster, wylst syn reedlik forstân wist, dat hja likegoed as hy, likegoed as ik, likegoed as wy, immen wie.
‘Hè'n’, sei er, ‘hwat bidoelst?’
‘Dat wy net allinnich weagen yn 'e sé fan 'e tiid binne, Frederik, dat wy binne. En ik fyn dy, op dit stuit tominsten, in leffert.’
Frederik seach my ynienen strak oan. De spotsjende glimk wie om syn mûle fordwoun, hy stie rjochtop foar de tafel en loek fûleindich oan syn sigaret. Doe stoarre er foar him út. ‘Miskien hast wol gelyk’, sei er.
‘Ja’, sei ik, ‘miskien wol.’ Ik wist net hwat er krekt bidoelde en doe't ik allinnich de strjitte op swalke, wist ik ek net hwat ik sels bidoelde. Ik woe neitinke, mar myn harsens wegeren systematysk tsjinst. Doe't ik sahwat oan 'e kantine ta wie, der't ik moai wis Léa treffe koe, bleau ik stean. Myn hert bounze mei mokerslag'gen. Ik bisocht nei to tinken hwat ik feitliks fan doel wie: beevjend fan agi- | |
| |
taesje nei Léa ta to gean om ûnbinullichheden to forkeapjen. Ik haw nea in goed tonielspylder west.
Frederik soe yn 'e selde omstannichheden, steld dat dy by him mooglik wiene, mei in forfeelsum air limûn bisteld hawwe en de stuoltsjes ris lâns sjoen hawwe: ‘Heden, hoe is 't mooglik, dêr sit hja ek’. Of spile ik myn rol to goed, om yn 'e wurklikheit weromkeare to kinnen? Hwa syn rol spile ik feitiiks? Ik waerd steurd yn myn bisluteleazens troch immen dy't my ûnbarmhertich beetpakte.
‘Hea, hwat dochstou hjir, stiest op in rôk to wachtsjen?’ It wie Mark Oasing'a.
‘Ik tink nei’, sei ik skiepeftich.
‘Giest mei nei de kantine? Dan drinke wy hwat.’
Togearre rounen wy de kantine yn. Dy wie bynei ûtstoarn. By inkelde taffeltsjes sieten in pear froulju forfeelsum of sliepperich hwat to lêzen. Yn ien eachopslach hie ik it sjoen: hja wie der net. Stadichoan kamen de libbensgeasten yn my werom.
‘Demobilisearrest hast, Mark?’, sei ik.
‘Noch ien moanne’, sei Mark, ‘tiga pulu dagen en dan is er foar de bakker. Witst it nijste nijs noch net, hè'n? De âld man hat der yn biwillige, dat ik nei it konservatoarium gean.’ Syn eagen ljochten bliid nei my op.
‘Prachtich, keardel’, sei ik, ‘dêr bin ik bliid om. Spylje ris hwat op dy âld fleugel, dêr yn 'e hoeke.’
Hy seach de kantine ris yn 't roun, doe stevene er op it âlde ynstrumint ôf, it wie gammel, mar de klank wie goed. In eagenblik letter wie de kantine fol fan in wetterfal fan toanen en akkoarden, en nei in sets je stie it hiele espeltsje, dat forfeelsum by de tafeltsjes sitten hie, om 'e piano hinne. Der waerd applaudisearre doe't it ut wie. In lomp frommins yn khaki kaem op my ôf.
‘Is hy in kammeraet fan dy?’, frege hja, op Mark wizend.
‘Né, ik bin in kammeraet fan him’, sei ik. Se wist net folle mear to sizzen, en om de rotste net to lykjen, sei ik: ‘Hwat is 't hjir in deade boel, net?’
‘Omt Léa der net is?’, freg'e hja. ‘Dy is mei in oar út, in offisier.’
‘Binne alle froulju sa?’, frege ik.
‘Sa as Léa? Né.’
‘Né, ik bidoel sa as dou.’ Ik draeide my om en roun de kantine út. Mark roun efter my oan.
