De Tsjerne. Jaargang 9
(1954)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 121]
| |
Jan Wybenga:
| |
[pagina 122]
| |
IIDe nijste roman fan de hear Wiersma is like kreas yndield as er útjown is. Tusken in prolooch en in epilooch yn steane ‘Lyoeske' skriften’. Lyoeske is berne yn in.... arbeidershûs middenmank de Fryske greiden. Hja wurdt jong wees, sadat hja by har beppe Frone yn 'e hûs komt, dy't sels yn 1853 to wrâld komd is, as it lêste fan fiif bern. In eintsje bûten it doarp wennet, lykme allinnich op in stjelpke, Lyoeske har iennichste omke, stille Lindert. It leit der soms mar nuver hinne op sokke doarpen. Sa bistiet der tusken beppe en omke Lindert in soarte fan nimmenslân, mei stikeltrie ôffrede, dêr't gjin paed trochrint dat fan de iene nei de oare laet. Nei har bernejierren forkeart Lyoeske yn de húshâldingen fan doarpsnotabelen dêr't hja al itensiedende, skûtelwaskjende, thésettende en thédrinkende har stadich ûntjowt en fan forskate ‘gepaste en nuttige kundigheden’ hwat opstekt. Koart sein, hja set de earste stappen op de wei omheech. It langst bliuwt hja yn it boargemastersformidden. Hja reizget mei boargemaster en mefrou nei Rome. Fierder komt hja noch yn 'e kunde mei: de ‘Voorjaarsschool’, it Folkshegeskoallewurk en it kampwurk foar jonge wurkleazen. Hja is selskipsjuffer en húsfroufaem; hja studearret paedagogyk, wurdt direktrise fan in bernehûs, hja dûkt ûnder en dan komt er, Percy Theodorus: har stim trillet as hja op side 265 seit: ‘Ja, Percy Theodorus. Ik nim dy oan as myn man....’ En Percy Theodorus - der komme oeribelsk moaije nammen foar yn dit boek, mar Lyoeske tinkt dan ek dat der in hiele bulte yn nammen sit - Percy Theodorus dan, in soan fan rike Ingelske âlden, nimt har ta wiif. It is in boppestebêste man, dy't mei har reizg'et yn in Daimler mei gâns ynboude nijichheden. Hwat hurder dy wein rydt, hwat rêstiger hy op 'e dyk leit. Dat is sa mei Daimlers. Winliken binne se to goed en ek to djûr om se forûngelokje to litten, hwat fansels mooglik west hie op in min eintsje dyk, earne yn 'e Balkan of sa. Mar as sunige Fries lit de hear Wiersma de Daimler heel en stjûrt Lyoeske mei it ûnbistindige klimaet fan it Atlas-gebiet - in klimaet as dat fan de woastine en de steppen - en dêr giet har geast ûnder ‘yn de nacht fan dwylfoarstellingen, dêr't noch in pear kear de wurden ‘wite berch’ út nei boppen (komme)’.... | |
[pagina 123]
| |
In gefal fan pneumony? Yn elts gefal: it is dan dien mei Lyoeske út it.... arbeidershûs middenmank de Fryske greiden. | |
IIIDer sil, tinkt my, yn Fryslân wol in boekskôger to finen wêze, dy't hwat yn it boek fan de hear Wiersma sjocht. Lit dy man nei de gearkomste fan in Krite, of fan plattelânsfrouljue, of nei in boekejoun reizgje, wolkom roppen wurde en bigjinne to sprekken. Hy sil, om op 'e gleed to kommen, der op wize, dat Lyoeske net it earste boek fan de skriuwer is, mar dat dy yn 1946 al in frijhwat grou boek yn in reade bân, ‘Kriich tsjin Frjemdfolk’, publisearre hat, en yn 1948 in helte grouwer boek yn in blauwe bân, ‘Aldfaers Groun’. Dêrom hie sprekker winliken de forwachting hawn dat it tredde boek fan de hear Wiersma yn it giel stutsen wurde soe en ‘It Aldershûs’ of sokssahwat hjitte. Mar it waerd Lyoeske, gewoanwei swietlûdich Lyoeske. Hja is my oer it mad kaem, seit ynlieder, dy't daliks tsjin syn freon himsels sein hie: wy kinne der wis fan wêze, dat dit in wurk is dat der útkypt. En Lyoeske is in aparte forskining' yn ús Fryske lettertún. Hja wurdt berne yn in arbeidershûs, earne yn Fryslân, hja stjert yn it heechlân fan de Atlas, yn it Noarden fan Afrika. Fryslân.... en - de wrâld! Dan stiet sprekker gâns in skoft stil by de ynhâld fan it boek. Hy fortelt, dat Lyoeske in arbeidersfanke, al jong wees wurdt en dan by har beppe Frone yn 'e hûs komt. In sterke figuer, dy Beppe. Einliks hjit hja net Frone, mar Veronica, nei de Israëlityske frou, dy't Kristus op syn reize nei Golgotha in doek oanbea mei de bidoeling dat Hy him dêr mei ôfwiskje soe. Dêrom hat Beppe einliks twa jierdagen en de fjirde Febrewaris wurdt yn it lytse hûs yn it Fryske doarp de hillige Veronica bitocht. En troch dy ienfâldige bitinking yn Beppe' keammerke, wurdt méi de grounslach lein fan Lyoeske har religieuze libben. Letter, as hja yn in Daimler troch Europa swevet, reizget ‘It sil bistean’ fan Obe Postma yn har koffer mei. Mar hja fielt in manko by dizze dichter, dy't har op it ierdske flak hiel folle, mar yn 't geastlike to min jowt. Sprekker fielt dit hwat oars, mar dochs yn deselde geast oan en is fan bi- | |
