| |
| |
| |
Sjoerd van der Schaaf:
De Pyromaen.
I. De Heabult.
It wie tsjin njoggenen doe't Gjalt Sipkema út ‘De spinnende Kat’ weikaem, en al moai tsjuster. In lantearne skodholle en knypeage tsjin Gjalt Sipkema. Gjalt liet in raer wurd hearre en kroaske doe it smelle strjitsje út. Oan 'e ein, tusken de huzen, stie in smelle skreef ljocht en Gjalt Sipkema seach forheard, dat de gevels tsjin mekoarren bûgden en oare maneuvels makken. ‘Singelier is 't’, sei er sa lûd, dat in houn earne yn it skaed fan in hûs koart en nidich bile.
Op 'e haedstrjitte waeide it fris, hwat tige gunstich wurke op Gjalt Sipkema. Hy koe syn gedachten wer oarderje en bitocht, dat syn wiif him faeks aensens net sa freonlik ûntfange soe. Syn wiif en syn dochter; hwant Setske spile langer ek net swak by. Hy hearde harren al sizzen: ‘Dû moatst dy skamje; jo moatte jo skamje’. ‘Jo moatte jo skamje’, sei Gjalt Sipkema tsjin in linebeam, dy't him yn it paed stie. Doe laken in pear fammensbern skel, mei lange úthalen.
Gjalt Sipkema fielde him net alhielendal yn syn wêzen. ‘Fordeald, dy froulju’, jeuzele hy. Hy woe ha, syn wiif en Setske soene hwat mear bitrouwen hawwe. Nou hied er in minne kou, dêr't er gjin plak foar hie op stâl, sa goed forkoft oan Sikke Bears, de slachter; dat koe dochs wol in pear slokjes lije. Hoefolle slokjes einliken? Hy wist it net, mar dat de beammen nêst de strjitte net yn de rige stean bliuwe woene, soe dochs wol oan him lizze. It jild foar de kou hied er yn 'e portefúlje. Fansels, hy wist wol, it gyng by de froulju net om 'e sinten. It gyng der om, dat hja it grau hiene op de drank. Mar hannel yn wrakke kij en drank hearre nou ienkear by mankoarren. As er Sikke net sa royael traktearre hie, hie dy fêst net safolle foar dat bistke jown.
‘Lit se harren der bûten hâlde; saken binne saken’, sei er; nimmen hearde it, hwant hy wie al buten de buorren. Hjir spielde de wyn as fris wetter om him hinne. Hwerom soed er net bisykje, in bytsje to bikommen? Faeks hiene se dan neat mear yn 'e rekken, as hy thúskaem.
| |
| |
In grouwe hikkepeal en in holle wylgebeam stiene deun nêst mekoarren. Gjalt Sipkema woe de hikkepeal gripe en kaem yn de wylgestamme to rjochte. Dat die him sa nij as fleanen, mar it siet der wol g'oed. Hy seach dat der op de kym yn it Westen noch in striel read ljocht lei. Hy koe sizze, dat er in eintsje omroun wie mei dit alderivichst moaije Septimberwaer. Dauwe hinge boppe de sleatten; hy hearde kij snuven. Einliken hied er Sikke Bears yn 'e pet lutsen, mar dat wie dochs wol in biwiis, dat hy op syn iepenst west hie. As it der op oankaem, wie it hwat in twiveleftige hannel. Lykwols, tsjûgen hiene der amper by west. De kastelein hâldde der him wol buten en de twa biljerters wisten nei alle tinken fan neat. Ien fan harren wie dy assuradeur, dy Greonterp, lang en spjuchtich en mei in bril op. Setske hie him ris in blauwe skine rinne litten, mar hy hie der him gjin sprút om foroare. ‘Dan net, sels witte!’ hied er sein en by de doar hied er syn swart huodtsje nochris ôfnomd. Gjalt Sipkema stie syn útstrutsen troanje net alhiel. Yn 'e oarloch hied er in skoft yn Dútsklân tahâlden, mar neitiid wie der him neat fan oerkomd, dat it soe wol oermacht west ha.
Der rissele in fyts foar him lâns; Gjalt Sipkema seach it ljocht oer de dyk flappen. De reade skyn op 'e kym wie noch mar in lyts streekje; hy moast sjen dat er thúskaem. It slagge him, oerein to kommen, mar it rinnen moast al wer even wenne. Dêr wie wer in fyts; de man skille en ried doe Gjalt Sipkema lyk tusken de skonken. Gjalt foel foaroer; fyts en fytser saeiden yn de berm. ‘Dat 's gjin spul’, grommele Gjalt Sipkema; hy hie hwat fan in grouwe houn, lyk as er dêr lei, op hannen en knibbels. ‘Dat 's in minne streek, sjedêr.’ De fytser stie samar wer op 'e dyk en holp him oerein. ‘Ik skille en jo gyngen earst nei de kant en doe ynienen rounen jo my krekt foar it tsjil. Dêr koe ik net foar. Ik leau, it is goed bislein.’
