De Tsjerne. Jaargang 9(1954)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 129] [p. 129] E.B. Folkertsma: Koartom (III). Flokken is leagenjen. *** Dêrt dyn skat is, dêr sil ek dyn herte wêze. Dêrom hawwe forskate lju de jildportefeuille yn 'e binnenbûse, op it hert. *** It lok dat men fynt, mei men net hawwe, en it lok dat men hawwe mei, fynt men net. *** Hwat men hat, mei men net nimme. *** Wês dyst bist (Pindaros)? Né, wês dyst wurdst. *** Skrift mei Skrift forgelykje? Wis, as it mar net wurdt Skrift tsjin Skrift útspylje. *** Hwerom arbeidzje wy sa en bringe ús libben wrottend en wramend to'n ein? Omdat wy net hwat paradysliker bistean doare. *** De Bibel is it prachtichste berneboek. *** Hoannekraeijen is revolúsje, hinnegekôk sêdde boargerlikheit. *** Dêrt hert fol fan is, dêr wurdt de mûle stil fan. *** Hwat it each net sjocht, dat docht it herte it measte sear. *** Wol net kristliker wêze as Kristus. *** De swierste straf op it kwea is, net straft to wurden. *** Wolle jo witte hwat der yn bern sit, út se wrakselje. *** De feart leit mei slûge en lome kronkels troch de greiden, net liker as wie it in slang. *** It swierste op ierde is, in bulte jild of in bulte leafde to hawwen. Vorige Volgende