Gjalt hearde ek roppen. En dêr, deun by de daem nei Goasse Hylkes syn hiem, wiene rêdde fuotstappen; in lang postuer kaem út it tsjuster wei en bisocht oan Gjalt Sipkema foarby to kommen. Mar dy wie op syn iepenst. Hy soalde de fyts oer 'e groun en sprong, sûnder him in amerij to bitinken, de man ûnder it uterjen fan in grou flokwurd op 'e hûd. ‘Dêr ha 'k dy! Dêr ha 'k dy, smycht!’
De man foel heal oer 'e groun. In dierbere stimme pipe: ‘Sipkema, jo al wer!’, mar in klap fan Gjalt op 'e mûle dy't it lûd joech, lei de man it swijen op. ‘Greonterp!’, sei Gjalt Sipkema, ‘mynhear Greonterp; hwat in trochtrape bandyt bistû, hwat in smoarge dogeneat!’
Fan fierren kaem de stim fan de fjildwachter: ‘Sipkema, hjirkomme, helpe!’
‘Ik ha de dieder hjirre!’, rôp Gjalt werom. Greonterp wie gjin partûr foar him. ‘Dû komst mei!’, hjitte er de forsekeringsman. ‘En ast útnaeist, slach ik dy dea!’
Hy loek Greonterp de kant fan de skipmakkerij út. Der sloegen nou flammen út in houten loads, mar al hie de hiele wrâld yn 'e brân stien, Gjalt hie syn arrestant net rinne litten. Op it paed by de loadsen lâns rounen de fjildwachter en de dôve skipmakker mei amers wetter. ‘Hjir is de dieder!’, rôp Gjalt Sipkema. De fjildwachter sette de amers del. ‘Dat moat wol biwiisd wurde. Ik haw nimmen sjoen.’ Gjalt waerd net ienris lulk. ‘Idioat! Ik pakte him dochs by de daem. En op 'e reed lei dochs syn fyts. Hy spile krekt fan ruten!’
‘Ja ja, en jo hoege nou fansels jou boat net to biteljen’. sei Greonterp, dy't wer hwat ta syn sûpe en stút kaem wie. Mar de fjildwachter stie net mear oan syn kant. Hy pakte him yn 'e kraech en brocht him nei it húske. ‘Hjir bliuwe oant de boargemaster komt’, sei er. Gjalt Sipkema lykwols wie net tofreden, ear't de doar mei in mannich spikers tichtslein wie.
De mânlju sjouden wetter, oant de spuit kaem, dy't troch de telefoan ûntbean wie. Ien loads lykwols gyng forlern mei alles hwat der yn wie. Dêr wie ek Gjalt Sipkema syn boat by.
Doe't de spuit der wie en de boargemaster en in hiel steal helpers, waerd Greonterp út syn forbliuw helle. De boargemaster wie net forwûndere. Wylst de wetterstrielen rêdden hwat noch to rêdden wie, it hûs en in greate en in lytse skuorre, waerd Greonterp op in droech plak ûnderstien.