De Tsjerne. Jaargang 9(1954)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 161] [p. 161] G.N. Visser: Sangen fan ballingskip. I O, myn lân hat griene palmen Dêr't swiet sjongt de sabiá. 't Fûgelt dat hjir kweelt en floitet Kin wol sjonge, mar net sa. Stjerreljachter is ús himel, Bloeijender ús fjilden binne En ús wâld hâldt riker libben En ús libben riker minne. Dream ik jouns dêr lykme allinne, Dêrre sil 'k mear wille ha. O, myn lân hat griene palmen Dêr't swiet sjongt de sabiá. Nearne laket sok in skjintme Hjir my, as dêrjinsen, ta. Dream ik jouns dêr lykme allinne, Dêr sil ik mear wille ha. O, myn lân hat griene palmen Dêr't swiet sjongt de sabiá. God mei my yn 't libben hâlde Oant ik 't jit weromsjoen ha. - O, leaf Heitelân, dyn skjintme Laket hjirre nea my ta - Oant ik wer de palmen skôge Dêr't swiet sjongt de sabiá. Antonio Gançalves Dias (1823-1864) Braziliaensk dichter. [pagina 162] [p. 162] II Moat ik al yn 'e bloei der jierren stjerre Stean God my dit noch ta 'k Wol yn d' oranjebeam oerdeis wer hearre Sang fan 'e sabiá! O God, dû witst, de loft dyt ik hjir amje Amje ik ta myn fordjer; Lit libje my, o Heare! jow genedich 't Leaf âldershûs my wer! 't Lân yn 'e frjemdte biedt my folle skjintme Mar it hietelân hat mear En neat kin op 'e wrâld jin riker meitsje As memmeleafde tear! Lit my de plakken wersjen dêr't ik boarte Us tún, ik wie in bern; Lit ienkear jit de himel fan Brazylje Fan 't heitelân my sjen! Mocht ik yn 'e bloei der jierren sjterre Stean God my dit noch ta 'k Wol yn d' oranjebeam oerdeis wer hearre Sang fan 'e sabiá! De himel fan myn heit'lân wersjen wol ik Dy is sa blau, sa klear. De roazge wolken dy't heech yn 'e romte Licht nei it Suden fear! 'k Wol yn it skaed fan kokospalmen sliepe Har leaf ta'n baldakyn Krijboartsje mei de wiffe, wite flinter Dy't dwaelde ús blomhôf yn! Ik wol my deljaen wer oan wjitrings igge As stil de joune sinkt En dreame yn 'e skymring lykme allinne Oer hwat de takomst bringt! [pagina 163] [p. 163] Moat ik al yn 'e bloei der jierren stjerre Stean God my dit noch ta 'k Wol yn d' oranjebeam oerdeis wer hearre Sang fan 'e sabiá! 'k Wol stjerre mank de dwelmjende geuren Fan in tropyske kontrei En rint it ôf, dat ik de âlde sangen Folk's sangen hearre mei! Myn grêf sil lizze ûnder mangobeammen As 't moanneljocht dan streamt Sil ik wêze yn 't skaed fan d' âlderlike wente As ien dy't fredich dreamt! De wetterfallen sille om my skrieme Treurje om myn iere dea Wylst yn it grêf ik dream fan hwat ik leave Yn 't ynleaf bertegea! Moat ik al yn 'e bloei der jierren stjerre Stean God my dit noch ta 'k Wol yn d' oranjebeam oerdeis wer hearre Sang fan 'e sabiá! Casimiro de Abreu (1837-1860) Braziliaensk dichter. Vorige Volgende