Hoe lang it nei dy biwuste joun wie, dat ik Léa foar
| |
| |
't earst wer seach, wit ik net mear. It is my ek forgetten of't ik yn dy tiid wol ea oan har tocht haw. Miskien sa en passant ris, of faeks ek mei sin wol net. It wie yn Sukabumi yn in restaurant. Wy wiene ûnderweis nei Bandung en hâldden efkes drinkskoft. Flak foar ús sieten twa A.A.T.- ers. Hja laken en praetten hwat bearderich, wierskynlik omt hja in frou by har oan it tafeltsje hiene. In frjemd, muoisum affearen nammers ûnder kammeraten. Hja siet mei de rêch nei my ta. Ik tocht oan de pear dagen, dy't ik yn Bandung to forstriken hie. Dit soe myn ôfskie fan dy stêd wurde. Myn maten praetten en ik seach hwat om my hinne. Wie it, dat ik hwat in mankelyk sin hie, dat ik tocht dat hja der min útseach? Ik hie der wier net op sind, mar ynienen seach hja om en seach my lyk oan. It wie Léa. Hja like wurch. ‘Hea, Léa’, sei ik en kaem oerein om op har ta to gean. ‘Ha, jonges’, sei se, ‘hoe is 't mei jimme?’
‘Silst ek nei Bandung, Léa?’t sei Henk, ‘dan kinst wol mei ús ride.’
Hja sette in forachtlik gesicht. ‘Né, ik gean wer nei de waermte, 'k moat my nedich ris opstoovje litte.’ ‘Hast mei al dy froulju sûnder kearel’, sei Albert, ‘as se se net op in sêft pitsje to soarjen sitte, komme se om. Der moat om tocht en op past wurde.’
‘Soa, filosoof’, sei hja, ‘tinkst der noch altyd sa oer.’ Mar it wie, of't se út sleur andert joech, der siet gjin enthousiasme yn. De A.A.T.-ers kamen by ús to sitten.
‘Ja, wy bringe dit sloof mar efkes nei de haedstêd.’
‘Yn dat âld kring fan in trijetonner?’, frege ik.
De AA.T-ers laken. ‘Ja, mar it âld lyk rint noch.’ Ik gniisde.
‘Koest wier gjin better wein krije, Léa?’
Hja seach my ynienen wol sa helpeleas oan, dat ik net wist hwat ik der oan hie.
‘Hoenear demobilisearrestou?’, frege hja hastich. It hie der fan of't dit antwurd de wrâld foar har rêdde moast.
‘Mei in wike sil ik it kamp yn.’
‘Hast der sin oan?’
‘Ik wit net’, sei ik, ‘wy sille it wol fornimme.’
‘Ik soe mar by de T.N.I. tekenje’, sei ien fan 'e A.A.T.-ers forachtlik.
‘Och’, sei Henk, ‘hy mient it net sa min, ju, mar soms hat er in tik fan 'e moune hawn.’
‘Sjogge wy inoar nochris, of dridzest sa ôf?’, frege Léa.
| |
| |
‘Miskien sjogge wy inoar noch wol’, sei ik frij achteleas. Letter, doe't wy wer rieden, foun ik it hwat wreed, mar hwat hie ik feitliks mei Léa oan 'e pet?
‘Ik mei dat mokkel net’, sei Henk. ‘Tink om myn wurden, dy hat har to g'oed forrifelje litten yn Bandung.’
‘Tochtst?’, sei ik.
‘Och hwat, elkenien dat net in al to greate hufter is, kin har ommers sa fier krije. Dy lju binne ommers hast allegearre gelyk. It draeit allinnich om ditte.’ Syn stim wie prachtich lulk.
‘Mar Albert bliuwt wol soun. Ik kin myn mokkel aenst rjocht yn 'e eagen sjen as ik thúskom.’
‘Ja, dêr bistou glêshurd genôch ta’, sei Henk mei syn djip earnstich lûd. Wy laken allegearre.
‘Spitich dat Frederik net mei is’, sei Albert. ‘Dy hufter hat him juster tobarsten fretten oan 'e djeruks en nou liket er wol in....’
Sa mei ien klap wie myn goed sin werom kaem. De frisse berchwyn waeide om ús hinne. Us stens leine oer ús knibbels as domme, hurde dingen. It libben wie goed.