Gjalt Sipkema wie net lulk. Hy wie allinne mar in bytsje ûnwis. ‘Jo moatte net tinke, dat ik dronken bin’, sei hy. ‘Dat moatte jo bileaven net tinke.’
De man loek syn fyts út de ûnderwâl fandinne. ‘Dronken, dêr haw ik gjin amerij op sind; hoe komme jo der by?’ Hy hie it fansels daliks wol rûkt.
‘Ik rin goed, ik hear goed, ik sjoch goed’, swetste Gjalt Sipkema om himsels moed yn to sprekken. ‘Dêr jinsen komt in fyts fan 'e oare kant; ik sjoch it ljocht nou al.’
| |
| |
Nou moast de man laitsje. ‘Ha ha, dat ljocht komt oer it lân, efter Heechhiemster syn pleats wei.’ Hy wie even stil. ‘Is it wol in ljocht?’
‘As dat gjin ljocht is....’, bigoun Gjalt Sipkema, mar doe swei hy. It waerd to great foar in ljocht. Der stiigden fûnken op en flammen krûpten omheech.
‘Brân!’, rôp de man. ‘Heechhiemster syn heabult stiet yn 'e brân!’
Der kaem Gjalt ynienen hwat yn 't sin, in idé waerd wekker yn syn holle en bigoun syn reis. Brân, helpe by it dwêsten, smoarch wurde, nei reek stjonke; dan hiene syn wiif en Setske neat mear yn to bringen. Dit wie syn rêdding!
‘Foarút, der hinne!’, sei hy biret; hy wie ynienen nochteren en tige geastdriftich en roun as in hazze. De oare slingere syn skonk oer it seal en karke mei faesje it hiem op, roppend: ‘Heechhiemster, jou hea barnt!’
Gjalt Sipkema wachte net op 'e boer en syn folk; hy naem in amer fan it rak en sette der mei nei de heabult ta. It fjûr siet ûndertusken al yn 'e nok; it knettere omraek en stiek frijhwat ôf. Dit wie Gjalt syn kâns. Hy skepte wetter út de sleat mei syn amer; syn iene skonk sakke yn 'e dridze wei, mar it koe him gjin sprút skele. Yn in brede gjalp soalde hy it wetter yn it fjûr. Dêr't it to rjochte kaem, dôven de flammen. Mar op oare plakken dôven se net.
Wer in amerfol wetter; noch ien. Gjalt Sipkema soe der hûndert yn smite wolle. It joech suver neat, mar dat hoegde ek net. Syn fuotten wiene dweiltrochwiet en de modderspatten sieten him al yn 'e nekke; it wie him skoan nei 't sin.
Dêr kaem de feint fan Heechhiemster oan mei in ljedder en efter him de man fan de fyts mei amers; en sjoch, út it tsjuster dûkte ek Heechhiemster sels op, tûfen hier om 'e holle en mei in grimitige troanje. Mei syn hege stimme rôp er: ‘Hwat in ramp; en ik koe myn klompen net ienris fine’. Gjalt Sipkema seach yndie, dat hy op hoasfuotlingen wie. Mar hy bikroade him fierder net om Heechhiemster; hy pakte de feint de ljedder ôf en sette dy tsjin 'e kant, dêr't it fjûr noch net wie. Alhielendal nochteren wied er nou; mei in folle amer stoep er by de ljedder op, sa heech er koe, en hy struide it wetter boppe op it hea út. Der stauwen fûnken út; der wie ynienen ek in flam dy't syn troanje lâns sloech, en op itselde stuit krige hy de rook fan forbrând hier yn 'e noas. Blinder, it koe dochs net alles lije.
‘Nou dû mar ris’, sei er tsjin 'e feint, doe't er wer op 'e
| |
| |
groun stie. It wie ûndertusken drokker wurden by de brân. Heechhiemster syn wiif en de faem stiene der ek nei to sjen, en fierderop wie in spjuchtich wyt gesicht mei refleksen fan it fjûr yn de brilleglêzen. En Gjalt Sipkema krige ynienen in raer gefoel yn de mage; hwant dat wie fansels Greonterp, dy forsekeringskeardel, dy't faeks wol hwat ôfwist fan syn twiveleftige hannel mei Sikke Bears en fan de slokjes, dy't hy to folle hawn hie.
‘Ik ha skille om 'e spuit’, sei frou Heechhiemster.
