| |
| |
| |
Lolle Nauta:
Dostojewski as skriuwer en nasionalist.
It fatum fan elts great skriuwer, hwannear't er himsels net ûntidich formoardet yn syn mémoires, is bigroeven to wurden ûnder in protte stúdzjes en biografyen. Dostojewski dielt dit lot mei syn kollega's út de wrâldlitteratuer, mar binammen foar him oer binne der net folle, dy't him bitinke kinne mei in echt en ienfâldich wurd. Krekt dizze man, dy't yn syn romans en syn libben sa forheftich tsjin de midsmjitte to kear gyng, tinke de measten mei superlativen en oerdreaune epitheta earje to moatten. Hja forjitte, dat it greate mear mei it gewoane as mei it oerdwealske to meitsjen hat; grêfstiennen kinne boppedat net folle ornamint forneare. Under de superlatyf kin minskene greatens al likemin as syn lytsens biflapt wurde en Dostojewski wie great genôch om ek lyts wêze to kinnen. Stomforbaesd stiet men, hwannear't men lêst hwa't dizze skriuwer al net west hat yn 'e ûnbidige forbylding fan dyjing'en, dy't oer him skreaun hawwe: oant in profeet en apostel ta. Meastentiids fortsjinwurdiget hy dan ek mislearre aspiraesjes fan syn biwûnderers.
Dostojewski wie nasionalist en in fûleindigen-ien en dêrom wie ek in tiid lang de forhearliking fan him as Rus en as profeet fan in nije, Russyske minske ûnderdiel fan dizze Dostojewskikultus. Syn boadskip soe yn dit stik in forlossing ynhâlde foar in fortoarke Westerske wrâld. Doe't Ruslân en de Russyske litteratuer ienkear ûntdutsen wiene - en Ruslân is letter ûntdutsen as Amearika! - bisochten party yntellektuëlen troch in flirt dit nije forskynsel op in ôfstân to hâlden. Hja wisten doch wol, dat de Westerske minske nea Rus wurde soe en dêrom hie har minske-idéael in goed plak yn Ruslân, likegoed as it idéael fan party ûntwoartele Russyske yntellektuelen yn Jerope in feilich plak hie. Doe't lykwols de Dostojewskikultus mindere, waerd oer syn Russyske eigenaerdichheden leafst swijd en hwannear't der al oer praten waerd, waerd dy kant fan him fakentiden hwat forhimmele.
Dostojewski wie in Russysk skriuwer. Yn earsten hâldt dat yn, dat er gjin Turk en gjin Deen wie, net mear. Yn Ruslân berne en greatbrocht hat er dêr ek it greatste part
| |
| |
fan syn libben tahâlden, en allinne dêrom is dit lân it décor, dat de dialogen fan syn romans ta efterg'roun tsjinnet. Efter syn forhalen sjocht men fansels Ruslân en Russyske forhâldingen, mar allinne it idéalistysk each sjocht dêr in Russysk folk, dat Dostojewski as apostel hawwe soe. Sa iienfâldich leit it net, de minske syn wurk is nea identyk mei syn programma en syn idéalen. Dostojewski prakkesearret der boppedat net oer, om dit Russyske folk yn dizze sin ta syn rjocht komme to litten yn syn romans. Dy spylje net iens op it boerelân, mar meastentiids yn 'e koartsige sfear fan de Russyske stêdden en it binne gjin minsken út it folk, dy't ús út dizze forhalen tomjitte komme, mar fortsjinwurdigers fan de hegere stannen: militairen, amtners, eallju, studinten èn lânbisitters mei in lytser of greater tal ‘sielen’ fan it folk ta har foldwaen. De man út it folk komt by Dostojewski allinne foar as hearrige, staretz (hillige muonts) of as misdiediger.
It folksforhael fynt men by Dostojekski ek net, lykas by Tolstoj, dy't him dêryn bikearde fan de litteratuer. Dostojewski wie net aestheet genôch, om sà'n soarte bikearing fanneden to hawwen. De divel is yn syn forhalen dan ek gjin folkloristysk kuriosum lykas by Gogolj. Dizze demon komt de yntellektuële nihilisten by Dostojewski foar yn har drôge; by mannen as Iwan en Stavrogin is er de represintaesje fan de machten, dêr't har yntellekt al mei ôfweefd hie. Hwannear't de divel by Gog'olj op it aljemint komt, wurdt der wis ien foar de gek hâlden. Hwannear't er lykwols Iwan forskynt yn ‘De Bruorren Karamasoff’ dan biset it him en is er op wei dwylsinnich to wurden.