Frederik syn forloving is út. Ik observearre it, doe't er driftich syn knokkelige fingers oer de toetsen fan syn skriuwmasine ride liet. Hy siet op syn keammerke.
‘Gean dochs net efter my stean’, sei er irritearre.
Oars bin ik faek net sa skerp yn dat soart dingen, mar hy hie sa'n stom lyts rinkje om, fanwegen de abnormale omfang fan syn fingers. Syn fingers hiene hwat fan krûme tinen fan in túnklauwer, en sa joech it my altyd it idé dat er it stik je g'oud der by it klauwen tusken de blommen in kear tafallich oan krige hie en it doe mar sitte litten. Lykwols, it wie nou fuort. Ik hie net de moed om to sizzen: Bist wol wis, datst ea fan har hâlden hast? En, bist wol wis dat hja ea fan dy hâlden hat? Miskien wied er der wol kapot fan, miskien ek wol net fansels. Dat lêste like my trouwens it meast foar de hân lizzende ta. Mar hwa ken syn evenminske?
‘Dochs haw ik in swak foar dy’, sei ik.
‘Dit wurdt in artikel oer de ynterne migraesje yn ús lân’, sei er.
‘Bist dêr noch al goed yn?’
‘Ik haw der oer lêzen, it is machtich ynteressant, ast dy der hwat yn bijowste.’
‘Ja, hwat feitliks net?’, frege ik.
| |
| |
‘Wiskunde’, sei er, en it rotseilân fan syn noas stie as in mânske pyk yn it grimas fan 'e weilutsen sé fan syn wangen.
‘Dochst dêr noch hwat oan’, sei ik.
‘Ik studearje K.l foar de lol.’
‘Hast dus noch wol lol?’, sei ik.
Hy seach my forfeelsum oan.
‘Hwat sikest hjir feitliks?’, frege er.
‘Ik woe dy helpe to sykjen om dat stik goud. Bist it kwyt?’
‘Ik haw it oan 'e dyk set’, sei er.
‘It koe ek net lykje by Léa, wol?’ It wie der út, hwat my nou al dagen lang yn it sin omspile hie en my nijsgjirrich as in froumins makke: to witten of't Frederik destiids wier syn hiele lot yn 'e swiere earms fan Léa smite wollen hie.
‘Forrek dou’, sei Frederik, ‘hwat bistou bytiden dochs in seldsum âld wiif, dêr binne wier gjin oare wurden foar.’
Ik seach him oan. ‘Dou bist der sels trije wike forlyn oer bigoun. Hwat is der tsjin en wês in kear rjochtút, ast dêr dyn evenminske in deugd mei dwaen kinst? Miskien haw ik wol faker earlik tsjin dy west as dou tsjin my.’
‘Lulhannes’, sei er, mar syn lûd wie aerdich tasjitliker as earst.
‘Hwat wolst witte?’, sei er. ‘Ik sil my útklaeije, neaken op 'e tafel.’
‘Bisparje my dàt leaver, wês in man en siz, hwerom ast my ienris sa gol tajown hast, datst in lefbek wiest?’
‘Hoenear wie dat?’
‘De iene kear dat ik it wier miende, doest biweardest dat se in hoer wie.’ Hy gyng rjocht op 'e stoel sitten en klapte de hakken tsjininoar oan. Hy blaesde de reek neitinkend omheech.
‘Ja’, sei er, ‘doe hiest g'elyk.’
Ik fielde in foldien gefoel yn my opkommen, dêr't ik op 't selde stuit mislik fan wie. Dit wie syn manear fan tajaen, dit hie ik dan ek to akseptearjen.
‘Fijn, he'n?’, sei er spotsk, lyk as hie er yn myn siel lêzen. Ik waerd forlegen. ‘Sa moatst net, Frederik.’
Doe kaem syn myld hert boppe. It is dêrom, dat ik foar Frederik in útsûndering meitsje? Hy sloech syn earm fortroulik om my hinne.
‘Lit my dan net witte hwat it is, ik haw wol yntuysje.’
