Nijs rounom wei.
Fedde Schurer hat, lykas prof. dr P. Boendermaker en ds Okke Jager, in priis woun foar in Nederlânsk fers oer de Bibel. It Ned. Bibelgenoatskip hie dêr in priisfraech foar útskreaun dêr't 145 ynstjûringen op ynkomd binne. De tekst fan de fersen sil publisearre wurde op de Bibeldei op 16 Juny yn Den Haech. - Tagelyk mei it forskinen fan Sjoerd Leiker syn roman ‘De Voorspelling’ is troch de útjower, De Bezige By, oankundige, Leiker hat noch in roman ûnder hannen dy't ‘De Grime Herne’ hjitte sil en ek spilet yn de Fryske Wâlden. - Dit foarjier sil yn de Arbo-seary ûnder de titel ,De Zandduivel’, de troch J. Dykstra forsoarge Nederlânske oersetting fan Abe Brouwer syn roman ‘De Sânduvel’ forskine. It is yn it Frysk yn boekfoarm noch net forskynd, mar stie neist in jiermennich as feuilleton yn Frysk en Frjj. - Marten Sikkema sil, yn de Reiddomprige, in bundel fan syn bêste koarte forhalen útjaen. De titel sil wêze: ‘De slach forlern’. - Yn de 117de jiergong fan De Gids, dy't nou wer by Van Kampen forskynt, sil yn forfolgen in roman fan Marnix Gijsen: Er gebeurt nooit iets, pleatst wurde en fierder fragminten út in deiboek fan Slauerhoff. - Yn Het Vrije Volk is okkerdeis oankundige, yn de jiergong 1954 sil Anne Wadman artikels skriuwe oer de opkomst fan de arbeidersbiweging, en dr Fokke Sierksma oer ‘Sociologie en Friese Beweging’ en ‘Friezen en Navalo-Indianen’. - Gerrit Borgers hat fan de Jan Campertstichting opdracht krige, in stúdzje to skriuwen oer Paul van Ostayen.
FREARK DAM.