| |
| |
| |
Nico Ytsma:
Ofskie fan Lea.
Frederik fyn ik in deade namme. Der sit sahwat glêd-strutsens yn. Sokssahwat fan tige glêdde wang'en en twa tofredene tearen om 'e mûle. Foar Frederik lykwols wol ik in útsûndering meitsje. Ik mei him nammentlik wol lije.
‘Bist wol wis, dat se ea fan dy hâlden hat?’
Ik sei neat, seach nei de logge poaten fan syn ledikant.
‘Bist wol wis, dat hja ea fan dy hâlden hat?’
Ik seach him ynienen oan, in bytsje forheard, wol 'k wol wêze. Hy is in golle fint, wol yntelligint. Meastentiids ynterpretearret er myn dieden forkeard, tinkt my. Syn iene each is ljochter as it oare, sa is it ek mei syn tinkbylden. Hjoed is myn miening gjin tel by him.
‘Sil ik dy ris hwat sizze’, seit er. ‘Ik jow har g'reat gelyk. After all hat hja de forstannichste west, soe 't net? Hja en dou pasten net byinoar. Leau mar dat hja der mear mei to dwaen hat as dou.’
Ik waerd in bytsje forlegen. Ik woe sizze: ‘Hwat witstou dêrfan’, mar ik sei neat en tocht nei. Ik wist dat er gelyk hie, tominsten hwat dat forstannichste oanbilange.
‘Ik haw in sloppeling west’, sei ik. Hy makke in ôfwarrend gebeart as man fan 'e wrâld.
‘Dat binne wy allegearre min of mear op dit stik fan saken’, sei er. ‘Mar dou hoechst dy net to skamjen. Stel dy foar, datst mei har troud wiest. Hwer hiest dan west? Witst noch wol fan Léa?’, sei er.
Op sokke stuiten haw ik it soms dat ik gjin werwurd haw. Dat hie ik doe ek net en ik foun it feitliks biroerd. Hwant wis wìst ik noch fan Léa, mar ik foun it hwat in stom idé dat ik in kaem krige.
‘Dochs mei ik dy wol’, sei Frederik en der wie hwat triomfantliks yn syn stim.
‘Nou bist in kring’, sei ik. ‘En witst noch fan Sina en Stef en Béa?’, mar ik koe de krekte yntonaesje fan autoriteit net lizze. Hy g'limke erkentlik, mar neitinkend sei er: ‘Mar Léa wie de stjer’.
‘Wiestou’, sei ik, mar hy foel my yn 'e reden en sei: ‘Leaust nou net dat hja de forstannichste west hat?’
Frederik hie gelyk. Doe't ik nei hûs ta roun troch de
| |
| |
tsjustere strjitten, mei hjir en dêr in bleekeftige strjitlampe yn 'e mist, tocht ik oan Léa. Ik leau dat ik in hiel set net oan Léa tocht haw, alteast wis net mei foaropset sin. Ik wit feitliks ek net hwat foar rjocht ik haw om oan Léa to tinken, om fan it nut derfan mar net to praten, hwant nut bin ik net sa sterk yn.
Feitliks tocht ik oan Djalan Scott. Feitliks tócht ik net oan Djalan Scott, ik roun dêr. De neare waermte fan 'e dei hinge der noch. Ik fage it swit fan myn foarholle mei de rêch fan myn hân. Djalan Scott komt út op Tanah Abang en dêr kinst alle kanten op. Ik rôp in betjak oan, swierde tusken it forkear troch. ‘Ke mana tuan?’ ‘Nei de Harmony’. Ik praet wol gauris mei betjakmannen. 't Is net sa'n min slach folk. Op 'e hoeke fan Noordwijk en Molenvliet kinst sateh ite. Dêr skroeit it arangfjurke en de reek bringt dy oan't trieneagjen.
‘Mar Léa is de stjer’, sei Frederik. In myld gefoel trochstreamde my. It kaem oer my as in sensaesje. As ik troch myn eachkieren seach, waerden de ljochtsjes fan Pasar Glodok ta ien greate ljochtstreek, dêr't fûle fjûrpylken út skeaten. Ik snúfde de lucht yn. In lucht fan easterske aroma's. En ûnderwilens koe ik allinnich mar simpele dingen tinke.