‘Ik soms net?’, frege ik.
‘Lit my útprate’, sei er. ‘Dou bist ûnbifongener, dou
| |
| |
bist minder biredenearre as ik, en dochs haw ik my der nou al forskate kearen oer forwûndere, dat ik bytiden dochs in better gebrûk fan myn yntuysje meitsje as dou, datstou op stuiten redenearrest as ik allinnich op myn yntuysje fortrou. Dyn yntuysje hie dy feilleas fortelle moatten dat Djoke gjin fanke foar dy wie.’
‘Miskien hat er dat wol dien’, sei ik, ‘mar ik tocht dat it allinnich myn soun forstân wie.’ Hy gniisde. ‘Hast har wolris fan Léa forteld?’ Ik waerd in bytsje lulk: ‘Hwat witstou feitliks fan my en Léa?’ Hy seach my trouhertich oan. ‘Dat ik dy har forgund haw, sa as hja tsjin dy wie.’
‘Né’, sei ik hastich, ‘né Frederik, sa hat it net west. Hja hat ek yntuysje hawn, en ik bin der wis fan, dat hja witten hat dat it net koe, dat it in débacle wurde soe. Hja hat djip yn har it formoeden hawn, dat ik op in bipaelde manear in yngreven hekel, in swier emosjonele ôfkear fan har hie. Ik bin my der net earder biwust fan wurden as doestou seist dat hja....’
Ik seach ynienen it hiele tafriel wer foar my, sa as it in pear jier lyn tagien wie. De sinne stie gleon boppe it demobilisaesjekamp Tandjung Timur. De groun wie hurd en fol barsten. Ik roun dêrom tusken de barakken, fol fan tsjinstridige gefoelens. Ik bisocht bliid to wezen, dat ik wer nei hûs ta gyng. It slagg'e my net, ik like ôfstompe to wêzen, heal in apaeth. Ik bisocht mankelyk to wêzen oer it feit, dat ik dit lân, dêr't ik nou mear as trije jier omhúsmanne hie, forlitte soe, wierskynlik foargoed. Ik koe it my net yntinke. Ik woe hwat geweldichs fiele, hwat oerdonderjends, mar der wie neat as in forbjusterjende neatsizzendheit fan 'e dingen, sawahs, karbouwen, reade groun. En dochs wie der hwat dat my ûnrêstich makke. Ik hie it gefoel, dat ik sokssahwat wie as in fet bûter of pakguod dat yn it skip moat. Mar de papieren binne net yn oarder. Dat moast earst klear. Se soene dy papieren ek forjitte kinne. Dan bleau alles sa't it wie; dat gyng bûten my om. Ik woe op 'e ien of oare manear myn ûnrêst ynterpretearje. Ik woe feitliks myn leste fleachje ûnrêst eksploitearje; ik hie forlet fan ûnrêst, fan bangens, fan bigearte. Omt ik my skamme foar myn apathy. Ik harke nei de petearen, it kankerjen dat it sa lang duorre. Dat de ôfreis nou al foar de fjirde kear útsteld wie. En ik tocht: ‘Dou hast in klap fan 'e moune hawn, it kin dy net skele hwer't se dy hinne farre’. Ik wie in lichem dat forfierd wurde moast, mar it ynteres- | |
| |
searre my net hwerhinne. Doe tocht ik oan Léa, Ik wie blut. Ik socht op myn bêd, mar koe yn 't earstoan neat gaedliks fine om it to forkeapjen. Op 't lêst bisleat ik ta in wetterjas. Dan moast ik dy letter mar forgoedzje.
‘Sjogge wy inoar noch?’, hie hja sein. It wie de middeis fjouwer ûre, doe't ik Léa trof. Hja hie har tsjinst hawn en ik hie tritich goune yn 'e bûse.
‘Hallo’, sei Léa, ‘bist dochs noch kommen? Ik hie dy al ôfskreaun.’
‘Ja, ik hie al fuort wêze kind, Léa, mar it is sa net.’
‘Né, it is sa net, nou? Hoenear g'eane jimme nou?’
‘Moarn, as der gjin tsjinbirjocht komt.’