Net allinne libje Dostojewski syn minsken yn Petersboarch en Moskou en hearre hja ta biskate sosiale groepen, ek dizze typysk Russyske sitewaesjes dogge der by einsluten neat ta. It psychologyske is foar Dostojewski wichtiger as it sosiologyske; hy is gjin Emile Zola. Dizze njoggentjinde-ieuwer, frijhwat moderner as in soad modernen, hat gjin each foar dat hwat wy de bûtenwrâld neame. Ek foar in biskriuwing fan in Russyske lânsdouwe moat men net by Dostojewski wêze. En it hûs, dêr't Fjedor Pawlowitsch Karamasoff syn orgyën hâldt, wurdt al likemin biskreaun as de keamer, dêr't Radion Raskolnikoff syn moard úttinkt en forwurket. De natuer forskynt allinne yn mominten fan mystike útskroevenens - Aljoscha's ierde en de ezel fan Foarst Myschkin! - en sokke mominten komme
| |
| |
by dizze réalist, dy't minder goed wist as wy hwat réëel wie, komselden foar. De toanielen wurde net biskaet troch it Russysk décor, mar dat décor kriget syn kleur fan de toanielen. En dy toanielen binne fan sa'n dramatyske yntinsiteit, dat wy forjitte it décor òf dit moat sels opnommen wurde yn it drama. Ek dêryn is Dostojewski troch en troch modern en dêr is er echt, hwant de moderniteit stie net op syn litterair programma.
Hy hie wol in programma, mar syn programma is net litterair. Op syn programma stiet it atheïsme, Kristus en.... it Russyske folk, en earst hjirút wei kin men freeg'je nei Dostojewski syn nasionalisme. Hy wie der fan oertsjûge, dat allinne it folk yn Ruslân de boel rêdde koe, en de njoggentjinde ieu wie ek foar Ruslân in tiid fan oergong en ûnrêst. Lykwols, Dostojewski wie nasionalist as skriuwer en foar in great part as modern skriuwer en dêrom binne syn boeken net allinne mar de propagandastikken fan in oertsjûge nasionalist, mar romans, dêr't it nasionale fraechstik sa nou en dan de ynset is fan it drama. It Russyske folk en har Kristus as ynset en in modern forhael - somtiden net mear as in ‘monologue intérieure’ - as útkomst, dat is it probleem fan Dostojewski syn nasionalisme. Sjocht men syn romans ienfâldich as de produkten fan in Kristlik nasionalist, dan is alle dramatyske yntinsiteit fuort en it iennige dat men oerhâldt is hwat konservatyf idéalisme. Sjocht men him allinne as skriuwer, dan kin men yn syn boeken mei hwat goede wil alle moderniteiten weromfine, dy't hjoeddedei foar master opslane. De forhâlding lykwols fan in kunstner ta syn programma is nijsgjirriger as ien fan beide op himsels. Faeks kin men allinne yn dit stik de homo sapiens mei it kollektivum, dat politike partij hjit, forlykje. Al moat men ek mei dizze forliking oppasse, hwant Dostojewski stie foar syn programma - hy koe der noch oan twivelje - en hy wie ‘engagé’ yn in bitsjutting', dy't de hjoeddeiske diskusje oer it ‘engagement’ yn in frijhwat aesthetysk ljocht set. Dostojewski hat altyd wegere om, foar guon mear sosiael en sosialistyske litteraire kollega's oer, syn ‘engagement’ ta programmapunt to meitsjen hwat de litteratuer oanbilanget. Hwat der op syn programma stie makke, dat syn
engagement
tagelyk de fraech fan syn libben ynhâldde. Likemin as er as Kristen yn steat wie kristlike romans to produsearjen, allikemin wie er as Rus, dy't fiif jier by it folk yn 'e Sibearyske katorga tahâldde,
| |
| |
yn steat om folksaerdige of sosiale romans to skriuwen. To djip wie er der fan oertsjûge, dat men yn it ‘engagement’ ek flechtsje kin.