‘Mar dy komt dochs to let’, praette de wite spjuchtige troanje op 'e eftergroun; ‘en de skea is fansels foar my. Hoe kin sa'n heabult samar bigjinne to brânnen?’
Heechhiemster kaem by de sleat wei; hy hie nou klompen oan. Hy like luik. ‘Ik wit net, hwat jo tinke, mar broei siet der net yn; dat kin ik biwize. It hea wie sa droech as rys. En de forsekering is fierst to leech.’
Mei syn dierber lûd sei Greonterp: ‘Mar Heechhiemster, bigryp my goed, ik wol jo út noch yn net biskuldigje. Jo binne in achtenearre man. As forsekeringsman freegje ik my lykwols ôf, hoe't droech hea op hwat in dampe joun samar yn 'e brân fleane kin. Jo steane bûten alle fortinking, mar kinne jo ynstean foar oare minsken?’
't Wie healwiis; mar Gjalt Sipkema forbylde him, dat Greonterp syn kant útseach. Hy krige der tige nocht oan, dy moaiprater in amerfol sleatswetter op 'e holle to leeg'jen. Spitich, dat hy forsichtich wêze moast mei dit hearskip. Hy kearde him om en seach dat der oan de heabult neat mear to rêdden wie. De kappe brânde ek al, it wie in fûle lôge. De feint naem de ljedder by de bult wei, dat foei him net ienris ta. En yn de fierte klonk it skiljen fan de spuit.
Gjalt Sipkema stie ynienen der mar hwat forwêzen by. Dit wie in frjemde joun. Der sloech in weach fan wurgens oer him hinne en hy gappe fan sliepperichheit. Him tocht, hy koe nou mar better fuortgean. Mar doe't er de bleke Greonterp foarby kaem, sei dy: ‘Jo moatte hjir bliuwe, Sipkema. Der sil daliks wol polysje wêze en ik wol dit útsocht hawwe. Fortel dan ek mar, hwat jo witte’.
Der lei Gjalt Sipkema in lulk biskie op 'e lippen, mar hy tocht oan 'e hannel mei Sikke Bears en hâldde him yn. By Greonterp lâns sjend sei hy, dat hy neat gjin nijs fortelle koe en frij man wie, dy't gean koe hwer't en hwannear't er woe. Mar hy roun net fuort. Dêr wie nammers de
| |
| |
spuit ek; en der siet wrychtich in polysjeman by it folk, dat meikaem.
Inkelde minuten letter stiene de wetterstrielen al op de heabult. It rikke en stonk en Heechhiemster ornearre, it hie better folslein opbrânne kind. Underwilens praette Greonterp mei de fjildwachter; har troanjes stiene earnstich. It bigoun Gjalt Sipkema to tortelen; hy hie syn nocht. Hwat deale hie hy to mietsjen mei dit folk! Hy hie ek daliks trochrinne kind doe't hy de brân seach; dan hied er nou al op bêd lein. ‘Ik gean dan mar’, sei hy tsjin Heechhiemster. Mar de fjildwachter hearde it en tikke him op 't skouder. ‘Ik moat jo sa daliks even ha.’ Botte freonlik klonk it net. Gjalt protestearre. ‘Hwat binne dat foar kluchten? Ik wol op bêd, ik wie der fan 'e moarn fjouwer ûre al ôf. Doe sliepten jo fansels noch as in stikelbaerch.’
De fjildwachter wie koart. ‘Jo wolle wol ûnder de manufaktueren fansels nei safolle slokjes. Mar dêr kin ik gjin rekken mei hâlde.’
Gjalt Sipkema rôlle de fûsten op. Dat hie dy Greonterp fansels oerbrocht; hy koe dy fint wol forgrieme. ‘Ik bin helderder as jo’, biet hy de fjildwachter ta, ‘en dy Greonterp moast in pak op 'e hûd ha.’
‘Nou mar gjin praetsjes mear, der binne fan dy moaije hokjes efter it gemeentehûs’, drige de fjildwachter. Even letter wiene hy en Greonterp oan it sykjen om de heabult hinne. Dêr't hja rounen waerd net spuite, it wie dochs mar in kwestje fan wiethâlden. Gjalt Sipkema, hwat ûnwis, frege him ôf hwat dat to bitsjutten hie. Heechhiemster sei ynienen ek suver neat mear, en op Greonterp syn troanje lei in falske glim.
It duorre in kertier, doe wie it ûndersiik blykber ôfroun, Rjocht op Gjalt Sipkema kaem fjildwachter ta. ‘Sa, en lit my nou jou lúsjefers mar ris sjen.’