‘Né’, sei Léa, ‘dat komt der net.’
‘Hwat witstou dêrfan?’, sei ik.
‘Dêr bin ik wis fan, dit is ús ôfskie.’
Ik koe it net helpe, mar ik bigoun my hwat ûnbihaechlik to fielen. Hwat wie dit foar toan dy't hja oansloech? Hwat skriemerich refrein?
‘Ik haw noch tritich goune.’ Hja knikte erkentlik en ynienen sei hja: ‘Sille wy joun ris op âlderwetske manear de stêd bisjen?’ ‘Ja, Léa’, sei ik, ‘dat dogge wy. Dou meist sizze hwatte.’
‘Earst Glodok’, sei hja. Hja joech my in earm, en togearre rounen wy kalm neist inoar. It foei my op, dat hja lytser wie as ik, hoewol't ik har my dochs faek foarstel as greater.
It wie dûnker wurden. Oeral op Pasar Glodok baernden de heldere karbydljochten. As ik myn eagen healticht kniep, waerd alles ta ien greate ljochtsé. Fan it terras fan Orion ôf koest rêstich by in tafeltsje sittend delsjen op it biweechlike bidriuw dêrûnder. Wy sweijen beide. Myn holle wie fol fan hinne en wer flitsende tinzen. Ik fielde in frjemde biklamming. Of't ik hwat essinsiëels forgetten hie. Léa siet neist my. Ik hâldde har hân fêst. Ik seach de ljochtsjes fan Pasar Glodok skitterjen yn har eagen. Hie ik nou dat gefoel dêr't ik sa nei útsjoen hie? Dat my oerweldigjende gefoel fan hwat sensasioneels? Ik wist dat ik Glodok, dat ik Djakarta, dat ik in stik fan mysels hjir foar it lêst meimakke. Ik fielde my in amerij machteleas en bitter to moede. Doe fornaem ik dat Léa my oanseach. Hja hie in útdrukking op har gesicht dy't ik nea earder sjoen hie. Ik wist net, dat hja sa wie. Ik wie ynienen wis, dat hja fan my hâldde. As de mist oplûkt, de tichte mist, dy't alles
| |
| |
tiden lang forburg'en hat, dan is de wrâld oars. Dan is der de forwûndering dat alles oars is as it like hat. Dan ûntdekke wy dat der paden troch it lân rinne dy't wy net koene, ‘Hoenear giestou wer nei Europa, fanke’, sei ik.
‘Is it nedich nei Europa werom to gean?’, frege hja. Ik tocht nei. Ik bigriep dat hja earne mei tangele siet. Dat hja my útsocht hie om har út to praten en dat hja har hiele hope op dizze joun steld hie. Hwat is it soms swier om fortroulik to wêzen. Hwat is leafde feitliks? Hwat sympathy, hwat meilibjen? Is der in skeakel, dy't dizze dingen forbynt? Hearre hja byinoar? Ik wist ynienen dat dizze frou my neijer stie as hwa ek. Dat de wrâld dy't har makke hie, har opboud hie ta hwat hja nou wie, dwaende wie har iensum efter to litten. Hwerom? Omt de rykdom allinne foar de simpelen is? De tiid forneatiget ús allegearre op 'en dûr, Guon steane sterk as beammen yn 'e tiid. Oaren wurde fan him tramtearre en biseard en neaken en iensum fan him delset. De tiid is wreed foar harren dy't to kwetsber binne. Hwat hie hy mei Léa ûtheefd? Ik lies it yn har eagen, hja wie bang, hja doarst net tsjin syn iensumheit oan.
‘Dou bist net bliid datst nei dyn heitelân werom giest’, sei hja sêft. ‘Dou bist in frjemde swalker, sille de minsken tinke. Ik tink datstou greate muoite hawwe silst dy wer thús to fielen.’
Hja rette hwat nei myn inerlike gedachten. Hja wie der faeks net sa fier by troch.
‘Wy moasten togearre de wrâld trochswalkje kinne, Léa’, sei ik. Hja seach my waerm oan.