‘Witst wol dat Léa foreale op dy is?’, sei Frederik dreamerich.
‘Hwat?’, sei ik.
‘Yes, de lady mei de brede heupen’, sei er meditatyf.
‘Der mankeart hwat oan dy, Frederik’, sei ik.
‘Jonkje’, sei er faderlik, ‘ik wit wol datst hwat nayf yn dizze dingen biste, dêr bist net minder om.’
Nou fyn ik it ûnútsteanber as Frederik op sokke stuiten faderlik wurdt, hoewol't ik it him ridlik gau forjow. Foar Frederik nammers meitsje ik in útsûndering'. Frederik is in man fan fêste kategoryen en direkte aksje op it gebiet fan froulju. Hy is troch de forstanlike wei altyd tige wis fan syn saek. It ienige dat my net alhiel wissichheit oer him jowt, is syn selsspot.
‘Dou kinst har krije hwerst wolste, astou dy der op útleiste’, sei er.
Ik seach him oan. Syn eagen tintelen fan wille, doe't ik him opnaem. Ik fielde in lichte argewaesje.
‘Soa, en dou hast moai wis it resept der wol foar? Soest it tink sels ek wol kinne?’ It wie oft syn gesichtsútdrukking
| |
| |
in bytsje foroare, mar syn eagen laken noch.
‘Ik haw it idéael, hwat myn frou oanbilanget, hwat heger’, sei er. Hy spraette syn lange, knokkelige fingers út, lyk as makke er him klear om eigenskippen út to tellen.
‘Dou moatst neat forkeards fan Léa sizze’, sei ik. ‘It is biroerd, mar se is hwat yntelliginter as dou. Mar dêr bist net minder om’, sei ik as in swakke echo fan him. ‘Ien ding snap ik lykwols net. Datstou dyn ûnmacht jin in faem sa yn 'e kaert sjen litste. Hat se dy de bouns jown?’
Hy seach my stoisynsk oan. Syn lippen foarmen in smelle sichte mei de tippen omheech. Hy glimke sa tofreden dat it in set lang myn oertsjûging op losse skroeven sette. Hy sei dit kear lykwols neat oer naïviteit of sa. Frederik is trouwens oars as ik. Foar in soad minsken moat er in soarte bitroubere karakterensyklopedy lykje.
‘Ik haw in stomme mop heard’, sei er ynienen. Ik siet krekt mei in folpin oer in blank postfel to nifeljen. Ik seach him freegjend oan.
‘Henk waerd meditatyf. Hy sei: “Frederik, it forskil tusken ús is, dat wy beide minsken binne.”’
‘Hm’, sei ik, ‘sit hwat yn, tinkt dy net?’
‘Ien en ien is trije’, sei er. Doe gniisde er en sei: ‘Giest aenst mei nei de bioskoop?’
‘Ik leau dat ik al dagen dwaende bin dy yn in passend hokje to kringen, mar it pleitet foar dy dat it my net slagget.’
‘To stom foar wiskunde, he'n?’
‘Ja’, sei ik démoedich.
Frederik is oars as ik. Hy wurdt saeklik en fatsoenlik as er ûnmachtich foar in sitewaesje oerstiet. Hy toant in oar net gau, dat er syn selsbitrouwen kwyt is.
Ik haw yn gjin tiden oan Léa tocht. Mar ik wit dat Frederik de helte fan 'e wierhiet sei, doe't er biwearde dat hja in kearel wie. Hwat hat my dizze lêste dagen bisiele, sûnt Frederik sei: ‘Witst noch wol fan Léa?’ Haw ik bisocht in balâns op to meitsjen? Miskien, mar dan is er net slutend to krijen. Ik haw tocht: ‘Hwat is it forskil tusken Djoke en Léa?’ It is my wol tige biwust wurden dat dy fraech net objektyf to stellen is. Ik haw ek tocht: ‘Ik haw miend dat ik fan Djoke hâldde en miend dat ik net fan Léa hâldde’, mar hwat jowt dat feitliks? Ik haw Léa op in ôfstân hâlden om har net oan my to binen, en Djoke haw ik flak by it baernende fjûr fan myn lampe hâlden om har
| |
| |
fan my to forfrjemdzjen. Yn har bêste buijen sei se dat se my net bigriep, yn har minste forfoarme hja my ta har ideaelbyld en litte der ûnder dat de wurklikheit net oan 'e dream biantwurde.
