De Tsjerne. Jaargang 9(1954)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Gedeeltelijk auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 128] [p. 128] Op it harspit: Gebetsje foar D.A. Tamminga. O, Hear, Jo binn' gjín skoallemaster, En dêrom is der neat, neat to forjaen. In stikken rút, in pripp'rich Tsjerne-ferske, Dêr sille Jo Jins dogeneaten net om slaen. Der is neat to forjaen, mar wol to jaen: Us Douwe, yn syn haet tsjin 't yntellekt, Hat neat as mjitte en rym ta syn foldwaen. En fierders - fierders wit er 't net sa krekt. Jow him dêrom hwat ynspiraesje, Dat hy wer greate fersen skriuwe mei. Wy ha sa slim forlet fan 't dichtersnaesje As selskip op ús yntellektuële-wei. En jow him oars hwat arguminten, Dat hy net stean mei yn syn himd. It is in griis, och Heare, Heare: Fjouwer en fjirtich rigels - en net íen argumint. En oars, och, jow him oars in sint. FOKKE SIERKSMA. Vorige Volgende