In skriuwer moat op it foarste plak goed skriuwe kinne, sei in man, dy't in jier of acht lang eltse moanne de ûnderskate litteraire tydskriften, dy't er redigearre foarseach fan in polityk journael. Mar in skriuwer mei de bân mei syn folk ek net forlieze, sei er tsjin de greate groep yntellektuëlen en skriuwers fan syn tiid, dy't noch al hwat Europaminded wiene en aesthetysk genôch libben om de Frânskman of Dútsker úthingje to kinnen sûnder ek mar earne mei har komôf koartsluting to skypjen. Hy forwiet har net, dat se net ‘eng'agé’ skreauwen, mar hy hâldde har foar, dat har wêzen forkeard wie, om't se frjemden wiene op har eigen groun.
Unbiwust lykwols wie dit polityk-nasionale wurk bihalven needsaek ek bysaek foar Dostojewski, dy't it net litte koe en ûnderbrek syn politike essays sa út en troch mei in novelle. Boppedat spilet in forteltsje yn dizze skriften faek de rol fan polityk argumint! En tafallich is' it net, dat de konservative Slavofilen, dy't stribben nei in pan-slavyske steat-mei-Ruslân-oan-it-stjûr yn Dostojewski syn tydskrift ‘Wrjemja’ in tofolle oan litteratuer konstatearren. De resultaten wiene mei it polityk programma, dêr't de ‘Wrjemja’ mei úteinsette, net navenant. Lykwols bistie dy skieding tusken syn polityk en artistyk wurk foar Dostojewski net. Hy woe, yn alle gefallen yn 'e twadde perioade fan syn libben, mei syn romans neat oars sizze as mei syn journael. Syn skriuwen stie net op syn programma; hy wie skriuwer, dêr hat er doe net faek mear oan twivele. Us meije syn romans mear oansprekke as syn journael, dat nou ien kear net dy eigenaerdich binearjende sfear fan syn boeken opropt. Wy sjogge ús de litteraire eagen dan ek út 'e holle, hwannear't wy it programma lêze fan de skriuwer, dy't men oant nou ta allinne koe út syn romans.
Troch de reäliteit, dy't syn wurk opropt, is it gjin histoarysk kommentaer nedich, om sprekke to kinnen; dat mei sein wurde tsjin dy Dostojewski-exegeten, dy't syn romans allinne mar sjogge as de brieven fan in Kristlik-Russysk apostel. Mar ek de ivichheitsexegeten fan dizze skriuwer hawwe ûngelyk; hwant syn boeken meije dan gjin histoarysk kommentaer nedich wêze om forstien wurde to kinnen, hja wiene dy histoarje wol foargoed nedich, om
| |
| |
ûntstean to kinnen. It binne allinne ivig'e en aesthetyske planten, dy't waekse kinne sûnder in ierde, dy't soarget foar de needsaeklike libbenskrêft. Nea hat Dostojewski perfoarst kunstner wêze wollen. Hy bigoun, hwer't eltsenien bigjint, dy't net op syn kop stiet. It skriuwen fan in roman wie foar dizze fûleindige figuer gjin aesthetyske tiidkoarting, mar ienfâldich syn iennichste mûglikheit om de stôk út 'e hals to kearen. Hy skreau syn romans, - hwat der ek útkaem - net minder mei hiele hert en siele as syn polityk journael. Dat die bliken, doe't yn 'e sechtiger jierren in politike moard Ruslân yn opskuor en Dostojewski ta fortwiveling brocht.
Dizze tiid seach yn Ruslân al alle mûglike revolusionnaire aktiviteit opkommen, meast fan in anarchistysk en nihilistysk slach. It paradys fan 'e takomst kin allinne boud wurde op 'e púnheappen fan 'e Czaristyske maetskippij. Apokalyptyk en nihilisme hiene hjir ek alles meiïnoar to meitsjen.