Der stie in lantearne op 'e spuit, dy joech ljocht genôch. ‘Lúsjefers, hie 'k tocht’, sei Gjalt Sipkema; hy hie einliken noch neat yn 'e rekken. Ut syn bûse helle hy sa'n lyts Sweedsk doaske. Hy seach nou, dat de fjildwachter ek in pear prikjes yn 'e hân hie. De man hâldde Gjalt syn prikjes der nêst. It wiene net deselde. Dat foei him blykber ôf. Nou, jo hawwe gelok’, sei hy, alhielendal net bliid. ‘Mar ha jo net mear doaskes yn 'e bûse? Lit ris fiele.’
Pas dat amerij waerd Gjalt Sipkema alles dúdlik. Hy
| |
| |
waerd fortocht fan brânstifting. Earst wied er forbjustere en liet de fjildwachter yn syn bûsen wrotte. Mar doe kaem er wer ta syn sûpe en stút. Hy die in stap efterút. Hy flokte en sei, dat de fjildwachter him fan de hûd ôfbliuwe moast ‘Undersykje daliks nou de oaren ek mar. Dêr makket men jin drok, dêr wurdt men wiet en smoarch en krig'et ek noch lêst mei de polysje.’ Der gyngen nou mear ljochtsjes yn him op. ‘Dêrsa, dy persoan’, en hy wiisde op 'e fytser, ‘wie jinsen op 'e dyk by my, doe't it bigoun. Freegje it himsels.’
Der stiene hiel hwat minsken om hinne. Greonterp syn wite troanje skodholle. ‘Dit is in dronkemansstreek; it trof wol nuver, dat jo hjir krekt op dat stuit wiene.’ Mar de fytser kaem foar Gjalt Sipkema op. ‘It kin net. Wy seagen op in distânsje, dat it bigoun.’
‘Nou, pak mar op’, sei de fjildwachter oan Gjalt Sipkema syn adres. ‘Ik kin jo neat biwize, mar jo binne der noch net ôf.’
‘En ik gean moarn nei de boargemaster’, kundige Gjalt Sipkema oan. It wie syn lêste wurd op Heechhiemster syn hiem. It klonk hwat kluchtich, like it himsels ta. Underweis woun er himsels noch hwat op; it koe him thús to pas komme, hwant syn wiif en Setske hiene fansels op him wachte. Hy seach it ljocht yn 'e keamer fan fierren al brânnen. Gjalt Sipkema sammele al syn moed en al syn materiael oan arguminten. Yn it binhûs loek hy syn smoarge skuon út en doe died er de keamersdoar mei faesje iepen. ‘Dêr helpt men út alle macht by in bran en kriget it dan ek noch op 'e skuld.’ Och, hwat sieten se dêr ingeleftich by de tafel. Mar in bytsje forheard seagen hja dochs wol op. Syn wiif mikere oer de bril hinne. ‘In brân, seiste? Hwersa in brân?’
Gjalt Sipkema fielde, dat hy it programma forsteurd hie, en dat joech him krêft. ‘Wisten jimme it noch net? Yn Heechhiemster syn heabult. Ik seach it fan de dyk ôf en die hwat ik koe; en letter woe dat stik ûngelok fan in fjildwachter ha, ik hie it oanstutsen. Ik.... eh.... sjoch der fansels net sa himmel út, mar dat hat men by brânnen.’
De froulju koenen him fierstento goed om net to merkbiten, dat hy in bytsje komeedzje spile. ‘Dû it oanstutsen; dêr sille wy it bêste fan hoopje’, sei de frou, en doe wie der in swijen yn 'e keamer. Even fleach it Gjalt Sipkema oan en stie er yn bistân oft er losboarste soe: as jimme
| |
| |
my net bitrouwe gean ik hinne en stek de hiele boel yn brân. Dat die er wolris faker as er yn need siet; syn wiif waerd dêr net botte oars mear fan, mar Setske woe yn dat gefal noch wolris yn goedens. Hy bitocht lykwols op tiid, dat sok sizzen yn dit gefal syn biswieren hie; en boppedat like dit swier geskut net nedich. Hy bidimme him. ‘Ik sil my hwat waskje yn 'e keuken, en dan gean ik daelks op bêd, hwant ik bin sa wurch as in houn.’
Mei wetter spattend by de kraen like it him ta, dat alles dochs goed bislein wie. De froulju hied er stil krige, en it drigemint fan de fjildwachter liet him einliken kâld.