Hja hat wier de forstannichste west. De oare forskillen jilde net. Hja wie knapper as Léa. Har smel gesichtsje mei de frjemde, dreameftige eagen yn in list fan ljocht goud hier. Léa wie sa net. Har hier hie in ûndefiniearbere kleur, en ik haw my de lêste dag'en suf prakkesearre hwat kleur as har eagen hiene: Ik wit it net.
It wie sa'n neare joun. Bûten gounze it forkear foarby. By tûzenen kamen de fleanende mieren binnen om to stjerren yn it fûle ljocht fan 'e lampen en om my heal dûm to meitsjen. It warrele my foar de eagen en fol argewaesje smiet ik myn boek op 'e tafel. Frederik wie fuort, de oaren ek. Ik gean ek fuort, tocht ik. Ik foun myn broek en baitsje en krekt wie ik klear, doe't ik it grint knierpjen hearde. It wie Léa.
‘Is Frederik net thús?’, sei hja.
‘Hwat moatst mei Frederik?’
‘Bistou allinnich thús?’
‘Hoesa.’
‘Hast de bokkeprûk op?’
‘Né’, sei ik, ‘hwat moatst feitlik mei Frederik, kin ik de honneurs net waernimme?’
‘Nou bist wer leaf, jawis, dat kin. Ik woe sa graech ‘Eine kleine Nachtmusik’ hearre. Wês dou ek ris leaf. Toe, helje de grammofoan efkes op, dan kinne wy togearre hearlik op it terraske ûnder de palmen sitte. Fynst it net hearlik dat Eva by dy komt astou to ellendich bist om nei har ta to gean?’
‘As ik in fanke wie, soe ik hwat bleuër wêze’, tocht ik, mar och, ik skarrele it apparaet fan efteren.
‘Eine kleine’, sei ik. De muzyk spile. Har gesicht krige in smachtsjende útdrukking. It bifrjemde my. ‘Bytsje snobbistysk?’ tocht ik. Ynienen seach se my oan. Har gesicht foroare hielendal. Ik wist dat se yntelligint wie. Mar dat se safolle temperamint hie net. Har eagen skeaten fjûr.
‘Hwat tinkstou fan my’, sei se op de toan fan in lulke skoallejuffer, ‘hwerom sjochst my sa oan?’
‘Léa’, sei ik, ‘doch dy rotterige nachtmusik út, spoekforskining!’
‘Frederik koe wol gelyk hawwe, as altyd.’
| |
| |
Har gesicht krige wer in sêftmoedich oansjen. ‘Dochs mei ik dy wol’, sei se tsjin my. ‘Ik tink dat wy sokke dingen faek as deadwaenders sizze. En as sadanich wurkje hja faek aerdich. Mar soene se alhiel gjin bitsjutting hawwe? Miskien fielde ik, dat iksels, soartgelikense dingen siz om myn figuer to rêdden of om in sitewaesje to rêdden of, ja, hwerom feitliks?
‘Hwat bidoelst dêr mei, Léa’, sei ik.
‘Hoe bidoelst? Miskien wol neat.’
‘Ja, miskien wol’, sei ik. ‘Hwat lullich feitliks dat men dingen seit dêr't men neat mei bidoelt.’
‘Dat hast aerdich sein’, sei Léa. ‘Miskien bidoel ik dat der wol mei, datstou de dingen soms wol aerdich seiste.’ Hja wie folslein earnstich en like in bytsje ûnwis fan har saek, wist net krekt hoe't se de dingen sizze soe. Ik harke, en sa wie se wol twongen om op har sjapiter troch to gean.
‘Dou bist fan jim ploechje miskien de iennichste, dy't fan my, eh, ik bidoel ek wol fan de minsken yn it algemien, oan 'e weet komme wolst, hwa't hja feitliks binne. Tocht ik.’ Dat lêste sei se der in bytsje yn bistân by. ‘Dou akseptearrest gjin feitlikheden.’ Ik siet har in bytsje triomfantlik stoisynsk oan to sjen. Faeks mei in pôse dy't ik rjochtstreeks fan Frederik stellen hie.