Binnen de lytse revolusionnaire groep, dy't focht foar de frijheit fan it Russyske folk, hearske de absolute diktatuer. Eltse dielnimmer wie tagelyk spion en bispionnearde, en doe't de studint Ivanov dan ek wegere om langer mei to dwaen oan de ‘Narodnaja Wolja’ (de partij fan de folkswil), waerd er troch de lieder Netsjajew mei fjouwer trawanten formoarde. Dostojewski kaem hjir djip fan ûnder de yndruk en hy bisleat hjir in roman tsjinyn to skriuwen. Hwat sille se lilk wêze, dy nihilisten en materialisten, skriuwt er oan in freon. It foel lykwols net ta om dit réële barren to stallen yn 'e reäliteit fan in roman. Wy fine yn ‘De Demoanen’, sa't it boek hjit, dy dûbele opset fan ‘pamflet’ en ‘artistike’ útfiering werom. It boek is hwat de pamflettistyske opset oanbilanget, dúdlik g'enôch. It is Sjatov, dy't yn in lyts stedtsje yn Ruslân it slachtoffer wurdt fan Pjotr Werchowjénski en konsorten, om't er wegeret langer mei to dwaen oan har revolusionnair wurk. Dat is yn 't koart it forhael fan dit grouwe boek. Mar dat forhael is allinne programmatyske haedsaek fan 'e roman wurden! Op it foarste plak wurdt de eigentlike oarsaek fan Sjatovs dea net goed út 'e doeken dien, mar dizze moard hat twad mei de hûnderten siden fan it boek net safolle to meitsjen.
Werchowjénski bliuwt de pamflettistyske Netsjajew en wurdt mar amper in romanfiguer. Foarsafier't er lykwols
| |
| |
romanfiguer wurdt, kriget er gjin forbining mei syn aktuële kant. Haedfiguer fan it boek wurdt er ek net. Dat wurdt Stavrogin, de kâlde yntellektueel, dy't him ivich forfeelt, mar dy't winliken de man is, dy't de leije hâldt. Hwannear't men him forlykje kin mei Iwan út ‘De Bruorren Karamasoff’, dan moat men Werchowjénski forlykje mei Smerdjakoff, hwant ek hy is fan Stavrogin de aep, dy't him alles neidocht. Sa't it Dostojewski lykwols wol slagget om yn it forhael fan de bruorren Karamasoff oannimlik to meitsjen, dat eins ek Iwan en Smitri har heit deadzje en sa de moard op Fjedor Pawlowitsch ta sintrael barren to stallen, dat de roman oant yn alle úthoeken bihearsket, sa slagget dat Dostojewski nèt hwat de moard op Sjatov en de forhâlding' fan Werchowjénski ta Stavrogin oanbilanget. Dostojewski wie mear romanskriuwer as dat er wêze woe. Bûten de aktuële opset fan de skriuwer om is in roman ûntstien. Ek yn dit stik is Dostojewski in moderne kunstner, hwaens talint mear mei it needlot as mei in aesthetyske kar to meitsjen hat.
It boek is lykwols troch dizze forhâlding tusken aktuële opset en artistike útfiering in bitiisde roman wurden. Om it mar libben to krijen, hat de skriuwer sa'n floed fan persoanen it toaniel opsmiten, dat er der sels letterlik gjin each mear op hâlde koe: hy jowt yn 'e earste útjefte fan ‘De Demoanen’ deselde persoanen oan 'e ein bytiden oare nammen as yn it bigjin. ‘De Demoanen’ is Dostojewski syn rûchste roman, sûnder dy folslein trochfierde inerlike dramatyske logika, dy't sa karakteristyk is foar ‘De Bruorren Karamasoff’ en ek foar novellen as ‘De Sêftmoedige’ en ‘De Mémoires út it Sousterrain’.