Doe't er nei de sliepkeamer soe, frege Setske him och sa sêftsedich, oft er syn fyts net meinomd hie. Gjalt waerd kel. ‘Fordeald, dy stiet noch by Heechhiemster.’ - ‘Of faeks by ‘De spinnende Kat’, sei hja, en die de doar ticht. It slagge Gjalt, in flok to forbiten.
| |
II. De Smidderij.
Gjalt Sipkema gyng de oare deis net nei de boargemaster, mar de boargemaster rôp him, doe't er nei ‘De spinnende Kat’ ta sette om syn fyts to heljen. It wie tusken njoggenen en tsienen, folle folk wie der net yn de buorren en Gjalt hie it graech sa ûng'emurken mooglik dwaen wold. Mar de boargemaster rôp him en hy moast wol mei nei 't gemeentehûs. It ûntgyng him net dat somlike lju him efternei seagen, en dat noaske him mar matich. ‘Sipkema’, sei de boargemaster, ‘dat brântsje fan justerjoun wie net samar in tafallich brântsje. Immen hat it oanstutsen. De fjildwachter en mynhear Greonterp hawwe de lúsjefersprikjes foun. Ik tink net graech it minste fan de minsken, mar jo wiene der wol tige gau by.’
It like Gjalt Sipkema ta, dat hy moast mar fiks fan him ôfbite.
‘It hat in goede leare foar my west, boargemaster. De hiele krite kin hjir ôfbrânne, mar Gjalt Spikema sjogge se der net wer by. Dy giet mar leaver in oare kant út of krûpt op bêd.’
De boargemaster loek oan 'e skouders.
‘Bigryp goed, in gefal fan brânstichting kinne wy net slûpe litte. Jo hiene hwat drank brûkt justerjoun; wy hawwe dat al útsocht.’
‘Ik wie net oars as oars’, sei Gjalt. ‘En immen, dy't in
| |
| |
pear slokjes ophat, stekt dêrom noch net in heabult yn 'e brân.’
‘Sipkema’, sei de boargemaster, en hy seach tige earnstich, ‘ha jo by jo thús wolris drige, dat jo de hiele bringst yn 'e brân stekke soene? Binne der wolris soksoarte wurden oer jou lippen komd?’
Fordeald, fordeald, hoe wist hy dat? Gjalt Sipkema, de boereman, krige sawier in kaem. Yn syn hert forflokte hy nou de keapman op Ljouwerter merke dy't him forteld hie fan de fortuten fan syn drigemint fan selsmoard, as er ris yn 'e knipe siet. Dan rôpen se allegearre: Net dwaen, net dwaen! en hiene se alhielendal gjin praetsjes mear. Dat resept hie Gjalt Sipkema ek tapast, mear as ienkear; net mei selsmoard drige hy, mar mei brân, en yn 't bigjin hie it wol útwurking hawn. It middel bigoun nou lykwols syn krêft to forliezen.
Gjalt Sipkema skeukte op 'e stoel hinne en wer.
‘Harkris boargemaster, sokssahwat haw ik yndie wolris sein. Mar der is in great forskil tusken sizzen en dwaen. Immen, dy't wierliken brân stiftsje wol seit it net, mar docht it.’
Dat like syn slach to wêzen, mar de boarg'emaster wie net alhiel oertsjûge.
‘Der is nou brân stifte, en jo wiene der yn alle gefallen net fier ôf. Dat is dochs wol in oanwizing, al ha jo in goede tsjûge en al hiene jo oare prikjes yn 'e bûse as dy't foun binne. Koene jo goed mei Heechhiemster?’
‘Nea hwat mei de man hawn’, bearde Gjalt Sikkema. ‘Nou ja, freonen binne wy net, mar spul hat der tusken ús ek noch nea west.’
De boargemaster knikte. ‘Datselde sei Heechhiemster ek.’ Hy sloech mei syn fingers in roffel op 'e tafel. ‘Sjoch Sipkema, ik haw net genôch oanwizingen om jo hjir to hâlden. Jo sille ek net útnaeije. Mar hwat de offisier fan justysje wol, wit ik noch net. En as der wer in brân is, bliuw mar út de buert.’
Doe koe Gjalt Sipkema gean. Hy sykhelle al rommer, doe't er wer op strjitte stie. ‘Kom der noch even yn’, sei de kastelein fan ‘De spinnende Kat’, dy't yn de doar stie; ‘hwat wie dat justerjoune mei dy brân?’ Mar Gjalt sei dat hy 't net oan tiid hie; hy pakte de fyts en sette moai hastich ôf. Fortocht fan brânstifting; it joech him in raer en machtleas gefoel. Hjir soe fansels ek wol praet fan komme.
| |
| |
It foel lykwols hwat ta. De fjildwachter seach stymsk, as er him mette, en út en troch observearre Gjalt, dat de minsken mekoarren hwat talústeren, as hja him seagen; mar sa fyngefoelich wied er net, dat er him der slim om tjirge. Hy wie boer, mei syn eigen dingen en drokten; mei in wykmannich hiene se wol wer hwat oars om der oer to rabjen. En hwa wit waerd de wiere dieder foun.