‘Soa, en dat meistou dus wol’, sei ik en ik fielde in manlike tofredenheit Doe waerd se wer skoallejuffer. ‘Fintsje’, sei se tsjin my, ‘dou hoechst dy net sa Frederikeftich oan to stellen, dat autoritaire dat past dy net. As ik dit nyskes net sa sokeftich tsjin dy sein hie, hiestou dy útslove moatten om ynteressant to lykjen. Dou hoechst net sa'n stom air oan to nimmen as ik siz dat ik dy wol ynteressant fyn. Siz mar gerêst datst dat tige op priis stelst.’
‘Jo bidoele dus: ‘jo lykje op my, ik mei jo sadwaende wol dou bist geweldich djip, Léa.’
Hja seach my forachtlik oan. ‘Witst hwat ik net yn dy mei?’, sei se, ‘ditte, dyn reserves, dyn remmen, dyn foarsichtichheit. Dou bist yn steat dysels folslein ûng'elokkich to meitsjen om in prestige, dêrst sels de wearde net fan sjochst’.
Bûten sjirpen de imers fûleindich. In tokeh rôp trijeris skerp syn namme. Léa line efteroer yn har reiden stoel. In lange tiid sieten wy dêr sûnder hwat to sizzen.
‘Giest mei de stêd yn?’, sei ik, ‘ik bin noch net hielendal blut.’ Wy rieden togearre yn in betjak. ‘De lady mei de
| |
| |
brede heupen’, tocht ik. Ik siet hast dwers op it bankje troch it plak dat hja ynnaem. Hja praette fortroulik luftich tsjin my. En dochs wiene wy byinoar as frjemden. Wy hiane yn in ûnbiwekke eagenblik dát fan ússels foarinoar útstald, hwer't oars ús pânserdoarren foar sitte, dat hwat wy hoeden en bitochtsum ôfwage moatte. Ik fielde har waerm tsjin my oan. De atmosfear wie near. It bloed bounze my troch de holle. Ik switfage in pear kear fûleindich.
‘Hwat is it waerm, net?’, sei ik. Hja siet flak by my. Tsjin my oan. ‘Har bloed bounzet flak neist it plak dêr't mines kloppet’, tocht ik, ‘en dochs binne wy fier byinoar wei.’
‘Hwerom sil hja har foar my net útklaeije?’, tocht ik. ‘Omt ik it net wol. Dêrom sille wy frjemden bliuwe.’ Myn foarnimmen wie grimmitich en resolút. Ik woe net.
‘Kom Léa’, sei ik, ‘sille wy hwat drinke?’ Wy rounen togearre nei in terraske dêr't wy orange-crush mei iis dronken. Myn tinzen wiene ôfwêzich en dochs harke ik nei hwat se sei. Hja fortelde oer harsels, oer har stúdzje foar Frânsk M.U., oer har plannen, har swalkjen, hja bisocht in tippe fan 'e wale op to lichtsjen oer iensumheit dy't se in heel, heel inkelde kear fielde. It mislearre, mar op in fortsjinstlike manier.
‘Forfeelstou dy wolris?’, frege hja.
‘Né, net faek’, sei ik.
‘Ik ek net’, sei hja, ‘ik bin wol graech ris allinnich. Ik hâld der wol fan sa allinnich ris hwat nei to tinken.’
Ik glimke. Ik fortelde har, dat ik wolris bisocht hwat to skriuwen. It waerd hwat in amateureftich praetsje oer ynspiraesje fan in skriuwer, oer timperamint en sokke dingen. It waerd wol in gesellige joun, mar ûnder op 'e boaijem hie him by my de ûnrêst nestele. It wie as in draeistream dêr't ik bang fan wie. It kin net dat in frou dyn kammeraet is. Of it wurdt op 'en dûr forfelend of it wurdt ûnhâldber. Ik tocht oan Frederik. Ik seach syn eagen flikkerjen. Ik hearde syn wurden yn myn earen gounzjen: Witst wol dat Léa foreale op dy is? Ik seach har fansiden oan, en de iene nei de oare g'edachte flitste my troch de holle. Ik tocht oan mooglikheden dy't der bisteane. Ik tocht: heechstens hastou dyn earm om har hinne slein. Jim hawwe hwat praten, jim hawwe hwat bekfochten en dwers der tuskentroch ha jim peild dat it bistean faek yngewikkeld is. Jimme! Ik tocht yn 'e twadde persoan oer mysels. Hwat tinke jim
| |
| |
fan inoar? Hwerom sykje jim inoar hieltyd? Om't de spanning sa noflik is? Of allinnich om't jim beide fier fan jim lân binne?