De aktueel-politike oanlieding is net folslein opnommen yn de artistike útwurking, dat is dúdlik. Mar krekt hjir hat in wurd fan litteraire krityk eigentlik noch neat sein. ‘De Demoanen’ mei as litterair wurk in bitiisde roman wêze, de bidoeling wie, dat de nihilisten en materialisten lilk wurde soene. En doe't hja dat yndied waerden, wie de roman slagge, ek al sizze wy hûndert kear dat er mislearre is. Men kin Dostojewski allikemin nei syn litteraire bitsjutting bioardielje as Jesaja en Friedrich Nietzsche. Foar eltse skriuwer kin in momint komme, dat er gjin gedicht skriuwt mar in pamflet, en hwannear't dat pamflet dan lykwols in gedicht of in kunstwurk wurdt, dan is dat nettsjinsteande himsels. Dostojewski seach yn 'e sechstiger
| |
| |
jierren Ruslân yn gefaer; net om't it folk it sa binaude min hie, mar om't de yntellektuëlen har fan it folk forwideren, oft se dat nou diene as liberael of as sosialist. Hja bigyng'en, nei Dostojewski' from bitinken, dêryn in sûnde tsjin it folk. Dat wie gjin sûnde tsjin in Russyske ‘kultuer’ of tael - al sûndigen hja ek dêr mei har salonfrânsk - mar in sûnde tsjin Kristus. Net tsjin in Kristus, dy't as in otterdoks of frijsinnich oanklaeide geastlike wierheit bidrige waerd - dêrfoar is it Russysk Ikonenkristendom net abstrakt genôch - mar tsjin in Kristus, dy't foar Dostojewski fortsjinwurdige waerd troch it folk. Dostojewski syn nasionalisme is net alhiel nihilistysk, lykas frijhwat nasionalisme (en ynternasionalisme!) fan hjoed, mar yn it foarste plak kristlik. Allinne it Russyske folk hat yn de Europeeske wrâld, dy't oantaest is fan de fordjerrende machten fan wittenskip en absolute rede, noch de wierheit fan Kristus biwarre. Ek al sûpe de Russen rivieren fol wodka, en binne se fakentiden de greatste misdiedigers, hja witte noch dat se kweadogge. Heech tiid wurdt it dêrom, dat de yntellektuëlen har yn dimmenens bûge foar it folk ynpleats fan foar de idele machten fan har eigen forstân. In Roomsk Kristen kin him Kristus amper mear tinke sûnder de Gods-Mem Marije. Foar Dostojewski wie Kristus gjin macht sûnder it folk, ús mem, dy't ús to wrâld brocht en dy't wy allinne forlitte kinne mei it risiko fan de dea. De âlde Sosima út ‘De Bruorren Karamasoff’, de muonts, dy't Aljoscha de wrâld ynstjûrt en de kristen, dy't tsjin de atheïst Iwan seit, dat er winliken leaut, forkundiget: ‘Wer aber nicht an Gott glaubt, der wird auch nicht an das Volk Gottes glauben! Wer aber an das Volk Gottes glaubt,
der wird
auch sein Heiligtum erschauen, wenn er selber auch bis dahin überhaupt nicht an es glaubte. Nur das Volk und seine kommende Kraft wird unsere Atheisten bekehren, die sich von der Heimaterde losrissen’.
En earne oars yn itselde boek:
‘Von seinem Volke wird Rusland das Heil kommen!’ ..... denn das Volk trägt ja Gott in sich.’
Dizze Russyske muonts, dy't allinne dêryn al de Westerske ûntrint, dat er net lykas dizze mei alle biskikbere kristlike wapens de divelske ierde yn syn eigen lusten bistride hoecht, om't er dy ierde folle earder winne moat ynpleats fan bistride, komt yn it lettere wurk fan Dostojewski hast like regelmjittich foar as de preester yn it wurk fan George
| |
| |
Bernanos. Mar hwannear't dizze figuer by Bernanos toheistere is fan iensumens, is Dostojewski syn muonts represintant fan it folk en as sadanich de fortsjinwurdiger fan in mienskip, dy't de dielhabber forlossing garandearret. Dat mei foar ús, dy't in forbining tusken heil en folk allinne kenne yn it nasionael-sosialisme frjemd beare, dêr ûntrint de Russyske wrâld de West-Europeeske. Menno ter Braak en Fokke Sierksma hawwe sjen litten, hwat dy Westerske muonts mei Hitler cum suis to meitsjen hat. Yn Ruslân is lykwols de spjalt tusken himel en ierde oars en minder great, ek al moatte wy dat net idéalisearje. It Ruslân fan de West-Europeeske idéalisten bistie yn Dostojewski syn dagen al net mear, hwannear't it ea bistien hat. Sosima seit boppesteande wurden net ‘ins Blaue’, en ek net ‘ins Geistige hinein’, mar tsjin de Russyske preesters, dy't net mear arbeidzje wolle, om't hja to min fortsjinje! En ek Dostojewski wie al modern genôch, om de wierheit fan Sosima yn syn polityk deiboek as programma forkundigje to moatten. Sosima hat al mei sosiael ûntofreden geastliken to dwaen en Sosima wie noch Dostojewski net.