Mar de dieder bleau bûten skot. En de wiken g'yngen foarby. Novimber waerd it; doe wie der in boeregearkomste yn it Readhert, it greate spul, dêr't de notabelen har soasjeteit hiene. It wie de muoite tige wurdich; it gyng oer in great forkavelingsplan foar it feanlân mei syn kilometers lange en tige smelle lapen groun. It wie gjin minne groun, seine de sprekkers, mar der koe fjouwerris safolle úthelle wurde as nou, hwannear't alles op 'e nij oanmakke waerd mei brede kampen en goede sleatten en in mannich hurde wegen der trochhinne. Elk bigriep wol, dat dit altyd trochgean moast, mar dochs waerd der lang en dreech oer praet, hwant dit wie dochs hwat oars as oars. Oan 'e ein stimden dochs noch somlike boeren tsjin, dy't it op de iene of oare manear net stienen.
En letter, op strjitte, waerd der noch neikaerte, lûd en forheftich. Hiel hwat biswieren, dêr't men op 'e seal net mei doarst oan to kommen, waerden, forhannele ûnder de lantearnen. Tolve ûre wie it, doe't Gjalt Sipkema einlings de stap der yn sette nei hûs. Yn de buorren noch fytste him immen foarby; ek ien fan de boeren fansels, tocht Gjalt, al seach er sa net hwa't it wie. In langeftige man, steil op 'e fyts sittend, dy't der fiks de gong yn hie; Gjalt koe him der net fan.
De dyk makke in bocht, dêr't de buorren sa likernôch ophâldde; om 'e hoeke stie de lêste lantearne. En ûnder dy lantearne stiene noch wer fjouwer boeren lûdroftich har miening to jaen, ‘Deselde ûnteigeningspriis foar alle groun, dat is gjin spul, dat kin gjin kant út’, rôp Hindrik Rollingswier, in forneamde ropper. ‘Op myn lân waechse gjin rusken en snileboel lyk as op in oar sines.’ ‘Mar by 't hjerst sakje jou pinken likegoed yn de dridze wei as uzes’, sei Jehannes Groustra mei syn swier lûd. Gjalt Sipkema hie dêr ek syn miening wol oer en hâldde dy net foar him. Der waerd earne in finster iependien en in lulke stimme sei: ‘Donderje nou einlings ris op, de bern kinne net sliepe fan jimme gebear.’ De boeren sloegen it amper acht. Hja
| |
| |
hâldden pas op, doe't hja net iens safier fan harren ôf in nuvere ljochtskyn seagen. It flikkere sahwat oer de dyk, it ljocht kaem út in âld smidte, dy't dêr hwat iensum stie.
Op dat stuit forgeaten de boeren har opwining en har argewaesje, hja setten hastich op it skynsel ta. ‘Dat doocht net!’ sei Jehannes Groustra. En Hindrik Rolling'swier galme: ‘Bliksem, dat is klearebare brân!’
Nimmen skrok mear as Gjalt Sipkema. Al wer! De hiele krite kin ôfbrânne, mar se sjogge my der net wer by, hied er tsjin de boargemaster sein. Mar dat wie him forgetten yn dit amerij. Hy wist, dat der twa âlde minsken wennen yn de klinte nêst de smidte. Soene dy der al út wêze?
It wie net alhiel tsjuster; der moast hwat moanne sitte efter de wolken. By it útsutere spul wie gjin minske to sjen. Fûleindich stie it fjûr efter de ruten fan 'e smidte en út it dak krûpten stadich grouwe reekwolken wei. Gjalt Sipkema rottele oan 'e húsdoar. ‘Brân, De Jong, kom der út!’ Hy rôp it in kearmannich en loek oan 'e klink. Mar der wie neat to hearren. Gjalt bitocht him net lang. Ut alle macht trape er tsjin de doar oan. By de tredde kear sloech dy iepen. Efter him kaem Jehannes Groustra it hûs yn. Tichte reek kaem harren to mjitte. Groustra knipte in bûslanterne oan; 't wie goed dat hy ien hie, hwant der wie gjin oansluting op it ljocht. Hja stiene yn in gonkje. Lofts wie in doar, dy die Gjalt iepen. Sa kamen hja yn in keamer; yn it ljocht fan de lantearne seagen hja de reek troch alle skreven binnenstreamen. Op in pear skurve stuollen leine klean. ‘Wy binne goed’, sei Groustra, ‘hja sliepe fansels yn in bêdsté.’ En dêr gyngen de bêdsdoarren ek al iepen. ‘Hwat sil dat?’, sei in trilderige stimme. Gjalt Sipkema joech in koart biskie, ‘Daelks der ôf, De Jong! Jimme hûs stiet yn 'e brân!’
