Op it harspit:
Hwerom die ‘De Tsjerne’ net mei?
Yn Aprilmoanne kaem ‘Nationale Snipperdag’ yn it ljocht, de mienskiplike útjefte fan 9 Nederlânske litteraire en kulturele tydskriften, as protest tsjin it ôfskaffen fan de fyfte Maeije as nasionale feestdei. De my hjir tametten romte lit net ta dat ik hjir in wiidweidige ynhâldsopjefte of in bisprek oer de bydragen jow; men hat de oankundigingen yn dei- en wykblêdden lêze kinnen. Mar hwat wol driuwt, is it andert op de frage, dy't fan ûnderskate kanten steld is: hwerom die ‘De Tsjerne’ net mei?
De spoarsykjende hear J.B. Charles, dy't liket to stribjen nei de reputaesje fan in Nederlânske Mc Carthy, hat him, hoe koe it oars, al biïvere om ús mei dat andert yn it foar to wêzen. Hy dielt yn ‘Maatstaf’ de lêzers mei, dat ‘De Tsjerne’ foar dielnimming net yn oanmerking kaem, omdat dy ‘de zuivering aan haar laars had gelapt’.
Hoewol ik net wend bin de oproppen fan de hear Charles om foar syn kommisje to forskinen op to folgjen, moat ik ditkear syn bliidmoedige forklearring fan in lyts kommentaer foarsjen.
Om to bigjinnen ditte: De Tsjerne soe der net west hawwe, as hja har forskiningsrjocht net ûntliene kinnen hie oan de illegale útjefte ‘De Rattelwacht’.
Fierders: De Tsjerne is in litterair tydskrift, dat de op to nimmen bydragen bioardielet op har eigen wearde en net op de fatsoensstatus en de boagerlike reputaesje fan de auteur.
As boargers wiene wy foar de suvering, yn safier dat dejingen dy't tidens de bisetting Nederlân ôffallen binne en de Poep stipe hawwe, dêrfoar straft wurde moasten, likegoed as in moardner of in ynbrekker straft heard to wurden. Dat wie de taek fan 'e rjochtbanken, dy't hja, mear of minder lokkich, bisocht hawwe út to fieren. Dy straf koe bistean yn deasjitten, opsluting, boeteoplizzing of hwat ek. Mar as dy straf útsitten wie, dan mocht men, bûten de rjochtbank om, net jitris in nije straf apart foar de kunstners ûnder dizze âld-delinkwinten bitinke, dy't it harren ûnmooglik makke harren kunst yn it iepenbier út to oefenjen. Yn elk gefal woene wy dêr yn Fryslân net oer kedize litte troch in Amsterdamske bysûndere rjochtbank, neamd eareried. Wy hawwe sels gefal foar gefal bioardielje wollen.
It Nederlânsk tydskrift, dat bydragen opnimt fan auteurs dy't har maetskiplik misdroegen hawwe, fan moardners, ynbrekkers, huorrejagers en sûplappen, jowt dêrmei net to kennen dat it moart, ynbraek, huorkerij en dronkenskip byfalt; wól, dat it each hat foar de moreel paradoksale útkar fan it kunstnerskip. En it Fryske tydskrift, dat bydragen opnimt fan âld politike delinkwinten, jowt dêrmei net to kennen dat it it nasionael-sosialisme byfalt, mar dat it bigryp hat foar it forskeel tusken boargerdeugd en kunstnerskip.
Op dizze forklearring, dy't de redaksje fan ‘De Tsjerne’ likernôch ôflein hat yn de gearkomste yn American to Amsterdam, dêr't ta de útjefte fan ‘Nationale Snipperdag’ bisletten waerd, is ‘De Tjerne’ ûnweardich kard om fan dit selskip fan suvere tsjûgers diel út to meitsjen.