Dy wie gjin apostel fan in Russysk-kristlike wierheit, om't er g'reatbrocht wie yn it forbân fan de Russyske folksmienskip lykas de muontsen, mar om't er op in bipaeld stuit net mear oars koe. Syn kristlik nasionalisme is gjin bigjin, mar in ein, konklúzje en op 'en heechsten earst dêr wer in bigjin. Men moat lang sykje yn syn romans, dy't er skreau foar syn finzenskip yn Sibearje, foardat men dêr muontsen fynt, dy't in kristlik nasionael heil forkundigje.
Hja komme allinne foar yn syn trije lêste romans: Tichon yn ‘De Demoanen’, Makar Iwanowitsch yn ‘De Jongkeardel’ en Sosima yn ‘De Bruorren Karamasoff’. Dostojewski syn nasionalisme is it resultaet fan in bikearing en in bikearing is altyd in jin bikoarjen oer.. eat. It nasionalistysk programma wol net allinne eat fortelle, mar ek eat forbergje. Dat mei party hwat to moade-eftich harkje, soks kin foar guon ek de iennichste methoade wêze om in bikearing to forstean. Moade hat yn ús tiid bihalven mei rykdom ek eat mei earmoede to meitsjen; biswieren tsjin konfeksje foroarje dêr net safolle oan.
Eltse bikearing hat syn skiednis, dy fan Dostojewski ek. Yn syn kristlik nasionalisme moat in fiks stik forline goedmakke en bistriden wurde. Syn foar-Sibearyske revolusionnaire tiid spilet ek nei Sibearje in greate rol, ek al kin
| |
| |
men syn nasionalisme net alhiel hjirút wei forstean. Yn 'e klyk, oan hwaens gearkomsten er dielnaem, mei al har proklamaesjes en nije plannen, spile nammentlik ek litteraire ambysje wol sa'n rol, dat men it hâlden en dragen fan dizze jongkeardels net yn folle dingen mei it letter reälisme fan in Lenin of Bakounin forlykje kin. It is net tafallich, dat Dostojewski foroardiele waerd - earst ta de dea en letter ta acht jier Sibearje - om't er in anarchistysk brief fan Bjelinski oan Gog'olj foarlêzen hie, dêr't de earste bihalven in oanfal op regym en tsjerke ek in romantyske fordigening fan de taek fan de skriuwer yn ûndernaem. Hwannear't Dostojewski mei (bikeard of ûnbikeard) ressentimint út Sibearje kommen wie, dan wie yn ‘De oantekens út it Deadehûs’ it meilijen gjin litteratuer wurden, hwat foar paradoks dêr foar de anti-aestheten ek yn lizze mei. Ek al brocht dit boek in skok troch hiele Ruslân - wir haben das nicht gewusst - der is foar ús hwat oars dat opfalt: Dostojewski murk yn Sibearje, dat er bûten it folk stie.
Yn 'e mienskip fan 'e misdiedigers waerd er net opnommen en dêr hat er ûnder lit. Hja seagen politike misdiedigers net foar fol oan, hiene der biswier tsjin dizze hearen op to nimmen yn 'e kollektiviteit, dêr't hja meiïnoar yn fochten, Krysttiid fierden, sopen en toanielspilen.
Dy spanning yn 'e katorga hat Dostojewski net forneare kinnen en sûnt dy tiid is syn oardiel oer de Russyske yn-telligentsia absolút. Ek al wie hy net yn steat de idéën fan de Slavofilen to dielen - de Slavofyl wie net bikeard! - sosialisme en liberalisme kin Dostojewski nei Sibearje allinne as in histoarysk needsaeklik misforstân wurdearje. Raskolnikoff is wol in skuldige, mar hy kin noch boete dwaen, hwannear't it folk him yn 'e hoer Sonja foarlêst út it evangeelje fan Lukas.