Efter út it bêdsté kaem in needgjalp. De Jong' sels foroare net folle, ‘'t Sil wol hwat tafalle’, sei hy, en liet him fan it bêd sakje. ‘Ja, 't rikket al hwat. Stek de lampe op, mannen, dan kinne wy hwat sjen.’ It barren krong blykber net alhielendal ta him troch. It bêste wie ek fan him ôf. Gjalt Sipkema syn heit hie jierren lyn ris spul mei him hawn fanwege in rún, dy't net goed bislein wie, en sûnt hie de man nea wer in sint oan de Sipkema's fortsjinne Hy wie nou nammers fierst to âld wurden om noch hynders bislaen to kinnen; hy pielde allinne noch hwat mei meanmasinen en soksoarte ark om. ‘Wy ha 't net mear oan
| |
| |
tiid om de lampe op to stekken’, sei Groustra. ‘Jimme moatte hiel hurd aveseare, of wy komme yn 'e reek om of forbrânne.’ Hy hoaste.
Gjalt Sipkema holp de frou út il bêdsté. Hja krimmenearre, mar hâldde har goed. It knetterjen fan it fjûr wie nou to hearren en der foel ek hwat. ‘Aveseare!’, sei Groustra nochris. ‘Ja, jo wolle mar hurd’, praette de smid, ‘mar ik moat my dochs fatsoenlik oanklaeije. Ik kin dochs net yn de ûnderbroek nei bûten. En myn bril moat ik ek ha, oars bin ik skjin forlegen. Stek de lampe dochs op.’
‘Hâld dyn tût en sjit op’, grânzge it âld minske. ‘Dat ús dit noch oerkomme moat!’ Hja helle in ponge ûnder it kjessen wei en die dy om 'e hals. Groustra syn geduld wie sa likernôch to'n ein. ‘Nou as de bliksem fuort of ik soal jimme de ruten út. Hwat wy oan klean sjogge nimme wy wol mei.’ Hy en Gjalt treauwen de âlde minsken as skiep it gonkje yn. ‘Hou, hou, 't is myn eigen hûs’, protestearre de âld man. Mar doe wie hy ynienen stil; hwant hy seach dat flammen by de souder lâns krûpten.
Foar de doar stiene minsken. Ien fan harren wie de fjildwachter, dy't earst De Jong en frou oer de drompel holp en doe Gjalt Sipkema yn de kraech pakte. ‘Soa, al wer in brân en jo al wer de earste dy't der by wiene. Mar ditkear komme jo der net foar wei.’ Gjalt wie to forstuivere om daelks hwat sizze to kinnen. Syn mûle gyng heal iepen stean, mar der kaem gjin lûd út. As yn in dream hearde er yn 'e fierte it skiljen fan de spuit, dy't der oankaem, en seach er op in lytse distânsje in fan de flammen wyt biljochte troanje. Greonterp, de forsekering'sman!
‘Hwat wolle jo? Hwat is der oan?’ Net Gjalt Sipkema, mar Jehannes Groustra frege it. Doe foun Sipkema syn spraek werom. ‘Dizze heale geare tinkt, dat ik de brân oanstutsen haw’, sei hy mei in heaze stimme. Hy seach de fjildwachter mei in forlutsen troanje oan. ‘Jo sille my daliks loslitte! Ik gean sa wol mei. Mar hjir binne jo noch net ôf.’
‘Pas hwat op jou wurden’, sei de fjildwachter grimitich. Mar hy liet Gjalt yndie los. Dêr klonk ynienen de dierbere stimme fan Greonterp. ‘Sipkema, Sipkema, dit wiist net bêst; dit hie ik net fan jo tocht. En it is fansels wer in post fan my.’ Sahwat ôfwêzich sei hy der efteroan: ‘Brânne wol it wol’.
Gjalt seach him oan; in wite troanje, dy't sahwat yn 'e
| |
| |
loft like to sweevjen. Wûnderlik; dy eagen, dy't men oars nea to sjen krige, om't se foar jin del of by jin lâns seagen, stiene nou wiid iepen efter de bril. En Gjalt syn lulkens sakke like hurd ôf as hja opkomd wie. Mei dizze man hoegde er net to praten.
Hy loek oan 'e skouders. ‘Hwer wolle jo my hinne hawwe, fjildwachter? Nei 't gemeentehûs of nei Ljouwert? Ik soe sizze: mar net to fier fuort, hwant moarn moatte jimme my dochs wer gean litte. Ha ha, ik haw wol tweintich tsjûgen.’