[pagina 124]
| |
tinken dat Postma noch greater dichter wêze soe, as sa'n Frone-Veronica syn beppe west hie. Twa jierdagen hat beppe Frone en hja hat in thébuske mei twa sûnderlinge figueren der op. Men kin der yn it doarp net rjocht útkomme hwat se foarstelle. Mar Japanske ingels of geisha's, hwat docht it der ta: de lêsten kinne ommers alle dagen wurde hwat de earsten binne. It giet om it aerdige détail - it boek is der riker om - en om it feit dat Lyoeske, as hja it fortelt, glimkjend distânsje nimt fan de strideraesjes yn har eardere milieu. Fansels sil sprekker Omke Lindert net foarbygean en dy syn âld teleskoop. Ek stiet er stil by de famyljeforhâlding dêr't Lindert-om nea hwat fan meitsje woe. Dit hie de stoffe leverje kinnen foar in forhael fan it genre Wylde Boerinne, is sprekker syn bitinken, en hy is de skriuwer tankber dat er der net fierder op yn gien is. Mar dat er der dochs net alhiel oan foarbygien is, biwiist dat de skriuwer noch hwat oanfielt fan boeregreatskens en ynbannigens. Lytse Ide, de skuonmakker, dy't sa moai fortelle kin fan Joazef en syn bruorren, en neffens beppe Frone ‘een stille in den lande’ is, wurdt net forgetten en likemin doktersmefrou dy't wend is in kat in kat to neamen. It rint forkeard mei har; ‘er wordt op de dorpen vreselijk geroddeld’ en dat doarpspraet hat hâld oan har. Hja skarrelet mei dokter Karel, hja docht oft er gjin sawnde gebot bistiet. Dizze mefrou bidarret yn in senuwynrjochting en smyt harsels op in lette joun foar de sneltrein, nei't Lyoeske tige krekt meidielt. Earme mefrou! Dan komt de sprekker oan de boarg'emastersfamylje, dêr't oars as yn de doktershúshâlding in geast fan harmonije hearsket. Sprekker soe it hast wol in soarte fan Jan-Ligthart-húshâlding neame wolle, mar dan yn it aedlike genre. Noblesse oblige is dêr it devys.... Ik sil de ynlieder fierder ynliede litte. Hy sil it grif noch ha oer de feinten en fammen om Lyoeske hinne: oer Jolt fan de notaris bygelyks, dy't yn 'e flotgerzen bidarret, dêr't er de hân útstekt, dy't dan fan Bertha út 'e herberge beetkrigen wurdt. Ek sil er it kampwurk net foarbygean, noch it reiske nei Rome. Hy sil de domina net út 'e wei gean en de episoade fan it posearjen - neaken en bleat - fan Lyoeske foar de skilder-man Marcel, dy't ek man-skilder is. Mar binammen sil er de episoades út de oarlochstiid en Lyoeske har trouwen en har dea op it aljemint bringe. | |
[pagina 125]
| |
Syn konklúzje kin net oars wêze as: in ryk boek, oars as oars, in oanwinst foar ús litteratuer, dêr't mannichien noflike ûren mei bilibje sil. Lyoeske est morte - vive Lyoeske! | |
IVDat wie dan de ynlieder. De man hat gâns in skoft sprutsen en syn praet hie wol bistek. Faeks siet der wol in nije Lyoeske ûnder syn gehoar, dêr't er hwat yn wekker makke hat. Lit him tank brocht wurde út namme fan alle oanwêzigen en lit him, mei syn honorarium en de forgoeding ûnkosten yn 'e bûse nei wiif en bern werom reizg'je. En lit my noch hwat oer de roman fan de hear J.P. Wiersma sizze. Yn oansluting op hwat de ynlieder sein hat oer de boargemastersfamylje, wol ik der op wize dat Lyoeske net sasear in roman is, mar in Ligthart-forhaeltsje foar ‘de schoolvrije jeugd’. It greatste forskil is dat de hear Ligthart silger bihoarlik Nederlânsk skreau, wylst de hear Wiersma him in draekje fan in styltsje oaneigene hat. Hy hat gjin idé oer de gefoelswearde fan wurden en sizwizen. De lytse kakografy dy't ik oan 't bigjin fan dit opstel opnaem ha, kin men ad libitum útwreidzje. By al syn krewearjen om Frysker to wêzen as it Frysk sels, hat de hear Wiersma de tael to min yn 'e macht om dy litterair to brûken sûnder bispotlik to wurden. Like slim as yn de tael forslacht de skriuwer yn de stof. De hillige ûnnoazelheit dêr't er in rige anekdoaten, forboun troch praet om praet to hâlden, mei oantsjinnet as roman, biwiist al dat de hear Wiersma mentael net ryp genôch is om as romanskriuwer nei foaren to kommen. Ek de earnst dêr't er ôfwaeide kletsika op kultureel gebiet en skuorkalinderbriefke-morael mei forkundiget, wiist dy kant út. Ik haw my fortelle litten dat it jongste al fan him ôf is. En dan in boek to publisearjen, dat, as it troch in H.B.S.-er mei litteraire aspiraesjes skreaun wie, jin noch net iens tafalle soe! Skamje dy, skamje dy, âlde menhear. |