Léa glimke. Mei ien hân wiisde se.
‘Sjoch’, sei se, ‘hwat hat dy knaep dêr in skouwer mei dat swiere minske.’
Ik seach. In stevich frommes siet yn it betjak en folle it hiele sitplak mei har omgong. In skrael fintsje fan in jier as sechtsjin bisocht hymjend der hwat gong' yn to hâlden.
‘Sa wurde wy faeks op'en dûr ek’, sei ik.
‘Dat ik nochris sa wurd, wol dy wol oan, hè'n?’, sei se freonlik agressyf. ‘Dochs hast joun wol in leave jonge west. Ik wie joun in bytsje treurich, mar dou hast my noflik beuzich hâlden.’
‘Och ja, soms bin ik de biroerdste net’, sei ik, net wittend of't ik nou lulk of forlegen wurde soe om har memmigens.
‘Dou fynst my in bytsje forfelend, nou’, jeuzele hja. Ik wit net fan hwa't ik it meast myn nocht hie op dat stuit, fan mysels of fan har. Ik fielde my switterich en fiis. It koe my net skele hwat ik sei en oft ik hwat sei. ‘Dou bist in skat, Léa’, sei ik, ‘mar ik jow net om dy. Witst hwerom net, Léa? Omtst my wurch, deawurch makkest, sa.’ Ik knikte sleau mei de holle en liet de tonge oer de ûnderlippe hingje. ‘Léa’, sei ik, ‘doch net sa rottich tsjin my, hwat is der oan.’ Ik woe sizze om alle lea by my iepen to lûken, mar ik seach der de needsaek net fan yn. De strjitte wie nou hast útstoarn, de bannen fan 'e betjak sûzen oer it asfalt en ik fielde dat ik wurch wie, sa, dat ik fuort wol yn sliep falle koe, bygelyks tsjin har skouder. Ik forwachte lykwols dat se hwat werom sizze soe, soks as ‘forrek fint’ of in hiele boutade of dat se my in klap yn 't gesicht jaen soe. Neat fan dat alles. Ik seach har fansiden oan. Hja seach dea-earnstich foar har út. Doe draeide hja de holle nei my ta. De mûle ticht, de ûnderlippe oer de boppelippe krolle. Hja wiisde nei de moanne. ‘Soene dêr ek sokke deaden wenje as wy?’, frege hja.
‘'k Tink it net’, sei ik.
‘Dan wol ik dêr hinne’, sei hja.
‘Soe men sa gammel fan dy limûn wurde?’, sei ik.
Hja gniisde tsjin my, har noas oplutsen. ‘Moaije stêd, Djakarta, nou? Hwat in lân, hè'n?’ Hja sloech fortroulik har earm om my hinne, har holle tsjin myn skouder oan.
| |
| |
‘As ik my nou ek hingje lit’, tocht ik, ‘dan sliep ik en dan rydt dy betjak ús oan 'e ein fan 'e wrâld ta.’
‘Toe mar’, tocht ik. Doe kaem it my yn 't sin, dat ik dat net bitelje koe, omt ik noch mar ien goune hie. Sa is der altyd wol hwat.
‘Léa’, sei ik, ‘sille wy it lêste ein gean?’
Ik brocht har oan it hospitael ta, dêr't hja forpleechster wie. Doe't ik fuortgyng tocht ik: ‘Nou fynt se my in deaden ien, 'k haw har net ienris in tút jown. Miskien hat se it al wol net ienris wold. Ik bin noait wis fan dy dingen.’
‘Forrek’, sei ik binnenmûls. Heal sliepend slagge ik dy jouns tsjin tolven thús.
(It lêste sil folgje.)
|
|