‘Ja’, sei hja, ‘sa moast de wrâld wêze, uzes, mar wy binne allinnich mar fan 'e wrâld.’ Hja seach foardel en lake sêft, hwat hopeleas.
‘Hwerom sitstou oer my yn?’, sei ik nei in skoftsje. ‘Ik sit yn noed oer dy. Hwat hastou mei dysels úthelle?’ Hja moat field hawwe dat ik dit wier miende: hja seach my tankber oan en doe in lange tiid neitinkend. Doe sloech hja har eagen del. Doe't hja my wer oanseach, wiene har eagen bang', kjel.
‘Léa’, sei ik, en ik koe myn eigen stim net, doe't ik har namme sei, ‘Léa, fortel my, hwat hat dy fint mei dy úthelle?’
Op har gesicht stie hopeleas forset. Hja suchte djip. ‘Och, hwat jowt it? Ik wit wol dat elkenien dit wol fan my forwachtet. Ik tocht my ris út to praten, mar hwat
| |
| |
jowt il? Ik bin net siik, dat moatst net tinke.’ Har eagen stiene fol triennen, hja fage se mei in koartkearich gebeart wei. Mar de triennen wiene net tsjin to hâlden. Ik forgeat alles om my hinne. Great meilijen wâlle yn my op. Wie it allinnich meilijen? Ik koe it my nou net forjaen, dat ik har destiids yn 'e steek litten hie. Ik sloech myn earm om Léa hinne. ‘Léa’, sei ik, ‘ien ding witstou, ik kin net sjen datstou ûngelokkich biste.’ Hja seach my oant glimkjend troch har triennen.
‘Forjow my, dat ik niis sa raer die’, sei hja, ‘krekt oft ik dy net fortroude. Ik sil dy alles fortelle, miskien dat it dan lichter wurdt.’
Hja fortelde, dat hja al trije moanne hinne wie. It soarte forhael, dat ik sa faek al heard hie, de iene kear ris hwat oars as de oare kear, de iene kear ris hwat wanhopiger as de oare kear, mar altyd itselde: forlangen, ûnrêst, bigearte, stroffelje, falle. Noch nea hie it sa'n yndruk op my makke lykwols as dizze kear. Ik seach har oan en it waerd my stadichoan dúdlik, hwat ik doe bidoeld hie tsjin Frederik: ‘Likegoed as dou en ik is hja.’ Ja wis, hja wie. Oars as de treurige forhalen fan 'e greate toloarstelling wie dit. Dy oaren soene forhalen bliuwe, as ik se net forg'eat. Ik soe se letter as achteneare boarger yn formiddens fan âlde dames fortelle kinne. Hja wie wurklikheit. Ik fornaem nou, dat de minsken nei ús sieten to sjen. ‘Kom, Léa’, sei ik, ‘wy sykje in oar plak.’ Ik rekkene ôf en wy bidarren mids de drokte fan taksi's en betjaks op it plein. Wy rounen in stille strjitte yn. It wie neare waerm. Sa as nou hie ik Léa noch nea meimakke. Hja wie lyts en dimmen, forwachte alles fan my. Ik fielde my lokkich. Al myn ûnrêst fan tofoaren wie forg'etten. Sels Léa like opmontere. Wy hiene de earms om inoar hinne slein. Ik bleau stean. Wy stiene foarinoar oer. Ik tute har op 'e mûle. Doe sloech hja krampeftich har earms om my hinne. Har hiele lea siddere as yn in kramp fan pine.
‘Dou moatst net fuortgean, oh, lit my....’ Ynienen hâldde hja kjel op, lyk as wie hja bang dizze lêste joun de saken to bidjerren. Myn gesicht like har gerest to stellen. ‘Né’, sei ik, ‘wy bliuwe byinoar.’
‘Wurden hawwe gjin wearde, bigripen dat is alles. Ik tankje dy foar alles....’ Ik lei de hân op har mûle. ‘Wurden binne mist, flokken skom’, sei ik.
‘En tinzen dan?’, frege hja.
| |
| |
‘Ik wit it net’, sei ik.
