De Tsjerne. Jaargang 9(1954)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 130] [p. 130] J.F. Siemensma: Twa gedichten. Smei my in wapen'resting. Hjir stean ik, Hear, yn de rûzing fan de tiid mids de jacht fan de foltsen mank fêstichheden dy't skuorre en kantelje. Hjir stean ik, it antlit ta Jo opheve de earmen spraet. - Wol myn bea forheare. Smei my in wapenrêsting Wiis my in front: Allinne yn Jins leger Dêr't Jezus Kristus fjildmaerskalk is Dêr't de Hilligen fan de Tsjerke it radarskerm bitsjinje de Air Force kommandearje en op de bunkers mei de atoombommen skerp taforsjoch hâlde. Dêr't Marije marketintster is Gabriël de earste luitenant fan de état major Michaël en Raphaël de etappe-marsen útsette Dêr't de ingels fungearje as piloaten dy't op de routes fljogge troch it Universum. Ik jow my by myn oersten oan: ‘Jan Foppes Siemensma’ - Presint, Oerste! Ik skik my yn 't gelid fan de Militia christi. [pagina 131] [p. 131] Mist. Il pleure dans mon coeur Comme il pleut sur la ville. VERLAINE. 't Is mistich yn myn wêzen, 't is mistich yn de stêd; it dript fan alle goatten, de strjitte is wiet en glêd. It iis yn feart en sleatten yn stille glinst'ring leit; der teit eat yn myn herte en 'k wit net hwat dat seit. Ik hear in famke sjongen in âld, wémoedich liet; ik gean yn tinzen fierder, de eagen binn' my wiet. De stêd leit yn 'e dize en skier is 't dêrste giest' - O God, skyn yn myn wêzen, brek troch de tsjokke mist. Vorige Volgende