Mar ek al wie Dostojewski to bikeard om him yn 'e provinsiale sfear fan de Slavofyl thús fiele to kinnen, hy wie bikeard genôch om nei Sibearje oan in forlieding ta to jaen, dêr't wy ús hjoeddedei noch oer bisauwe. Hwannear't hy dan it folk net wie, lykas mar al to pynlik bliken die, moast it folk Dostojewski mar wurde en deselde litteraire forbyldingskrêft, dy't him foar Sibearje dreau yn 'e earmen fan de revolusionnairen, brocht him nou ta in, ek doetiids al folslein yllusionnair, nasionalisme. It folk moast syn forline en syn toskuordens opheine en it folk wie der ré foar, om't it de litteraire tydskriften net lies, mar analfabeet wie en honger hie.
| |
| |
Dostojewski syn nasionalistysk programma is it kredo fan in bikearde. In bikearde net sûnder profetysk each, hwannear't er yn ‘De Demoanen’ Sjigalew, dy't in great plan opset hat om de fordrukte Rus syn lok en frijheit werom to jaen, konkludearje lit ta de needsaek fan in absolute diktatuer, sa, dat it him sels forbjusteret en syn trawanten him útgnize. Profetysk lykwols allinne yn it negative, hwant de positive kant fan dizze profetyske medalje is in ûnbidige forhearliking fan it kristlike Russyske folk en har kristlike heit, de Czaer fan Ruslân. It is perfoarst de forhearliking fan in bikearling, hwant noch de Czaer noch it folk kinne sûndigje, al dogge hja tydlik wolris hwat forkeard. Sa hillich is Dostojewski it Folk, dat Ruslân yn syn politike konsepsje de heilbringster wurdt fan de hiele ierde. De wierheit is by alle oare folken folslein forlern gien en dêrom wachtet de wrâld op Ruslân. Dit is net geastlik allinne, hwant dit hâldt bihalven in soad wierhaftige kristlike leafde ta syn folk as konsekwinsje ek de kristlike oarloch en it antisemitisme yn. Hwannear't de Czaer bygelyks, om to big'jinnen, Konstantinopel nimme sil, dan docht hy dat net út machtsbigear, mar út leafde foar de fordrukte Kristenen yn dat fordomde Turkske lân, ek al is Dostojewski reälist genôch om der oan ta to foegjen dat de séhavens fansels ek wichtich binne. Oars kin ommers it kristlike folk net libje.
Op dizze wize bisiket de skriuwer tichter by it folk to kommen; hy is dêr, bihalven syn artistike forbylding ek de hiele wrâld foar nedich. Nammerstomear, om't syn bikearing, lykas de measte religieuze data, net absolút wie, al wie it programma ek absolutistysk. Syn biografen, dy't dy bikearing leafst lokalisearje yn Sibearje, hawwe ek yn dit stik lêst fan romantyk en anneksearje dêrmei dizze skriuwer foar de kristlike litteratuer fan de skuorkalinder. Hja forjitte, dat Dostojewski oer Raskolnikoffs skuld in boek skreaun hat, wylst er syn boete allinne mar oantsjutte.
Hwannear't Dostojewski boppedat nei Sibearje bytiden omdoarmet troch Europa, dan is der net safolle to merkbiten fan de oertsjûge kristen-nasionalist. It is allinne syn programma en syn leauwe, dat hoe langer hoe fûleindiger wurdt, wylst er sels yn de spylhoalen fan Dresden net allinne ynspiraesje opdocht foar in nije roman, mar dêr ek syn jild en syn moed kwytrekket. Troch sokke ûnderfiningen bliuwt in bikearing gjin útmakke saek. Earder wurdt de needsaek fan in fornijing iepenbier en it is dan ek yn West- | |
| |
Europa, dat er op 'e nij longere nei syn folk. ‘De Demoanen’ skreau er om utens.
Dostojewski as kultuerkritikus, in profetyske rol, dy't him hjoeddedei noch wol gauris tatocht wurdt, hat foar in g'reat part dizze eftergroun. Hwannear't dizze skriuwer om utens is, hat er eat fan de man, dy't foar 't earst fan it lân yn 'e stêd komt en him dêr bidrinkt oan syn eigen frijheit, mar ek bisaut oer syn iensumheit.