‘Ik wit it wol’, sei hja, wylst hja ticht tsjin my oankroep. ‘Tinzen binne greate bonkige wêzens, dy't nachts by jin op bêd komme om jin bang to meitsjen. Hoe tsjusterder it is, hoe greater hja wurde.’ De âlde spirit wie wer yn har weromkommen. Togearre rounen wy de passar oer. Wy hiene beide wille. Wy namen de tram nei in oar diel fan 'e stêd. Djakarta is in dounsjende, rotteljende stêd. Jakkerjende auto's, biweechlikheit, drokte, hinne en wer flitsende ljochten.
‘Hwat in stêd, net?’, sei ik sêft. Hja seach my oan. Ik tink dat hja seach dat myn eagen skitteren. Hja glimke, nestele har holle tsjin myn skouder: ‘Ja, joun wol, sille wy dounsje?’ Ynienen lake se. ‘O, né, dat kinst net, nou?’ Wy gyngen it A.M.V.J.-gebou yn. It orkestke spile full swing samba's. Wy bistelden limûn. Ik wie bliid dat hja har joun lokkich fielde. Ik tocht der oan hwat hja nou fan doel wie. It makke my waerm fan binnen oan Léa to tinken. Hja wie nou ticht by my. Sa ticht as joun hie hja noch nea by my west. Ik hie myn bislút naem: Ik soe har net wer yn 'e steek litte, hoe't de saken ek rinne mochten. De boat, dy't moarn de séen oer stekke soe nei in lân fier yn it noarden, wie in nuver, fier ding', hwat dat neat mei my to meitsjen hie. Wy gyngen oerein, rounen nei bûten. Dêr lei Rijswijk en Noordwijk, de dûbelde forkearswei mei de kali yn 'e midden. Léa like myn tinzen to rieden, ‘Hwat is it hearlik dat wy ús joun sa ljocht en lokkich fiele kinne’, sei hja. Ik seach har oan. Har gesicht stie tige earnstich. It like net wurch, sa as doe to Sukabumi, âldsk en weilutsen.
‘Mar Léa’, sei ik, ‘wy hoege dochs hjirnei ek net ûnlokkich to wêzen. Wy hawwe dan altyd ús oantinken, nou?’ En doe hastich: ‘Toe, lit ús nou joun nearne oer yn sitte’. It wie oft de ûngerêstens wer by har boppe kaem. Wy rounen ien fan 'e lytse sydstrjitsjes yn, dat op passar Baru útkomt. It wie der stil en healtsjuster.
‘Léa’, sei ik.
Hja kniep myn hân fêst yn harres. ‘Ja?’
‘Dy boat giet joun sûnder my fuort.’ Hja bleau mei in skok stean. Forheard seach hja my oan. ‘Né’, sei hja, ‘dat kinst net dwaen, dat....’ Hja hie myn beide hannen beet. Ik fielde hoe't hja beven. Ik loek har ticht tsjin my oan.
‘Ik haw dy ienkear yn 'e steek litten, dat doch ik nou net wer.’
| |
| |
Hja soe hwat sizze, mar ik lei har de hân op 'e mûle. ‘Ik wol mei dy trouwe, wy bliuwe altyd byinoar, hwat divelt ús de wrâld?’
Hja wraksele om har út myn greep los to meitsjen. Hja skodde en wraksele forheftich. Op 't lêst stie hja foar my. Wy himen beide. It swit roun my oer de foarholle, yn myn eagen. Ik preau de sâlte smaek yn 'e mûle. Hja wie de earste dy't wer praette: ‘Dou meist der mei gjin wurd wer oer prate’, sei hja. ‘Hwerom makkest it nou sa swier?’ Har eagen stiene fol triennen.
‘Wolst my thúsbringe?’, sei hja. ‘It wurdt sahwat bêdtiid.’ Hja bisocht to laitsjen, mar it mislearre op in tryste manear.
‘Bist nou lulk op my?’, frege Léa.
‘Doch net sa dwaes, fanke’, sei ik. ‘Hwerom leaust my net? Witst noch wol fan dy joun, doest tsjin my seist: ‘Witst hwat ik yn dy net mei: dyn reserves, dyn foarsichtichheit?’ Ik wiisde nei de kali. ‘Sjoch, dêr binne se, myn remmen, myn foarsichtichheit, myn reserves. Ik hâld fan dy, Léa.’
