De Tsjerne. Jaargang 9
(1954)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 118]
| |
J.F. Siemensma:
| |
[pagina 119]
| |
II
Net dat Oepke, de twadde soan, folle
harsens hie, mar hy hie biseps.
Hy die oer alle klassen fan de legere
twa jier. Mar yn 't turnjen,
yn 't reedriden en 't fjochtsjen foun er
syn master net. As 't merke wie,
stie it jongfolk om de Sla-Jut hinne, hwannear't
Oepke de slaei slingere,
it tongere oanienwei yn 'e top fan de mêst, 't wie
om 't hurtsje: rang! pats! rang!,
en de merkeman spjelde Oepke priizgjend de
medaljes op 't hymjend boarst.
Dy sterke, grou-bonkige minske wie 't wûnder,
dat Likeltsje ta man bigearde.
En doe't, by 't ôfroppen fan de dûb'le Dútske,
Oepke har op 't liif tomm'le,
klibbe hja daelk sa waerm yn syn earmen,
dat hy fuort al yn 't bigryp hie,
dy rike boeredochter joech har, hwat der ek
fan komme mocht, oan him oer.
Har âlden priizgen har kar: de Abema's
wiene frijsinnige minsken,
floatich, praktysk folk, 't gie har net om prinsipes,
mar om de foarútgong!
Koöperaesje of partikulier, hwat mitere dat!
om in sint méár
foroaren hja fan fabryk - wie 't faeks net moai,
rudich fielden hja har net!
Hy naem Likeltsje ta wiif en hja waerd him
sa nei as in eigen ribbe
in man mar wêze kin. Meijertiid erfde hy skoanheite
pleats mei 't skoandere
stamboekfé, en hy liet him 't kostb're bloed troch
Frânskman en Meksikaen goed
bitelje. Hja hiene 't rom en tarden en smarden
dêrneffens. Mar geastlik
en yn 't kulturéle rûzebrûkte it der
sahwat hinne mei dy twa.
Hja hiene de matearje - en de matearje hie har.
| |
[pagina 120]
| |
III
Doe't de soan mei brains en dy oare mei
biseps har sa knap ûntjoegen,
dat 't der soms fan ûnware yn heite brânkas,
dat Mem der fan bearde,
boarte op 'e pleats it dochterke Doutsen
mei sjipbûlen en mei poppen.
Hja wie it leaflikste byld fan de
ûnskuld tusken al dy minsken,
dy't fokten en pearen, en nei kennisse,
rykdom en oansjen jagen.
Hja libbe yn 't skaed fan har greate bruorren
en hie in forgetten jeugd.
Doe't Doutsen fan skoalle ôf kaem, moast hja moarns
en jouns mei yn 'e rigele,
op 't bjinstap dien wurk meitsje, de wyklikse
wask bitsjinje, opspiele
en mangelje: sa sparren hja dêr in faem út
en koe Doutsen garje
foor har útset - ja, hwat oars! fammensbern
moasten goed oanset wurde.
Mar op in dei rekke de gong fan saken op de
pleats danich yn 'e war:
Doutsen liet it wurk stean!... En mei de earnst
en sêftens dyt yn har wiene,
makke hja 't foar de binaude sielen fan har
âlden wier, dat hja roppen wie
om God to tsjinjen op in hiel oar mêd, en
dat hja earst op stúdzje moast
en hja har yn 'e kommende jierren sa folslein
ôfwenne moast fan thús,
oant hja wist, dat Kristus Doutsen Abema
as Syn breid oannommen hie.
God hat wonken.... Mids it sljochie, frijsinnige
bistean hie Er oan in faem
de himelske skat fan de Ekstase skonken.
As in roppene is hja har wei gien, bifrijd
fan dead gewicht, réwillich,
en tagelyk mei nije bannen boun, sillich, sillich.
|
|