Jhr. J.W.J. Witsen Elias:
It Ljouwerter toanielseizoen.
It folk, dat langer nei de Ljouwerter Harmonie ta reizget, hat al njonkelytsen de kultus fan it oereingean ynfierd. Goed forstean, de kultus fan it steande hantsjeklappen nei elk stik wurk dat op 'e planken forset is. Dat jildt foar muzyk sagoed as foar toaniel. Yn ús griene jierren yn Hollân gyng it by in konsert sa om en ta, dat allinne de dirigent stie to bitankjen, en dat, nei't er op syn minst trijeris weromroppen wie, hy syn musici pas de wink joech fan 'e stoel to kommen. En dan earst riisde it folk ek oerein en gyng der in formoedsoenjende geastdrift oer alleman. Dat wie by útsûnderingsgefallen, as der wier-wier hwat tige moais bean wie.
Ienkear, yn 'e âlde Harmonie, mei de losse stuollen, hawwe wy it meimakke, dat de lju boppe op dy stuollen kladderen. Dat wie by it earste konsert fan Vera Janacopoulos; der wie mar in foech espel minsken yn 'e greate seal, mar dy wiene sa ûnder bislach fan 'e doe noch ûnbikende Grykske sangeresse rekke, dat hja har útskroevenens gjin rie wisten.
Tsjintwurdich rize, al is de útfiering de nuete kant neist en it wurk sèls mar stadich, alle bywêzigen, publyk en orkest, oerein en it soe jin neat gjin nij dwaen, dat as de stuollen it talieten - hwat dy aldergeloks net dogge -, it moade wurde soe en klim dêr alle kearen boppe-op. En by it toaniel is it krektallyk. Net sadré giet it doek nei de lêste akte fannijs omheech, of dêr stommelet in part fan 'e taskôgers al oerein, sels as in ûnbitsjuttend kluchtspultsje mar frijhwat foech spile is, en nei trije kear omheechheljen stiet de hiele seal yn 'e hannen to slaen.
Dat is allegearre wol tige noflik foar de útfierenden, mar oft it Ljouwerter publyk dêr de spylders of harsels in deugd mei docht, stiet by ús noch to bisjen. Al to maklike suksessen stipelearje net it peil fan 'e útfierings en it moat der út dat wy ús dit seizoen wolris ôffrege hawwe, oft de Ljouwerters, goe- folk, nou wier mar alles foar leaf nimme hwat hja foarset krije, en der dan ek noch tankber foar binne.
Underwilens is der foar de geastdrift fan it publyk dochs