Sa hat Dostojewski dan ek tige in wjeraksel tsjin it Europa-minded-wêzen fan syn litteraire tiidgenoaten. Hy koe dit lykwols allinne troch in ynternasionale ropping fan syn naesje to dreamen, mar stie dêrtroch foar de konkrete problemen fan syn folk oer like ynternasionael-aesthetysk as de ynternasionalisten, dy't er bistriidt. Nietzsche skriuwt yn ‘Menschliches-Allzumenschliches’: ‘Wenn ein Künstler mehr sein will als ein Künstler, zum Beispiel der moralische Erwecker seines Volkes, so verliebl er sich, zur Strafe, zuletzt in ein Ungethüm von moralischem Stoff - und die Muse lacht dazu: denn diese so gutherzige Göttin kann aus lauter Eifersucht auch boshaft werden.’
Nou kin men fan Dostojewski syn nasionalisme ynklusyf de anti-semityske en de militairistyske kant sizze, dat hy dêryn to fier gyng en dat dit in uterste yn syn wurk wie, mar dan hat men bihalven alles ek neat sein. Hwant dit kristlik nasionalisme wie it leauwe fan in great skriuwer, dy't sûnder dit leauwe net libje en net skriuwe koe, ek al is dit skriuwen op in oare wize troch it nasionalisme biskaet as de Ruslânforearders tinke.
De Dostojewski-exegeten dy't sizze, dat hy yn syn nasionalisme to fier gyng, binne deselden, dy't út de skiednis fan de Great-Ynkwisiteur de meast ‘djippe’ wierheden witte to heljen oer de forhâlding fan wûnder en leauwe, lok en frijheit. Faeks is dizze skiednis it greatste dat Dostojewski skreaun hat, mar dan wie it ek sa great dat it boppe syn eigen macht útgyng, hwant foar him is dit forhael nèt mear as in oanfal op de Roomske tsjerke, dy't dizze Orthodokse Kristen hate. Sels liet Dostojewski it yn saken fan leauwe en frijheit net alhiel oan Kristus oer. Hy probearre om dy saek yn eigen hannen to nimmen; yn 'e namme fan 'e Hear, lykas de Great-Ynkwisiteur. Hwat soe Kristus sein hawwe, hwannear't er ynpleats fan de Great-Ynkwisiteur de Czaer tsjinkommen wie, op wei om Konstantinopel yn syn namme to bimasterjen? Faeks hie Hy dan ek swijd,
| |
| |
om't de Czaer tsjin syn bywêzigens protestearre hie.
Kristus is lykwols noch net weromkommen en dêrom sei Dostojewski, dat Ruslân syn Ryk reälisearje moast. ‘De ein is kommen’, notearre hy yn syn deiboek en it forwûnderet ús net, dat de sosialisten tsjin dy restauraesje like frjemd oanseagen as dyjingen enthousiast wiene, dy't harren troch it fjûr fan Dostojewski syn eschatologyske Pusjkinrede yn 1880 weitôgje lieten. Salang't Kristus allinne yn gedichten (van der Graft) en proaza (Dostojewski en Eliot) op dizze wrâld forskynt, wurde de stiennen fan de strjitten foar ús hûs noch gjin boumateriael foar in nije ierde. It Ryk fan God is net fan dizze atoomwrâld en it makket gjin forskil oft men dizze wierheit Roomsk-Katholyk, Sosialistysk of Kristlik-Nasionalistysk omkeare wol. Dêr liet de tragyk fan Dostojewski, hwant dêr leit de tragyk fan it Kristendom.
Yn ‘De Demoanen’ hawwe Stavrogin en Sjatov in petear. Stavrogin is de man, dy't net leaut, dat er leaut, hwannear't er leaut, mar dy't ek net leaut, dat er net leaut, hwannear't er net leaut. Sjatov is de man, dy't slachtoffer wurdt fan Werchowjénski.
‘Leauwe Jo oan God of net?’, freget Stavrogin Sjatov. Sjatov bigjint to triljen en antwurdet: ‘Ik leau oan Ruslân, ik leau oan de Grykske Orthodoxy.... ik leau oan it Lichem fan Kristus.... Ik leau dat de Hear yn Ruslân weromkomme sil.... ik leau....’, en dan bigjint er tige to stammerjen. Stavrog'in: ‘Mar yn God? Yn God?’
Sjatov: ‘Ik,....ik sil yn God leauwe’.
|
|