Hja line ticht tsjin my oan, ik wist dat hja skriemde. ‘Hwerom is it libben sa swier?’, lústere hja ynienen. ‘Ik wit datstou fan my hâldst en dat ik....’, har stim skokte. Doe sei hja: ‘Ik hâld ek fan dy, al hiel lang’.
‘Hwerom dogge wy dan sa théatrael, fanke, it libben is soms makliker as it liket.’
‘It kin net’, sei hja birêstend, mar mei hwat definityfs yn har lûd. ‘Ik kin it dy miskien net útlizze, jonge, mar..’ Ynienen wie hja harsels alhiel master. ‘Dou soest tinke kinne, dat it to let is dat ik dat tink, omt ik in bern forwachtsje, mar ik hâld to folle fan dy, ik wol dy net ûngelokkich meitsje. Ik kin net altyd sa wêze as ik joun wie. Toe, lit ús der net fierder oer prate. Meitsje it nou net swierder as it al is.’
‘It muoit dy nou, dat ik kaem bin, he'n?’, sei ik.
Hja skodholle forheftich. Ik wit net mear hwer't wy fierder oer praetten. Ik tute har by de poarte fan it hospitael, hja krong har forheftich tsjin my oan.
‘Moarn stean ik by de boat’, sei hja. Ik seach hastich in wyt stal yn it tsjuster fordwinen. Ik wie wurch. Myn holle wie leech. De apathy kaem werom. Alles wie ûnwerklik, allinne de feiten bistiene.
‘Sateh! Sateh! Sateh!’
| |
| |
‘Hé, maet, siz op, hwer moatst hinne?’
In auto hie hâlden flak foar my, en ik stie heal sliepend to liftsjen. Ik waerd wekker. ‘Tandjung Timur’, sei ik.
‘Soa, ek ryklik let’, grommele de kaptein. ‘Nou, stap yn. Moatst moarn mei de boat?’
‘Ja’, sei ik. Hy brocht my alhiel to plak.
De oare deis gongen wy nei de boat; de papieren wiene dus yn oarder.
Ik tôge myn kitbag oan board. Op 'e kaei spile it fanfare, rounen de koely's, stiene de freonen. In enthousiasteling sloech my op 't skouder. ‘Dêr geane wy de rotsoai út!’ Ik brocht myn rommel to plak en socht doe ien fan 'e boppeste dekken, dêr't ik in moai útsicht hie. Dêr stie Léa. In lyts figuerke mids safolle oaren. Ik raesde, wiuwde. Hja seach my.
Alles duorre in ivichheit. It laden fan it pakguod. It wachtsjen. Sa nou en dan rôp ik hwat, mar de ôfstân wie to fier. Op 't lêst waerden de trossen lossmiten. It plechtige momint. Ik bisocht panyk to fielen. Stadich wieken de minsken op 'e kaei efterút, de fluit droande. Ik seach Léa, har eagen stiene wiid iepen, hja wiuwde. Ik wiuwde.
‘Hear Jezus, lit nou de wrâld net yninoar falle’, sei ik, mar ik skamme my, hwant ik hie net ienris it minste idé dat dat wolris barre koe.
Java wykte wei. 't Wie iterstiid. Ik hie hûnger.
Frederik hie al de tiid dat ik him fortelde, my dan wer ris oansjoen en dan wer ris foar him útstoarre. Hy hie in oandachtich auditoarium west. Doe't it út wie, loek er oan syn lange noas, tige oandachtich.
‘Nou - en -’, sei ik.
‘Hast dyn foarrige faem dit forhael wolris forteld?’
‘Dou bist in hufter’, sei ik.
Hy seach my oan. Syn noas stie as in reuseftich foarberchtme oer syn brede gniis.
‘De beam yn mei Léa’, sei er. ‘Sille wy sjen oft der noch goud oan 'e dyk leit?’
Ik lake. Wy rounen nei bûten. De wyn wie opstutsen. It like wol wer Maitiid to wurden.
|
|