Frysk út 'e frjemdte.
Doe't in Amerikaenske romancier fan Frysk komôf de greate roman ‘This is the year’ skreau, hiet er noch Feike Feikema. Sûnt in jiermannich hat er offisieel syn namme foroarje litten; it is nou Frederick Feikema Manfred. Under dy namme sil er ek syn nije roman publisearje dêr't er mei to set is: ‘Lord Grizzly’, in boek dat him ôfspilet yn it formidden fan jagers en trappers.
In oare Amerikaenske auteur, Meindert de Jong, broer fan de forneamde David Cornel, berne yn Wierum, ûntjowt him wakker as skriuwer fan berneboeken. Syn nijste jeugdboek, ‘Hurry Home, Candy’, is byg. troch de N.Y. Times tige gunstich ûntfongen.