is de útslach fan de lêzerspriisfraech, mei fiif goede ynstjûringen, publisearre - hat wol soarge foar in klinkende titel foar syn forhael: ‘Koper en katteterm’, mar hy hat spitigernôch allinne mar grounferve brûkt om syn idé út to arbeidzjen. It is in soarte fan parabel wurden en it stiet bikend dat dit genre net safolle eksaktens nedich hat en út tradysje hwat sweverich bliuwt. Jonkman hat yn syn ‘likenis’ de man mei de Fioele brûkt as symboal fan de fordigener fan Fryslâns fordwinende eigenheit (tael en kultuer). Hy fynt nearne heil yn it âlde heitelân en dêrmei is de likenis út. Jonkman soe faeks de man wêze om yn in greater wurk it sosiael-kulturele aspekt fan Fryslâns needsituaesje oan de hân fan konkrete feiten en waernimmingen literair foarm to jaen - dit forhael bliuwt spitigernôch tofolle in - flot skreaune - konstruksje sûnder wêzentlike ynhâld.
Hein Faber, dy't mei ‘De deadzjende degen’ de Trijekaert iepenet, hat in forhael skreaun dêr't net tomin bloed yn streamt en dêr't in bjusterbaerlik wapen yn personifiearre wurdt. Dy mirakuleuze degen komt yn de rin fan de ieuwen, in hiele omwei lâns, yn Fryslân tolânne, deadzjend en jitris deadzjend. De komposysje is yn har simpelens krekt net slagge. De skriuwer, in antiquair, fynt it deadzjende ding, rekket yn 'e sûs as er him der oan forwounet, en dreamt of dwilet dan oer it forline fan it wapen. Styl, taelgebrûkt en yntrige hiene it destiids yn Fen Fryske Groun wol dien.
Ria Postma-Stolk ta bislút joech yn ‘In eigen hûs’ gjin koart forhael, mar wol in goed oanfielde notysje út it libben fan in jong frommis, dat troch ûnbistimde eangstgefoelens nitige wurdt. Dat in fers fan Marten Brouwer dêr in ein oan makket mei dan in klinkend antwurd wêze foar ljuwe dy't freegje nei it ‘nut’ fan de poëzij en jin as propagandist foar de nijere Fryske dichtkunst ta tankberens stimme, foar myn gefoel is dit ‘brûken’ fan in gedicht in misfetting, dy't it sympathike sketske as sadanich hwat ûntsiert.
De tekeningen dy't Sieuwke Valk foar it boekje - dat goed forsoarge waerd - makke hat, kinne bisjen lije.
F.D.