meager, hy lêst en tinkt to folle en sjocht dwers troch jin hinne. ‘Let me have men about me that are fat’.
Sa bisjoen is de swakke Caesar fan Calhern forantwurde.
De haedfigueren fan it drama: Brutus, Cassius en Markus Antonius wurde fenomenael spile.
John Gielgud, ien fan Ingelâns greatste toanielspylders, skept fan Cassius in biseten rebel, in hertstochtlik tirannehater en in konspirator fan birop. Sa't hy mei syn fanatike kop en forheftige gebearten it Ingelsk fan Shakespeare seit, wurdt elk wurd laden mei magysk fjûr.
James Mason as Brutus, de mear komplisearre minske, dy't Caesar leavet mar de tiran hatet, hat swierder opjefte. Earst is er hwat wifkjend en dimmen foar de wylde Cassius oer, mar yn it petear tusken Brutus en syn wiif Portia wurdt er great, en nei de moard op Caesar byldet er de bisiele reedner, de lieder, de tragyske minske Brutus, patriot en moardner fan syn freon, dy't stjert mei it byld fan Caesar foar eagen, oangripend út.
Boppe alles en allegearre riist lykwols de Markus Antonius fan Markon Brando út. Yn de lykrede fan Antonius, dat forneamde brok wrâldlitteratuer, wurde alle spanningen fan it drama gearballe yn in uterste klimaks en komme hja ta in ûntlading, dy't de skiednis yn oarewei twingt. Dizze figuer, dy't it drama draecht en biskaet, kinne allinne de allergreatsten oan. Brando is sa'n greaten ien, opwoechsen tsjin de heechste easken. Oft it wier is, hwat ik earne lies, dat by de kréaesje fan Brando alle Stratfordtradysjes forblikke, kin ik net bioardielje, mar ik wit wol, dat ik noch op it doek, noch op 'e planken nea sa'n talint sjoen ha. Sa't er mei it lyk fan Caesar yn de earmen op 'e treppens fan it Forum komt, fielt men al syn macht, ear't er in wurd tsjin it folk sein hat. As er syn earste wurden seit: I come to bury Caesar, not to praise him, falle dy as in biswarring op it gepeupel fan Rome en op it bioskooppublyk fan hjoed. En dan spilet en bihearsket er geniael alle fasetten fan Antonius: de roujende freon, de earsuchtige yntrigant, de folksmenner en de folksforachter. Mei eagen en lûd en mimyk, mei de flymjende poëzij fan Shakespeare, dêr't er alle mooglikheden úthellet, swypket er himsels en de massa op. Fan him wurdt men earst goed gewaer, hwat der yn dy fascinearjende herhelling sit: And Brutus is an honourable man. Dy boazet oan fan irony ta sarkasme, fan sarkasme ta forachting, fan forachting ta hate en wylde grime, slacht yn as de wjerljocht en stekt in stêd, in folk yn de brân.
By it geny fan Shakespeare en Brando komt jit de masterlike regy fan Mankiewics, om dit toaniel mei syn fulkanyske útbarstings ta in hichtepunt to meitsjen, dat men nea wer forjit. Ek nei dizze klimaks komme der treflike mominten, lyk as it tragyske ôfskied fan Brutus en Cassius foar de slach by Phillippi, as de doem fan it needlot al oer harren falt.
De koupure oan de ein tsjûget jitris fan it artistike ynsjoch fan de regisseur. It lêste dat men heart is net de forklearring fan Octavianus, mar de koarte bilidenis fan Antonius by it lyk fan Brutus: this was a man.
Jawis, en dit is in film.
INNE DE JONG.