De spuit ried nou foar it brânnende hûs; de dyk wie opslach fol minsken. Mar Gjalt Sipkema bleau der net. De boargemaster, dy't meikomd wie en sels de lieding naem, hjitte de fjildwachter, Gjalt daliks nei de sel to bringen. En sa setten de twa mannen ôf yn de nacht, polysje en arrestant. It hage Gjalt och sa min, en hy die tige war, de fjildwachter foar de kroade to riden. ‘Jo binne einliken gjin folsleine keardel,’ ornearre hy. ‘Jo meitsje josels bispotlik, hwat sille de lju jo letter útgnize.’ De fjildwachter sels wist net folle oars to sizzen, as dat it rjocht syn birin ha soe. Hy wie dochs net alhiel wis fan syn saek. Foar't Gjalt yn 'e sel kaem, moast er fortelle hwat er de jouns dien hie en hwa't syn tsjûgen wiene. Ek de ynhâld fan syn bûsen moast er oerjaen. Der wie in lúsjefersdoaske by; der stie sa hwat op fan drink net en skink net. Syn wiif hie in pakje derfan fan de ûnthâlders kocht; botte bêst wiene se net, mar Gjalt hie alteast in warskôg'ing yn 'e bûse. Der sieten moai greate prikken yn.
It lêste hwat Gjalt sei wie, dat de fjildwachter syn famylje even warskôgje moast. ‘Siz der mar by, dat ik foar 't iten thús bin.’ Doe gyng er op 'e brits lizzen en bisocht to sliepen, mar dat slagge him dochs net sa gau. Pas tsjin 'e moarn rekke hy hwat yn 'e slom.
Om alve ûre likernôch siet er by de boargemaster. Dy blykte hwat forlegen mei de saek to wêzen. ‘Wy hawwe it gefal ûndersocht’, sei hy, ‘en wy witte net alhielendal hwat wy der fan tinke moatte. Hiene jo of jou famylje net ris hwat hawn mei smid De Jong?’
Gjalt lake, sa goed as er laitsje koe.
‘Och hea, omdat hy jierren en jierren lyn ris in rún fan uzes net goed bislein hat? Boargemaster, nou woe ik jo wizer ha.’
‘Harkris Sipkema, der binne ek wolris lju, dy't brân
| |
| |
stiftsje sûnder reden. Pyromanen neamt men dy.’
Gjalt tikke mei de knokkels op 'e tafel.
‘Wês der mar wis fan, dat ik net by dat naesje hear.’
‘De tsjûgen sprekke yn jou foardiel’, sei de boargemaster. ‘Mar it bliuwt nuver, dat wy hjir de lêste tiid twa brânnen hawn hawwe en dat jo yn beide gefallen der earst by wiene. Of ha jo fijannen? Is it mooglik, dat der immen is, dy't hwat op jo tsjin hat?’
Dy gedachte wie nij foar Gjalt Sipkema. ‘In fijân? Fordeald, ik soe it net witte.’ Hy wie even stil. ‘Boargemaster, as dat justerjoun brânstifting wie, dan wie it slimme brânstifting. Hwant as Groustra en ik de beide âlde minsken net út it hûs helle hiene, wiene se forbrând.’
De boargemaster knikte.
‘It hat moai wis brŝanstifting west. Der binne wer lúsjefersprikjes foun. Fan dy lytse, út in Sweedsk doaske. Jo hiene greate yn 'e bûse.’
‘De earste kear hie ik lytse,’ sei Gjalt. Hij seach by de boargemaster lâns nei it finster. Soe der wrychtich immen wêze, dy't him yn it ûngelok helpe woe? Hy tocht oan de fytser, dy steile man, dy't him fan efteren op foarby riden wie, doe't hy fan it Readhert op wei wie nei hûs. En fier wei út syn ûnthâld kaem it byld op fan immen, dy't him foarby fytst wie dy joune, dat hy ut de Spinnende Kat kaem en bisocht, út de holle wylgebeam oerein to kommen.
‘Hwer tinke jo oan, Sipkema?’
‘It koe dochs wol wêze, boargemaster, dat er immen is, dy't hwat tsjin my útheeft.’
Gjalt kaem yndie noch foar it iten thús. De froulju wiene stymsk en nijsgjirrich tagelyk. Hja wisten net goed hwat hja der oan hiene. Gjalt fortelde net mear as hy kwyt woe. Mar hy sei al: ‘As de polysje de brânstifter net fynt, fyn ik him sels.’ Syn wiif ornearre, dat hy mar net sa let op 'e dyk omkroaskje moast. Dat wie alles hwat hja sizze koe; hwant fan de fjildwachter hie hja wol heard, dat ditkear de drank net yn 'e man west hie. En nammers, sûnt dy joun fan de brân by Heechhiemster hie er him op dat stik fan saken goed hâlden.
(Wurdt fuortset.)
|
|