psychologyske bihearsking en oertsjûging.
Né, mar dit bidoel ik: Moasten der hieltyd twa minnen yn ien hert? Is, mei de wrakseling tusken ierdske bigearte en himelske leafde yn deselde minske hieltyd fan it bigjin ôf fiere to litten, it lêste sein? Hwa't de skiednis fan 'e Werdoperske biweging neigiet, fynt noch in oare, djipper demony as dy fan 'e tsjinstelling fuortynienen. De meast ascetyske leafde ta de himelske breidgeman allinnich al ropt en swart, yn ekstatyske oerdriuwing, neigeraden Eroos op en slacht, allinken of op in stuit, om yn flesklike bigearte, In big'earte sa sterk, dat hja foar gjin grinzen hâldt, foar dy fan natuerlikheit en fan sekse net ienris. Dy't bigoun is yn 'e Geast, bislút yn klearebare flesk, en Adamiterij wurdt Sodomiterij. Mar dat hat Ypk fan der Fear net sjoen, of de biskriuwing derfan net oankinnen. Of is hja der foar biwarre, har yn sokke djipten fan Satan to weagjen?
* * *
Dizze krityske oantekeningen wolle De Breugeman Komt lykwols yn it minst net leechlizze. Mei alle rjochtlike biswieren bliuwt dat in roman, dy't ús literatuer earet en forriket. Oer it generael hat de skriuwster har forhael goed forteld, gâns better as Ta him dyn bigearte: ienfâldich, iepen, fris, suver sûnder euvelmoed bytiden en mei hwat fan forwûndere bernlikheit der yn. Hwat de literaire útbylding to koart komt oan greatens, dat hellet de kunst fan fortellen aerdich oer, mei wider to projektearjen en sterker to suggerearjen as de opperflakkige lêzer yn 'e rekken hat.
En lyk as ik al útkomme litten hat, is de psychologyske útbylding fan 'e fig'ueren deugdsum. Dat jildt foaral fan 'e frouljusfigueren: Jay Karstes, Lysbeth Durks, Hadewey, Hil Feikes - alhoewol't dy net alhiel út 'e ferve en ta har rjocht komt. Men kriget se foar jin yn krêft fan oertsjûging, twastriid, forduldsumheit, lijen, en ek wol fanatyk roppingsbisef. Mar gjinien fan harren, liket my ta, is sterker en oandwaenliker bylde as Hadewey, biskieden bigeliedende forskining op 'e eftergroun, yn hwaens stil en wanhopich forlet sawol fan himelske as fan ierdske leafde en aloan toloarstelde trou, earst oan Haeije Tamboer, dêrnei oan Minne Simens, him it greate, demoanyske drama sa tige minsklik wjerspegelet.
Ek docht Ypk fan der Fear yn dizze nuodlike stoffe rjocht