De Tsjerne. Jaargang 9(1954)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 46] [p. 46] Hindrik J. Brouwer: Paradise lost. O parken fan nocht en fan pracht, dêr't ik net mear fan sjonge mei - hoe treastleas wurdt my de nacht, as ik tink oan jim ljochte dei. De keamer is leech en skier; fan it feest bleau in ôftúgde beam, hwat slingers, hwat ingelehier; keale raffels fan bernetiids dream. Troch de triedden in blêd sûnder stjûr fan 'e winterske beam of foel; 't hurde ramt fan 'e nerven bleau oer; dêr tusken fordroege 't gefoel. Wie 'k mar ienf dy 't biret en astrant 't knyft tusken de tosken nimt en - birikt ea ien d' oare kant? - manmoedich de iissé op swimt! Vorige Volgende